De Tryntsjebuorren en har bewenners, troch de jierren hinne.

De Tryntsjebuorren en harren bewenners:

foto makke 90er jierren stiet op it hûs van van Brummelen. Foto Sjoerd Punter

De namme Tryntsjebuorren is ûntstien doe’t de strjitnammen yn Boazum kamen.  Dat wie in 1972. Yn de folksmûle waard dit altyd al sa neamt omdat der ferskate Tryntsjes yn dizze  strjitte wenne ha.   Bastiaan de Waard syn earste en tredde frou wiene Tryntsjes. Germ Wassenaars Tryntsje,  Nelis Dijkstra syn earste frou wie in Tryntsje,  De widdo fan Louw de Jong (pake van Ulbe) hjitte ek Tryntsje en de suster fan Tibbersma  (De klearmakker)hjitte ek Tryntsje.

Earst wat algemiene plaatsjes fan de Tryntsjebuorren.  Hoe as dat der eartiids hinne lei en noch leit.

 

762, 763 en 764 is it kaartsje fan de pleats, Tryntsjebuorren 2.  675 is Tryntsjebuorren 1 no famylje Kampen. ein 19e ieuw. detail fan de Kadastrale Hulpkaart 56 fan desimber 1882. nota bene, it strjitsje  Tryntsjebuorren bestie doe noch net!  De bewenners hiene it rjocht fan oerpaad  om by elkoar oer it hiem te gean. “(Van  en naar de publieken weg’ over elkaars eigendommen”).

 

sicht fanôf de Havens. plusm 1996 foto Sjoerd Punter

 

Sicht fanôf de Havens no. Dit is no de foarkant fan de wenning  Tryntsjebuorren 2 (no nog Maarten en Leonie de Jong). Doe de achterkant fan de pleats . Onwerkenber. Rjochts it Heech.

 

Oanliz  riolering yn de Tryntsjebuorren 1955. links achter Pier Wynia.

Op de groepsfoto makke sa om 1909 hinne kin men noch krekt in stikje fan de syddoar sjen fan no.8 (hûs fan Michel en Elly de Jong).   Rjochts de klimop fan it hûs no van Brummelen. En dan it hûs fan no Jan Venema. Doe Nelis Dijkstra.

Op dizze foto steane Sybren Wijnia mei syn frou Lolkje  links boppe oan. (Dat wiene de pake en  beppe fan Lolkje en Siepie). De lytse bern binnen Griet Santema (Yme-Griet) Folkertje Ferwerda (dochter fan Jelle en Aaltsje). De jonge is Hendrik Tippersma hie in handicap en rûn mei krukken. En Tryntsje van der Meer.  De oare nammen binne net bekend.

Dan begjinne fan ôf de Waltawei oan de linkerkant. Nûmer 8

Op de hoeke stiet it hûs fan no Michel en Elly de Jong. Doe’t dizze foto makke is, sa om 1920 hinne stie de âlde gevel der noch foar. Yn 1939 binne de foar- en achtergevel oplutsen. En sa sjocht it der hjoed-de-dei noch út.  De foardoar siet doe noch oan de Waltawei side, mar no dus oan de Tryntsjebuorren. It hûs waard yn 2en bewenne.  Der siet doe ek  noch in doar  oan de kant fan de Tryntsjebuorren. Op de foto steane Fetsje de Vries-IJskamp rjochts, sy wie de beppe fan Dieuwke. Links stiet Wytske Douma Zijlstra. Dizze famylje wenne oan de achterkant. Hja wie de mem fan Beint Douma, de smid.  Syn bedriuw wie no it hûs fan Freerk en Wieke Andree.

foarkant Tryntsjebuorren 1908.
bewenner Ate de Vries skildert hjir syn mem. Fetsje de Vries-IJskamp.

Sa om 1900 hinne ha se hiel wat hierders hân.  It wie in keamer mei in gong en boppe sliepplak  De earste dy’t bekend is wie Hendrik Johannes van Gelderop mei in dochter. Se wiene der faaks mar in pear jier. De hier wie doe 65 gûne. Wat jierren letter kamen Sipke en Wytske Douma der te wenjen.  Mei  troch de minne tiid wie de hier al sakke nei 25 gûne. Hja wennen hjir oant 1903. Hessel en Tjitske Walinga ha der ek noch in pear jiren wenne. En ek Germ  Wassenaar mei syn frou Tryntsje. (ien fan de Tryntsjes). Sa skarrelen se troch de tiid. Oant nei de 1e wrâldkriich doe’t Ate de saak oernaam, en de ferhier ophalde. Beppe Fetsje hat der doe noch in skoftke wenne.

Oare kear meer.