Gereformeerde Kerk 1940-1950 door Jacob Bijlsma Franeker.

Boazumer griffemearden yn de jierren 40 -50

Deze foto werd gemaakt bij de laatste dienst in 1992.

 

Skiednis yn it koart fan 1800 oant 1953
Protestant Nederlân kaam út de Napoleontyske tiid mei in haadrjochting , de saneamde “Nederduitse Gereformeerde Kerk”, wat letter waard dit “De Nederlands Hervormde Kerk” Der kaam in beweging fan verlichte Bybelinterpretatie .
Protte minsken hiene har beswieren hjir tsjin en sa ûntstie de “Afscheiding” yn 1834 mei in haadrol foar ds. De Cock fan Ulrum, wertroch oer it hiele lân nije tsjerkmienskippen oprjochte waerden die’t yn 1854 de namme “Christelijk Gereformeerde Kerk” krige.

Interieur, met de mooie gekleurde ramen. foto 1992 met Ane Lanting

Toen de frijsinnichheit al mar meer yngong krige yn de Ned.Herv.Tsjerke, makken de rjochtsinnigen op hun beurt har los fan de Ned.Herv.Tsjerke. Dit waerd neamt de Doleantie yn it jier 1886.
Inkele jierren letter, yn 1892 foarmen dizze saneamde Dolerenden togearre mei de Chr.geref. (Afgescheidenen) de “Gereformeerde Kerken Nederland”
Ik kom út sa’n griffemeerd nêst. Myn Pake’s en Beppe’s hiene de earder neamde doleantie fan tichteby en fan ferhalen fan harren âlders meikriigen en wer trochjûn oan harren bern , myn Heit Johannes Bylsma en Jantsje Kingma.
Ek yn it libben fan myn Heit en Mem sil it leauwe en wat der mei gear hinget wol wat feroaringen trochmakke hawwe, mar yn ús jonge jierren wie it leauwe aerdich ticht timmere mei fêste regels. San bytsje alles lei fêst en der wiene protte gebrûken wer’t je as grifformearde net ûnder út kamen.
Sneins twa kear nei tsjerke, lid wurde fan de jongereinsferiening of manneferiening. Gjin seks foar it houlik. Iepenbiere beliidenis fan je leauwen rûn je tweintichste jier, dernei hoechden je net mear nei de kategesaasje. De bern dope op de earste snein nei dat se berne wiene, de frou noch yn it kreambêd meastentiids. Op snein: net fytse, reedryde, autoryde, gjin hannel op snein, net mekanodoos boartsje, want dat wie konstruksjewurk. De froulje net naaie of breidzje, en sa kin je noch wol efkes trochgean. As bern fûnen wy dat allegearre hiel gewoan, natuerlyk net alles like “leuk”, mar dat wurd wie doe noch net echt útfûn.

De laatste dienst. Met Hains de Vries achter het orgel.

Yn Boazum wiene trije tsjerken en wol : ús griffermearde tsjerke en dan de Greate tsjerke, dat wie de tsjerke mei de toer en krekt as yn alle doarpen wie dat de “Nederlands Hervormde kerk” , meastal frijsinnich herfoarmd neamd. Dan hiene je yn folle doarpen lyk as Boazum ek noch de saneamde “ Mûzefalle of it lokaeltsje” , hjir tsjerken de ”rjochtsinnich” herfoarmden dy’t earder net meigien wiene yn de Doleantie mar har net fine koene yn de frysinnige lear. Wy hiene in “School met den Bijbel” wer’t wy hinne giene en ek de bern fan de rjochtsinnig herfoarmde minsken. De bern fan de leden fan de Greate tsjerke gyngen nei de “Openbare” skoalle, lyk as de bern fan âlders dy’t bûtentsjerkelik of “neat”wiene. Allegearre wa’t der hinne giene of hielendal net oanslúten wiene by in tsjerke neamden wy de “Openbaren”. Wy wiene der as bern seker fan dat dy nei de hel giene en wy nei de himel. Yn it doarp hieten wy de finen en de openbare minsken de grauen. Der wie in gesegde: ”Fine jerten binne net te fretten, mar graue jerten der smore je yn”.
De griffemearden wiene it strengst yn de leer, dernei kamen de rjochtsinnig herfoarmen. Griffemearden en rjochts.herf. mochten wol mei inoar nei ien skoalle, mar absolút, as se wat âlder waren, by foarbyld gjin ferkearing mei mekoar, lit stean trouwe! De minsken fan de Greate tsjerke mochten mei Krystiid in krystbeam yn é hûs, de rjochts. herf. inkele kearsen en wy neat, of op syn heechst in út skoalle wei meinommen kearske yn in stander makke fan in útboarre heale earappel mei grien crêpepapier. Yn de “Mûzefalle, ek wol it Lokaeltsje neamd” mochten wy by útsundering, toen we wat grutter wiene, nei in echt Krystfeest en dêre krigen wy ús earste sinaasappel!
Yn it griffemearde tsjerkje wie mei Krystiid sels net in kearske of wat dan ek mar oan fersiering te finen.
Fan eltsenien dy’t by jo tsjerke hearde waard ferwachte eltse Snein twa kear yn tsjerke te kommen. Bleauwen je wei en wiene je net siik of sawat, of in kear útfanhûs, dan wurden jo der wol op oansprutsen. De sosjale kontrôle wie yn sa’n lytse mienskip hiel grut.

De preekstoel.

De dûmnje yn sa’n lyts frysk doarp wie faeks noch hiel jong, kaem soms as saneamde “Kandidaat” as krekt ôfstudearre studint yn syn earste gemeente. Sa komt my ds. W. Baas yn it sin dy’t as miskien 24-jierrige jongeman yn Boazum kaem te “stean”. Earder wiene hy en syn jonge frou noch nea yn Fryslân west, se kamen ergens út Hollân en koene de Fryske tael net iens ferstean. Toen “Mevrouw” mei opferve lippen yn tsjerke kaem joech dat in hiele opskuor. Op de tsjerkerie-fergadering is der toen swier praten of’t sy net keard wurde moast oan it jounsmiel, want dit feit fan reade lippen wie in slim teken fan “wereldgelijkvormigheid” Lokkich foar it jonge stel wiene der ek yn Boazum tsjerkeleden dy’t dat fjirstentefier gie en rûn it mei in sisser ôf.

Het doopvont.

Fan myn generaasje mei sa’n eftergroun fan “strenge “ opfoeding yn it leauwen binne der noch al wat dy’t dat ûndergien ha as tige drukkend, inkelden binne hun libben lang der troch frustearre of ôfheakke fan it leauwen. Sels haw ik dat goed relativearje kind, jo moatte dat sjen yn de tiid, eltse generaasje hat syn eigen gewoontes en tiidgeast en handelet der neffens.

Noch in lytse oanfulling fan myn kant.  It ferskil mei de Grifformearde tsjerke mei it lokaal ( Evangelisaasjegebou )  wie  dat der yn it lokaal net doopt wurde mocht en ek gjin nachtmiel.  It dopen waard dien yn Easterwierrum as yn de grutte Tsjerke. Sa ek it nachtmiel.  Trouwe mocht dan wol wer as ha ik dat yn de 50er jierren en letter net meimakke. It barde meastentiids yn de grutte Tsjerke. Mar myn pake Jan en beppe Teatske binne wol yn it Evangelisaasjegebou trout.

ondertrouwkaart 1927 pake en beppe fan Teatske

Noch in pear alde foto’s fan de Grifformearde Tsjerke en in stikje fan de jongfeinteferiening Us Heit fan 1932.

een van de eerste foto’s van de nieuwgebouwde kerk.
foto 1992, duidelijk te zien het oude gedeelte kerk en de kerk zelf. Nu is de kerk afgebroken

 

met dank aan de LC van 1932 verslag van jubileum tijdsbeeld

Herinneringen: Jacob Bijlsma Franeker en gedeelte foto’s van Jacob Bijlsma

LC 1932.

Teatske