Herinneringen aan 1940-1945

 

foto van BJ Bouma

Oantinkens oan 1940-1945

Der binne no sa’n 75 jier lyn net safolle minsken mear dy’t oer dizze tiid fertelle kinne.  We ha de ferhalen dy’t we kinne al ris yn de Doarpsskille’s setten.  Oer it ferset mar benammen ek oer de ûnderdûk ferhalen.

De minsken praten der net oer, mar de measten sil wol witten ha dat der op ferskate pleatsen yn de omkriten manlju ferstoppe sieten.  Sa ek op de pleatsen fan Douwe Bakker ( de pake fan Cocky) en ek op de pleats fan Geert van der Meer (de pleats fan no Piet de Boer).  As bij dokter Miedema en op de souder fan de âlde iepenbiere skoalle.

Ek Joadske minsken koene hjir in feilich hinnekommen fine.  Sa as yn it hûs fan Reitse Sybesma, de broer fan Klaas Sybesma. Foar harren is it net goed ôfrûn.  Faaks troch minsken dy’t harren mûle foarbijpraten.  En in lyts Joads famke siet ûnderdûkt bij Jan en Annie de Vries (in part fan de pleats njonken de Gerifformearde tsjerke.  As der ûnrie wie, koe se binnentroch bij de koster Geert Zijlstra har ferskûlje yn de tsjerke. Mei har is it goed ôfrûn. Nei de oarloch is se mei har mem nei Australie gongen en in jier as 10 lien nochris yn Boazum west.

Ek kamen der bêrn út it westen wei hjirhinne, om’t der gjin iten mear wie. Tink oan de pake en beppesizzers út de famylje Wagenaar en oan Leo Witmondt, dy’t ûnderdak krige by de famylje Bokke Reitsma op it Tsjerkhôfsein. Syn heit wie fan Joadske komôf.  Mar syn mem wie in Amsterdamse.  Leo syn hiele famylje is omkommen yn Sobibor. Syn mem is nea oppakt.  Leo hie yn Boazum  in best plak en is altyd ferbûn bleaun mei de famylje Reitsma.

Hieronder it ferhaal fan Klaas Osinga.

Herinneringen aan de jaren 1944-1945.

In de laatste jaren van de oorlog heb ik in Bozum gewoond als bakkersknecht bij de familie Sipke Plat. De bakkerij was gevestigd aan de Haven. Een prachtig oud pand met een overdekte luifel naar de winkel. `Daar zwaaide Wietske de scepter. Wietske was tevens babyvangster, vroedvrouw dus. Sipke en Wietske waren hele beste mensen. Ze hadden 3 dochtertjes. Bakker Sipke is na de oorlog verhuisd naar Damwoude en later geëmigreerd naar Amerika. Sipkes vader Piet Plat kwam nog graag een kijkje nemen in de bakkerij. Pake Piet was een hele rustige man. Ik kan wel zeggen een wijze man.

De bakkerij had het uitzicht op de Haven. Links aan de Haven stond de smederij van Beint Douma en rechts de bakkerij van Cor Lok. Naast de bakkerij rechts woonde de winkelman Sybesma en aan de andere kant de boerderij van Stienstra. Stienstra had 2 dochters Eke en Trijntje. Trijntje was een hele vlotte meid. Trijntje heeft als dienstbode gewerkt bij bakker Plat.  Baas Sipke en mijn persoon hebben haar eens achterna gezeten met de rolstok. Dat liep toen mis, want zij vloog de winkel in bij Sybesma . En weg was onze prooi.

Bij bakker Lok woonde toen een heel lief meisje, Hiltsje Dijkstra . Vanaf mijn slaapkamer kon ik haar dan ijverig bezig zien.  Geen wonder dat het vonkje oversloeg en wij verkering kregen. Dat hebben wij anderhalf jaar volgehouden en toen kwam er een einde aan de oorlog en ook aan onze liefde.  In mijn tijd waren er drie kerkelijke richtingen en dus ook veel verdeeldheid.

De vrijzinnig hervormden (grote kerk), de Gereformeerden (kerkje midden in het dorp) en de rechtzinnig orthodoxe groepering (deze kerkten in het evangelisatie gebouw naast slager van Dijk).

Ook was er veel middenstand in Bozum. 2 cafés ( Jaap en Afke Wieringa  en bij het station Jaap Hoekstra). 2 Smederijen (Beint Douma en de gebroeders Anne en Krien Smit).  2 Winkeliers (Nolke en Wietske van Asperen en Sybesma). Manufacturen en drogisterij Anna Althuisius, 3 bakkers, (Karst Zwarteveen, Cor Lok en Sipke Plat).  Kapper Taaie Kooistra, 2 slagers (Van Dijk en Joris Wijnja) en een melkventer (Germ en Janke Wieringa). Er was ook een klompmakerij Bijlsma. We hadden een grafsteenmaker Couperus en een wagenmakerij (Hans Semplonius)  en een postkantoor (Kees Mollema)

Ook had Bozum een dokter (Miedema) en 2 vrachtrijders (Keuning en Sjoerd Dijkstra, 2 melkrijders met paard en wagen (Tjitse Dijkstra en Jaap Wieringa). Bozum was destijds een levendige gemeenschap. Er kwam ook alle dagen een postbode uit Deersum Hinne Koldijk. Deze mocht heel graag van gedachten wisselen met bakker Sipke. Hinne was Duitsgezind en Sipke Plat was werkzaam voor de ondergrondse. Het heeft nooit kwaad bloed gezet tussen die twee.

Als bakkersknecht heb ik heel wat gevent met de transportfiets. Alle kanten op, naar Blauwpandykhus, naar de wachtpost, de Flearen. Verder naar Indijk en Wieuwerd. Onder Wieuwerd midden in het land naar boer van Berkum. En dan nog naar de boerderijen onder Oosterwierum.  Ik vond het leuk werk en heb heel wat meegemaakt in die twee jaar. Vlak voor onze bakkerij werd een trein beschoten door de Engelse vliegtuigen (genaamd Tommy’s). De trein bleef stilstaan en na de beschieting gingen heel veel Bozumers een kijkje nemen.  Ik was als een van der eersten bij de trein en trof de zwaargewonde machinist aan. Deze heb ik voor op de transportfiets naar het dorp gebracht. Vandaar is hij met een auto naar het ziekenhuis in Sneek gebracht. Later is hij daar aan zijn verwondingen bezweken.  Ik ben toen teruggegaan naar de trein. De vliegtuigen kwamen terug om voor de 2e keer de trein te beschieten. De mensen vlogen alle kanten op. Enkelen sprongen gewond in de sloot. Het mag een wonder heten dat er verder geen ongelukken zijn gebeurd. Ik zag dat de kogels dwars door de trein en de rails gingen.

In het laatst van de oorlog hadden ze een torenwacht in Bozum. Bij toerbeurt hielden ze daar de wacht. Was er onraad dan werd er op een hoorn geblazen. Dan moesten we zien dat we wegkwamen. Iedereen had dan wel een schuilplaats. Wij hadden bij Hans Semplonius een hoge stapel dennentakken.  Daar middenin was mijn schuilplaats. Die dennentakken zaten vol met vlooien.  Bij de familie Plat waren ze daar niet blij mee. Gelukkig had ik er zelf weinig last van.

Woensdagsmiddags ging ik naar Oosterwierum naar een schoolmeester. Deze gaf les voor het middenstandsdiploma. Dat is mij noodlottig geworden. Er waren twee Duitse soldaten onderweg naar Bozum. Ik werd aangehouden en ben opgebracht naar Grouw. Eerst in de cel van het gemeentehuis en later in het Halbertsma huis. Daar zat het hoofdkwartier van de Duitsers. Ik had in de arbeidsdienst gemoeten, naar Nunspeet. Ze ontdekten dat ik een vervalst persoonsbewijs had. Dus was ik het bokje. ’s Nachts werd er in Irnsum een razzia gehouden. Daar zijn toen een man of acht opgepakt. Met de hele groep zijn we toen naar Leeuwarden gebracht en opgesloten in het huis van bewaring. Ik ben 10 dagen geïnterneerd geweest. In deze periode zijn er drie mannen uit onze cel doodgeschoten, als represaille. Ik heb dus ontzettend geluk gehad. Ze hebben mij vrij gekregen met hulp van de burgemeester van Mantgum. Deze schreef dat ik onmisbaar was voor de voedselvoorziening. Daarna ben ik voorgoed ondergedoken.

Dit waren zo maar wat herinneringen aan mijn tijd in Boazum.

Klaas Osinga 1925-2017.

Ek yn it boek fan Aly van der Mark “zo gelukkig dat we elkaar nog hebben”stiet in stikje oer de ûnderdûktiid op Kromwâl, mei in link nei Boazum.

Knul siet ek ûnderdûkt op de souder fan de eardere iepenbiere skoalle. En op Kromwâl  sieten ek folle mear minsken ferstoppe as sochten der in goed hinnekommen as der in razzia wie. Sa ek Piet Bakker en Sietse van der Weide:

Piet Bakker yn 1944 bij de Frentsjerterfeart op Kromwâl.  De heit fan Cocky.
Kromwal ûnderdûkers Jeen Veenstra en Sietse van der Weide (dizze wenne yn it hûs Waltawei 6 mei syn heit en mem.

Ek pake Jan Siderius hie mei it binnenfeartskip de Eben Haezer it aardich opredden. Hij lei ek mei it skip op Kromwâl ferskûle. Oan’t febrewaris 1945 doe’t er it dochs wer probearre.  Hij lei meit it skip yn Harns.  De Dútskers wiene fan plan om it skip daliks mei te nimmen, mar it wetter wie tige heech en doe koe it net ûnder de brêgen troch.  Doe krige der in Beschlagnahmeverfügung.  Mar hij tocht “Dat nea”.

Ek master Sytstra hie te krijen mei censuur fan de  Dútskers.  Hij skreaun revues yn dy tiid, mar dat moch samar net útfiert wurde. It skrift moast er opstjoere nei Ljouwert. Dan waard it der lêzen en as it harren net oanstie, moast it oanpast wurde. Hoop dat it noch yn bytsje dúdlik is.   (Dit skrift hawwe we krekt krigen fan Philippus Breuker).  Bij it trochlêzen kamen we dit tsjin.

it wurd Wilhelmus wie trochkrast mei reade pen
en dit wie de tastemming dat it mocht.

it persoansbewiis fan frou Lanting (Janke Siderius) mei de textielbonnen.

En 5 maie de flagge út !

befrijingsdei op de Polle 2015 foto BJ Bouma