Dr.Miedemastraat 12

 

Dr.Miedemastrjitte 12.

tekening fan 1900, links it  hûs fan de famylje Rutten, dan it pand dat  ôfbrutsen  is. Wie eartiids in smederij, dan it lytse hûske ek ôfbrutsen , en wer opbout is yn 1916. No  dus nr. 12 fan Nelie Feenstra.

dizze foto is fan 1909 . Oan  de rjochterkant fan de Miedemastrjitte is noch neat bout. der’t it krúske stiet is dus nr. 12. Mei it úthangboerd fan skilders Tjallema.

 

Soms tink je wol ris, as in hûs ris prate koe, wat soe dy allegearre fertelle kinne, wat der yn al dy jierren bart is.
It oarspronkelijke hûs op nr 12 stiet der net mear. Wol witte we , sûnt 1832 it kadaster oprjochte is, der al in hûs stie. Sjoch op de tekeningen. Nr. 6, 8 en 10 wiene noch net bout mar wol nr. 2 en 4 .

hulpkaar 1832 kadastraal 414 nr.

De bewenners binne ek bekend. Dat wiene in Pieter Folkerts Meilema (Skipper) Se wennen der ek al yn 1830 ( sjoch de adfertinsje yn de Ljouwerter Krante oer de ferkeap fan it Veerskip.

út de Ljouwerter Krante 1831

En se wiene ek al Boazumers, want yn 1811, doe’t de efternammen kamen wie hij al bekend.

kopie fan 1813, doe’t elk in efternamme krige, sa ek dizze famylje . Wennen dus doe al yn Boazum

Pieter Meilema wie skipper. Hij hie 4 bêrn, u.o. Folkert Pieters Meilema (frijfeint) en dochter Tryntsje Pieters Meilema. Hja hie it fruchtgebrûk en troude yn 1836 mei Gerrit Tjallema. Dan komt de namme Tjallema der dus bij . Se krigen 6 bêrn . Hij is koopman en harren soan Gerrit Pieters Tjallema trout yn 1862 mei Ruurdje Petrus Cuperus. Dan stiet der dus verver achter syn namme.

trouakte fan Gerrit Pieters Meilema en Ruurdje Petrus Cuperus.

Gerrit Tjallema stjêrt yn 1881 en dan bliuwt Ruurdje der mei de bêrn wenjen. U.o. mei Pieter Gerrits Tjallema berne yn 1863 de âldste soan en Ruurd bêrne yn 1878, Achter Ruurdsje har namme stiet dan ek ververske. En Pieter en Ruurd binne beide verver.

 

út de Ljouwerter Krante . Gerrit Pieters wie dus doe noch mar 44 jier.

 

Dizze foto is dus fan foar 1915, want doe is nr 12  ôfbrutsen. De middenstand stiet op dizze foto. Sil dus grif ek in Tjallema by stien ha.

 

Om 1900 hinne giet earst Ruurd nei Snits, om der yn de ferve fierder te gean. Letter geane de oaren om 1915 ek nei Snits. Se nimme de fervefabriek fan M.J.Houwink oer en geane ûnder de namme Speurder troch. Sjoch ús eardere item oer de Flexa (Tjallema,s)

dit is Ruurd Tjallema , wie doe directeur Tjallema, letter Flexa
It  bekende blikje ferve merk Speurder ( neamt nei de hûn fan de Tjallema’s).

It hûs wurdt dan ferkocht oan Sijbetje Hessels Wiersma.
Sijbetje lit it besteande hûs ôfbrekke en yn 1916 wurdt der in nij hûs bout. En der is oan’t no ta net folle feroare oan de bûtenkant.
Sijbetje is berne yn 1873, wie in ûngetroude suster fan Pietje Hessels Wiersma. De lêstneamde wie trout met Gerrit Feites Hofman. Dat wiene de âlders fan Feite en Riemke Hofman oan de Slachtedyk ( No de pleats fan Gerben en Wimke de Boer van der Wal)
Sijbetje ferkocht har oandiel fan de pleats har heit Hessel Wiersma op de Slachtedyk oan har sweager

it hûs wie krekt bout, en de muoikesizzers Feike en Riemke Hofman gean efkes mei Sijbetje op de foto

 

de kadastrale tekening 1916. De iene fan it pand dat er stie, en de oareis fan de nij boude wente. De stege dy’t der no noch altyd is wat smeller wurden.

Foto tante en Feite en zuster Riemke ( Feite en Riemke trouden beide net en bleaunen beide buorkjen op de pleats op de Slachtedyk.
It hûs die doe tige fernaam oan,  mei de moaie hege gevel. En noch kin it besjen lije. It hûs hat oan de rjochterkant in hiele lange gong, en oan de linkerkant de wenkeamer mei noch de âlde skodoar. Der binne boppen en ûnder moaie ramen yn ferwurke. Mei prachtig etswurk. En gekleurd glês. Dat gekleurde glês wurdt hast net mear makke. Alles is noch krekt sa,  as it bout is. De etsramen (jugendstil) binne makke troch de Snitser glêsfibrikant M.J.Houwink, en it ûntwerp wie fan Röfekamp. Röfekamp wie in hiele goede tekenaar yn die tiid.

 

 

Sijbetje stoar yn 1939 en it hûs waard doe ferkocht oan Gerrit Cuperus fan stienhouwerij Cuperus . Syn famylje Cuperus wenne yn it hus oan de Waltawei ( no Wout en Gerrie) . En sa koene se moai mei elkoar op arbeidsje oan de grêfstiennen. Gerrit hat der wenne oan’t begjin 50er jierren. Gerrit ferhúse doe nei Drachten

 

de wenningen yn 1940 3e hûs.

 

Folkert Cuperus, de heit fan Gerrit Cuperus, Gerrit kocht it hûs dr.Miedemastrjitte 12 yn 1939.

It  hûs is noch wat jierren ferhiert oan de famylje Klaas Meyer. Hja wennen der mei 5 bern, en ferhúzen earst nei Snits en letter nei Wolvegea.

it personeel fan Stienhouwerij Cuperus. Pieter Ploegstra, man mei de bril is Klaas Meyer, bewenner fan nr. 12

Yn 1958  ferkeapet Cuperus it hûs mei de bedriuwshokken  oan famylje Marten en Richt van der Veen.Hja starten hjir doe mei in leanbedriuw. De bekendste feint wie Klaas Veenstra fan Wiuwert.

Yn 1963 ha’t de famylje de boel oerdien oan Gatse en Stien Boomsma mei har beide famkes. Boomsma sette it leanbedriuw troch mei wat personiel.

Foto makke yn de tún fan Waltawei 12. Makke troch Simon van Dijk. Op de eftergrûn steane de hokken en trekkers fan it leanbedriuw. No stiet der neat meer.

 

 

foto fan 1967 de frou fan Gatze ( Stien) tegearre mei Jakle Boukje op nei it feestterrein.

 

 Personiel frege

Yn 1968 moasten alle bewenners oan de even kant in stik fan harren tún ynleverje, omdat de strjitte te smel waard foar it ferkear. Sjoch de tekening. Alle wenningen krigen doe sa’n rare reade stikelhage. No it autoblik der stiet is de strjitte wer like smel!!!!

strjitte ferbreding yn 1968.

Yn 1970 krige Gatze it yn de holle om dochs boer te wurden en wol yn Dútsklan ( Oldenburg). Tegearre mei harren freonen/personiel Ate en Lipkje Douma ( hûs Nieuwenhuis) doarsten se de stap te weagjen.
It hûs is doe ferkocht oan de famylje Frederik en Ada van Batenburg.

 

 

Ets makke troch Frederik van Batenburg, bewenner fan de dr.Miedemastrjitte 12

 

Frederik wie leraer en keunstner en hat ek wol etsen fan Boazum makke. Yn 1976 ferhúzen se nei Ljouwert en waard it in wenplak foar Johan Nieuwland en Janny Bruining mei har beide bêrn.
Neidat Johan út Boazum fuortgie, bleaun Janny mei de beide jongen Ilja en Pascal yn Boazum wenjen. Janny krige in fêste oanstelling oan de doe noch beukerskoalle en koe sa har brea fertsjinje. Doe’’t se gjin skoaljuffer mear wie, is se yn 2004 nei Ljouwert gongen te wenjen.

Jannie mei de bern fan de beukerskoalle 1980

 

Der kaam wer in skoaljuffer te wenjen, en wol Nelie Bruinsma mei har man Jan Veenstra en de dochters Michelle en Houkje.

Jan ferstoan yn 2006, mar Nelie wennet der no noch altyd mei de bern.

No yn 2022 en hûndert jier letter, is it oansicht hast noch nea feroare,

We misse noch wol wat famyljefoto’s fan de bewenners, it soe moai wêze as der noch ris wat loskomt. Lit it ús witte.

 

Sicht fanôf it Skoalleplein begjin 1900. De iepenbiere skoalle fan 1873 , mei it âlde skoallehûs. En hielendal oan de ein al de slachterij , dy’t doe krekt bout wie.

Noch ien foto omdat der sa moai  sjen lit hoe as it der eartiids útseach en no fan de kant fan it Altaplein. It is in skets fan Ate de Vries, eardere skilder fan Boazum.

Mei dank oan Hessel foar de kaarten, Frans foar de foto’s en oan Nelie dat ik foto’s meitsje mocht fan de binnenramen.

Teatske