Bijna 100 jaar slagerij aan de Waltawei

De slagerij uit 1953, toen Jan Tolsma hier begon. De bakfiets nog tegen de muur.

Vier slagers
Op de Waltawei 21 in Boazum heeft bijna honderd jaar een slagerij gestaan Daar hebben vier slagers hun brood verdiend.
Dat waren:

Reinder van Dijk 1902-1929

Slagerij vanaf 1902
De eerste slager op de Waltawei was Reinder van Dijk. Hij heeft de slagerij op de Waltawei laten bouwen. Dat was in 1902. Zijn vader Willem Lijkeles had eerder een slagerij en kleine boerderij voorbij de Tsjerkebuorren, zelfs nog voorbij het baarhokje van de Hervormde Kerk (nr 47 op het onderstaande kaartje). De slagerij is rond 1902 verplaatst naar de Waltawei. We kunnen alleen maar gissen naar de achterliggende redenen. Het is een mogelijkheid dat de nabijheid van het kerkhof een ongezonde plek voor een slagerij was. Het is ook mogelijk dat Vader Willem Lijkeles de kans kreeg om de slagerij centraler in het dorp te krijgen, namelijk op de doorgaande weg. Daar zat vast meer loop in de winkel. Te meer omdat er naar verluidt op de Tsjerkebuorren zelf ook slagerijen gezeten hebben op nr 16 en 14 (de nummers 56 en 49 op  het onderstaande kaartje).

 

De boerderij annex slagerij van Reinder van Dijk met huisnummer 47 achter de hervormde kerk.


De geboorteakte van Reinder v Dijk uit 1876. Uit deze akte blijkt dat zijn vader Willem Lijkeles ook al slager in Boazum was. Toen Willem de slagerij van zijn vader overnam, ging zijn vader Reinder van Dijk wonen aan de Waltawei 29.

Willem van Dijk 1929-1953,
De advertentie in de Leeuwarder Courant bij gelegenheid van de geboorte van Willem

 

Willem van Dijk is geboren op 19-12-1902 en overleden op 08-08-1987. Zijn vrouw Joukje Holster is geboren 09-09-1903 en overleden op 08-09-1984. Ze hadden twee dochters Anneke en Reino.
Hij had veel klanten in Oosterwierum, Deersum en Scharnegoutum. Op de fiets bezocht hij ze. Bij grote drukte hielp Seije Halbersma hem. Seije had een slagerij in Wieuwerd en wist dus van wanten. In de oorlog van 1940-1945 hielp Job Dijkstra hem. Job Dijkstra kocht na de oorlog een slagerij op Tjerkebuorren 18 (waar nu Ben Voulon woont).

Wijlen Jan Zantema heeft in 1982 voor de Doarpsskille Willem van Dijk, de voorganger van slager Jan Tolsma, geïnterviewd. Daarin werden diverse onderwerpen aangesneden. Hieronder volgt het deel over de slagerij.

“Us pake wenne op it Tsjerkhofsein. Hy hie in hok mei in stik of seis kij op it plak njonken wêr ’t no it baarhokje stiet. Hy hie ek in slachterij. Doe’t heit troude, liet er in nije slachterij sette. Dat waard de slachterij dy’t der no noch is. Dit barde even nei 1900. Hy waard slachter dêr die der oars neat mear by. Hy lei him alhiel út op syn fak en woe ek net mear oan needslachting dwaan; dit waard as wat minderwaardichs beskôge.

Oernimmen fan é saak
It gong doe sa: jo moasten thús helpe en groeiden sa as fansels yn de saak. Om wat oars, dêr waard eins net iens oer prakkeseare. Willem hie oars wol sa leaf yn de buorkerij wollen, mar dat siet der net yn. De saak oernimme en fuortsette, dat wie it paroal. Wol hat er it melken leard, dat hearde der ek sa’n  bytsje by earder. Syn boer wie Steenhuizen op’e pleats dêr’t no Piersma buorket [doe! No: Postma].

Willem van Dijk met koe die geslacht gaat worden.

It slachtsjen
It slachtsjen die men yn ‘e mande mei oare slachters. “Ik ha jierren slachte mei Sibren van der Schaaf fan Tersoal. Foar de oarloch (tink der om: dat is de Earste Wrâldoarloch!) Slachten wy mei syn trijen, de twa oaren wiene slachters út Easterein en Wommels. Freeds waard der op’e merk te Ljouwert in ko kocht en dy waard dan de middeis slachte; de iene wyks yn Boazum, de oare wike yn Easterein en dan yn Wommels, sa bar om bar. Elke slachter krige in bout. De fjirde waard ferparte.  As der yn Wommels of Easterein slachte waard, helle ús heit de sneontomoarns it fleis op mei de hûnekarre. Ik gong al ridlike gau mei en dat wie dan in spultsje: om fiif oere fuort, om healwei achten wer thús. Yn Easterein wie steefêst de kofje brún, ik krige der dan twa stikjes bôle bij. Ien mei sûker en ien mei ljirre. It wie in âlderwetske slachter, de ljirre waard noch mei it mes snien. Dat jo sokke dingen allegearre ûnthâlde no?”

Kuolling fan it fleis
It wie in hele toer om it fleis goed te hâlden. It moast sa gau mooglik de doar wer út, want kuolling wie der noch net.
“Twa keer yn ‘e wike kaam de iisauto fan de Köop. Slachterij út Akkrum. Der waarden staven iis brocht, dyt yn in hokje njonken it fleis kamen. By’t simmerdei wie dit soms noch te min. Ik moast dan nei Snits op’e fyts en helle yn in sek nije staven iis”.

Folchoarder fan fleis ferkeapje
It wie in stielen wet dat bij it útbonkjen earst de foarbouten kamen. Dy moasten earst de doar útwêze foar’t men de achterbouten ûnder hannen naam. Dêr siet it moaiste fleis en oars bleau it mindere fan de foarbouten te lang lizzen en bedoar… “Mar ja, de tiden feroaren, de minsken woene meager fleis ha, dat der wie net altyd oan fêst te hâlden. “Ik wit noch dat ik oan it útbonkjen wie mei in achterbout wylst de foarbout de doar noch net út wie. Us Heit wie der doe al út en wenne yn it hûs wêr’t no Tsearde’Hil [Waltawei 29, no Sibolt en Sjoukje Nauta] wennet. Fansels kaam er noch gauris oan, mar dizze kear net lang. Hy sloep de winkel yn, seach wêr’t ik mei dwaande wie, draaide him om en verdwûn. Dit dwaan fan syn soan en opfolger koe gjin kant út en thús sei er dat it mei Willem syn saak net klear kaam.” No, dat is wol in krom tafallen, want sawol de saak as Willem besteane noch altyd en de measte saken sawol al de measte minsken hâlde it sa lang net út.

Sjouke de Groot fan Weidum
Ja, ek de âlde slachters koene de nije tiid net keare. Sjouke de Groot fan Weidum koe dan wol sizze: “Ik lit it fet der on sitte, se frette it mar op”, de klant is noch altyd kening en dat wie doe ek al sa. Dizze Weidumer slachter hie wol mear eigenaardichheden: sa kocht er altyd op’e rûs fleis yn, it waard net woegen. It kin wat foar ha, mar ek wat tsjin fansels. Hy koe der alteast gjin gedonder mei ha.

Skiednis fan Waltawei 29

De pas gebouwde slagerij met woonhuis. De foto is van 1907.

“Doe’t wy trouden, kocht ús heit it hûs fan no Tseade Hil. (Waltawei 29 No Sybolt en Sjoukje) It waard ynskreaun op fl 2888,- en ús heit ferhege it mei in gûne. Earder wenne yn dit hûs in bakker, Pieter Reitsma. Dizze gong der út doe’t er de bakkerij fan Lok kocht. Jehannes de Groot hat der doe earst noch wenne.  Hy hie boer west op ‘e Syl, wêr’t no frou Hofma wennet (Griene Dyk) nofamilie Poelsma. De Groot krige tongblier ûnder it fee en dat betsjutte yn dy tiid de ein fan it hele beslach. De sike kij waarden ôfmakke en begroeven, de sûne waarden slachte en it fleis ferkocht. Dat slachtsjen barde by Theunis Bos yn de trochreed. [Sylsterdyk 2a, No Gryt van der Wal, doe it Stationskofjehûs].  Letter kamen der by tongblier grutte plakkaten op’e hikke. Men mocht der dan net komme fanwege besmetting. Dizze Jehannes de Groot is letter nei Grou gongen, dêr ’t er wer bourkerij hie. It hûs waard doe kocht troch Jaring Wiersma foar fl 8.000,-. Hy boude der noch in hok by foar fl 1.000,- dêr’t er kij yn hie. Wierma hie in pear stikjes lân dat op nei Simen de Jong [Singel3, Pyt de Boer] en hy gong dan mei syn soan Klaas dêr hinne te melken mei jok en amers. Doe’t Jaring stoar kaam de soan bij de gemeente en it hus waard ferkocht. Us heit kocht it doe foar fl 2889,-

Jaloers…
It wie slim, hoe’t de minsken neiriden waarden. De lytste lúkse waard de minsken  faaks al misgund en útlein as dat is jen te goed gong. Van Dyk fertelt fan in suteler dy’t nei de oarloch in solex kocht. De bestellingen wiene, teminsten yn it earstoan, dúdlik leger as oars.

Súteljen
It suteljen gong meast mei de transportfyts. Dat wie in hiel geswalk, benammen omt men faak troch it lân moast, mei gâns hikken. Fan Wiuwert nei Jeth wiene der wol in stik as tolve. “Ik kaam ris fan Jeth ôf en doe wie it al tsjuster. Der lei snie en iis en alles wie gelyk. Ik rekke doe it paad bjuster en it duorre heel wat foar’t ik, my oriëntearjend op de ljochten fan Wiuwert en Britswert, wer op it rjochte paad wie.” By de pleats fan Durk Fopma wiene barten oer de Jetsterfeart en dêr njonken wie in draai. No wiene de barten faak ôf en oer sa’n draai wie in hiel gegûchel. “Ik moast doe ris woarst nei dy pleats bringe, dy hiene wy altyd in margarinekistkes. Doe’t ik op’e draai wie, makkeit stjoer in gisel en alle woarsten rekken yn de Jetsterfeart. Dat like net bêst fansels. No lei der tichte by in skou. Ik der hinne, foarsichtich nei it plak dêr’t de woarsten dreaune, de hannen der ûnder en sa waarden se wer optakele. Ik ha earlijk tsjin de boerinne sein hoe en wat, hja makket der gjin drama fan.”
Foar de fierste klant moast ik nei de Gauster slús. Dat is alhiel bij de Snitser Mar, en der rûn doe noch net in dyk hinne. Ik levere dêr dan sa’n 25-30 pûn fleis ôf yn ien loop. En dat moast ek wol, want je wiene der in middeiskoft mei ûnder de pannen.  Simmerdeis gong it noch wol, dan koe met fytsend de polderdyk lâns, mar bij’t winterdei wie it faak in spultsje fan rinnende troch it lân.

By de boeren slachsje
By de boeren slachsje yn’e hjerst ha ik noch wol mei ús heit dien. Letter mocht it net mear fanwege de keuringstsjinst. De baarch waard dan earst stútsen en kaam op in barte te lizzen. De boerinne hie de hantsjettelsmei sierend wetter klear en dan waard der broeiden skeard. Hjirnei waard de baarch út elkoar snien en it fleis kam yn’e kelder. Fryske bargen hiene mear hier en dat waerd bewarre om der boarstels fan te meitsjen. Wy reisgen dan sa fan de iene boer nei de oare. It folk koe op’e baarch riede, it gewicht dan. Wa’t der it tichtste by siet krige in gebradenstsje mei nei hûs. In’e Wâlden wie dat thús

Jan Tolsma de opvolger van de slagers Van Dijk.

Jan Tolsma, slager van 1953 tot in 1982

In de zomer van 1953 komt de familie Tolsma aan de Waltawei 21 te wonen. Dat zijn vader Jan Tolsma, moeder Henny Frolich, de kinderen Andries, Maaike en Frans.
Jan Tolsma heeft de slagerij van Willem van Dijk overgenomen, die de nering van 1929 tot 1953 bestierde.
Als je de winkel aan de Waltawei binnen kwam, zag je onder het balkenplafond geschilderde koeien en varkenskoppen met daaronder een donkerrode lijst. In de etalage staan beeldjes van een koe en een varken. Aan een verchroomde stang hing droge worst en rookvlees. Geen twijfel mogelijk: dit is een slagerij.

Links staat de toonbank met een klein lichtpeertje er boven. Een koelcel van twee bij twee meter maakt de slagerij compleet.

Slachten
Zoals in vroeger dagen gebruikelijk was, werd er niet alleen vlees verkocht, maar er werd ook geslacht. Achter de winkel was de slachtplaats waar op maandag en dinsdag koeien en varkens werden geslacht. Het slachtvee komt van de dinsdagse veemarkt in Sneek of wordt gekocht bij boeren in de buurt.

Leverworst
In de grote kookpot op de slachtplaats werd leverworst gekookt. De kookpot werd verwarmd met turf en eikenhout. De rook die daarbij vrijkomt werd naar de rookhokken boven in het huis geleid. Ook de rook van de houtkachel in de woning ging naar de rookhokken. In de rookhokken werden droge worst, spek en rookvlees gerookt. Daar boven waren trouwens ook twee slaapkamers…
Vanuit de slachtplaats kon je via een deur naar buiten. Door die deur kwam het vee binnen. En er zijn deuren naar de keuken, naar de tuin en naar de trap naar boven.
De keuken was klein met aansluitend een achterkamer. In deze achterkamer zat een deur naar de kelder waar de pekelton voor het spek het pekel- en rookvlees stond.
In de achterkamer was een deur naar het alkoof met een opgang van twee treden naar de bedstee. Een andere deur geeft toegang tot de voorkamer.
Ford Anglia
In het begin ging slager Jan Tolsma op de fiets naar zijn klanten in Wieuwerd, Britswerd, Oosterwierum en Deersum. Jaren later met de bromfiets. En vanaf 1964 met de auto. De eerste auto was een tweedehands Ford Anglia. Een hele verbetering, vooral in de winter. Dankzij het gemotoriseerd vervoer kreeg hij meer klanten. Tot in Mantgum en Weidum, waar de slagers in de gemeente bij toerbeurt een half jaar lang  aan het rusthuis Nij Dekema het vlees mochten leveren.

Jan en Henny Tolsma in de nieuwe slagerij.

De winkel werd in 1966 grondig verbouwd. Er kwam een nieuwe toonbank, met veel glas. Een vrieskist waar veel nieuwe producten in kwamen, zoals groente ijs en snacks. Ook werd een nieuwe snijmachine geplaatst voor het snijden van vleeswaren. In 1982 ging Jan met pensioen. Ze verhuisden naar de Tanialeane 2, nog geen 50 meter verder. In de nieuw gebouwde premie A woning.

Lykle Galama

Lykle Galema 1982-2008.


Lykle werkte als slager in een supermarkt in Franeker en wilde graag als zelfstandige slager aan de gang. Zodat hij zijn plan om ook een rokerij voor droge worst kon opzetten. In die zin volgde hij Jan Tolsma ook op, omdat die ook veel droge worst aan de cafés in de omtrek verkocht. Lykele had bij hem thuis in Weidum ook al een kleine rokerij in de schuur opgezet. Nu kon hij het hier professioneler opzetten. Daarnaast had hij om de loop van nieuwe klanten er in te krijgen, veel aanbiedingen van vleespakketten. Omdat hij vooral zijn aandacht besteedde aan het roken van de worst, verdween langzaamaan de loop uit de winkel. In 2008 is hij overleden.
De winkel werd later verkocht aan Germ en Sabina Jaarsma.
Zij hebben de winkel en het woonhuisgedeelte langzaamaan verbouwd naar hun zin.

De oude slagerij zoals die er in 2019 uitziet