In Gouden Iuw fol earmoed. Besprekkingen 

 

In de Leeuwarder Courant van vrijdag 15 januari 2021 stond op pagina 48 een artikel over Philippus Breuker en zijn nieuwe boek, De Gouden Iuw Yn Boazum.
De tekst is vanzelfsprekend van Sietse de Vries en niet van Hessel F. zoals in de aanhef staat!
Hieronder volgt het artikel in extenso.

In Gouden Iuw fol earmoed Tusken 1630 en 1650 giene de hieren en de belestingen omheech
Tekst Sietse de Vries

By de Gouden Iuw giet it meast oer Amsterdam en de
VOC, komselden oer de provinsje. Philippus Breuker
ûndersocht hoe’t it der yn de santjinde iuw yn
Fryslân om en ta gie. Yn it earste diel – De Gouden
Iuw yn Boazum – beskriuwt er it libben fan de gewoane
minsken.

meiwurker fan de Fryske Akademy en heechlearaar Fryske taal- en letterkunde mei er noch safolle boeken oer de Fryske literatuer skreaun hawwe, de rige publikaasjes oer de Fryske skiednis docht dêr amper foar ûnder. Foar in antwurd op de fraach wêr’t dy grutte belangstelling foar skiednis weikomt, giet Philippus Breuker (Skingen, 1939) werom nei syn bernetiid. ,,Soks hat mei jins wêzen te meitsjen. As bern wie der al ôfstân tusken my en de
werklikheid. Hoe’t dat komt? In kwestje fan psychology. Nim it ferskil tusken my en myn broers. Ik wie oars, ik boarte net folle. Ik mocht wol graach keatse, mar fierder strúnde ik leaver yn it lân om.’’
,,Yn groepen ha’k my noait thúsfield, ik praat leaver ien-op-ien mei minsken. Ik rûn ek altyd allinne nei skoalle. Myn frou komt, krekt as ik, út Skingen, dy wit dat noch wol. Hoe’t dat komt? Soks is oangeboaren neffens my. Ik ha de werklikheid noait serieus nommen, dy wie my te plat, te tafallich. Ik koe en kin net sûnder yllúzje, sûnder de dream. Dat skôgjende, dat ik fan natuere dus al ha, brocht my hast automatysk ta de fraach: hoe is de werklikheid ta stân kommen? Wat binne de patroanen ûnder alle tafallichheden dy’t dy werklikheid útmeitsje?’’

Untagonklik
Foar syn boek oer ‘it deistich libben fan gewoane minsken yn in doarpsmienskip’ – de ûndertitel – hat Breuker him doelbewust beheind ta Boazum. Yn 1963 waard er dêr haad fan ’e skoalle en sûnt is er dêr – mei in koarte ûnderbrekking – ek altyd wenjen bleaun. Feitlik is it foarwurk foar De Gouden Iuw yn Boazum yn 1963 al begûn. ,,It doarp kaam my frjemd oan. Ik wie opgroeid yn Skingen. Dêr wennen 150 minsken en koe ik elkenien. Yn Boazum wennen tusken de 400 en 500 minsken, it wie in sletten, ûntagonklik doarp. De minsken wiene foarsichtich, se seine net altyd wat se tochten. Ik moast earst har fertrouwen winne. Mar ik haw hjir fjouwer prachtige jierren hân as skoalmaster.’’
It wie ek de tiid dat Breuker syn histoarysk ûndersyk hieltyd serieuzere foarmen begûn oan te nimmen. Boazum wie in âld doarp mei in soad âlde huzen. In grut part dêrfan is yn de jierren sechstich en santich ôfbrutsen. Dat barde, seach er gauris mei eigen eagen, rûnom yn dy tiid. Alles wat âld wie waard ‘onbewoonbaar’ ferklearre, en gie plat. ,,Sûnt libje wy net mear yn in omjouwing mei skiednis, mar is alles om ús hinne nij. Wy hawwe it sels makke.’’
It duorre in pear jier, mar geandewei begûn er it lânskip om him hinne better te begripen. Sa foel him op in stuit it grutte ferskil yn struktuer op tusken it lân oan de iene en de oare kant fan de Slachtedyk. ,,De Slachtedyk foarme de skieding tusken it nijlân en it âlde terpelânskip fan de Middelsee. Mei dy kennis belibbest it strakke lânskip oare kant dyk oars.’’
De petearen mei de pleatslike húsdokter Klaas Sytze Miedema en de boeken dy’t er fan him liende wakkeren syn belangstelling foar de pleatslike skiednis noch fierder oan. It tafal woe boppedat dat fan gjin inkeld Frysk doarp sokke âlde tsjerkeboeken bewarre bleaun binne as fan Boazum. Neist de tsjerkeboeken fan 1515-1583 besteane ek de rekkenboeken fan de tsjerke fan 1620-1640 noch, twa seldsume boarnen dy’t fan grut belang west hawwe foar it skriuwen fan De Gouden Iuw yn Boazum .

Dynamysker
De iennichste boarnen binne it net. Yn 1963 is Breuker úteinset mei in reis sûnder ein by alle mooglike argiven lâns, fan de gemeente-argiven yn Mantgum en Raard oant it Ryksargyf yn De Haach. En yn it digitale tiidrek is ek it argyf fan it Fatikaan tichtby. Ut dy hûnderten losse fermeldingen rûnom wei hat er alle húshâldingen út it ferjittersboek helje kinnen dy’t yn 1640 yn it doarp wennen.
,,Tsien jier lyn tocht ik: ik ha safolle materiaal, as ik der no neat mei doch hat al it sammeljen om ’e nocht west. Yn 2011 bin ik út it bestjoer fan it Obe Postma-selskip stapt – dêr hie ik in soad tiid yn stutsen – en sûnt skriuw ik it iene boek nei it oare.’’ In tiidrek dêr’t er in soad materiaal oer hie en bûten syn dissertaasje ek noch hiel wat oer skreaun hie, wie de santjinde iuw. ,,Net dat ik dat sa’n ynteressante iuw fyn. It wie in tiid fan rykdom, alles gie goed. De sechstjinde iuw mei syn reformaasje en steatsfoarming wie in folle dynamysker tiid, itselde jildt foar de achttjinde iuw mei syn striid foar de boargerlike frijheid.’’
,,Oer Hollân en de VOC is in hiel soad bekend, ik ha my ôffrege wat spesifyk foar Fryslân wie as wy it oer de Gouden Iuw hawwe. Dat haw ik opsplitst yn hoe’t it der yn de hegere kultuer, op polityk-bestjoerlik nivo, om en ta gie en hoe’t it libben fan gewoane minsken wie. Beide boeken binne klear, as it mei de finansiering slagget, komt it boek oer de hegere kultuer yn ’e hjerst út.’’

Dronkenskip
Breuker sketst yn it krekt útkommen boek it libben fan de ynwenners fan Boazum, mar it is oannimlik dat it der yn de measte oare Fryske doarpen net hiel oars om en ta gie. It binne yn haadsaak de saaklike en feitlike kanten fan it libben fan de Boazumers dy’t er beskriuwt, smeudige anekdoaten foarmje in seldsumheid.
,,Dat komt om’t de tsjerkeriedsferslaggen net bewarre bleaun binne. Dêryn stiene de ferhalen oer de minsken dy’t de tagong ta it jûnsmiel ûntsein waard fanwegen dronkenskip of ûnseedlik gedrach. Hoe giet soks? As in tsjerkeriedslid yn sa’n ferslach wat oer de nuvere fiten fan syn heit of pake lies, woe sa’n stik papier noch wolris yn it fjoer ferdwine.’’
Wa’t mear witte wol oer it sosjale libben fan Friezen út dy tiid, hat neffens Breukers suver mear oan it lêzen fan de gearspraken fan Gysbert Japix as oan it trochplúzjen fan tsjerkeboeken. ,,Gysbert skriuwt oer de merke, it keatsen en de brûkmen om berte en stjerren hinne.’’
Op grûn fan syn argyfûndersyk koe er wol in oantal ûntjouwingen úttekenje oer it befolkingsferrin, de sosjale ferskillen, de rykdom en de earmoed. Sa wie de perioade 1585-1630 der ien fan bloei en foarútgong. ,,Pleatsen waarden opsplitst en huzen yn de Buorren byboud. Der wie wurk genôch en in soad lju koene in nij bedriuw opsette.’’
Tusken 1630 en 1650 giene de hieren en de belestingen omheech, it tal boeren dat boelguod hâlde of de pleats ferkeapje moast naam stadich ta. Wol slagge it hast alle Boazumers harsels te rêden, der wiene yn 1640 mar 3 fan de 87 húshâldingen dy’t dat nei alle gedachten net koenen. Ek foel it Breuker op dat der yn dy jierrenn safolle skippers bykamen. Dat koe neffens him wolris in foarm fan ferburgen wurkleasheid west ha.
Nei 1650 bruts der in tiid fan earmoed oan. De huzen yn de Buorren waarden dûbeld bewenne en gauris opsplitst yn keamerwenningen. Dat lêste wie mei it gefolch fan oerbefolking, dy’t wer it resultaat wie fan it optimisme yn de opgeande tiid.

Polarisaasje
Dat it navenant in soad oer de tsjerke giet, komt net allinne troch de beskikberheid fan de tsjerkeboeken en –rekkens, mar ek trochdat de tsjerke in wichtige rol spile yn it doarpslibben. De tsjerke wie eigner fan in grut part fan it lân dat boeren hierden, boeren mei eigen lân hienen har yn de midsieuwen ferplichte om alle jierren in bepaald bedrach foar sielmissen oan de tsjerke te beteljen. Boppedat wie der gauris spul tusken minsken dy’t oergien wiene nei de reformearre tsjerke en de dejingen dy’t roomsk bleaun wiene. Sa leine roomsken har der net altyd by del dat de reformearren it allinnerjocht krigen op de besittingen dy’t ek fan har foarâlden west hiene. As se tsjerkfâd wienen (wat oant 1640 ta koe), spanden Roomske boeren prosessen oan tsjin reformearre kollega’s dy’t de midsieuske lytse pachtferplichtingen net mear betellen.
Ek de beneaming fan âld-pastoar Johannes Blijenstein ta dûmny late ta mannich konflikt en hast altyd gie it om jild. De iene kear wegere de dûmny in jierrekken goed te karren, de oare kear hie er rûzje mei de skoalmaster. Oanlieding foar dat lêste wie nei alle gedachten dat de minsken de geboadens (it yn ûndertrou gean) gauris by de skoalmaster oanjoegen yn stee fan by de dûmny en dat koste him jild.
Opmerklik is neffens Breuker dat Ede Tietes Hoytama – in rike Roomske boer – en syn frou yn 1630 en 1638 net yn tsjerke begroeven waarden, mar op it tsjerkhôf. Wol kaam der op it grêf in djoere stien, tige ûngebrûklik foar dy tiid. ,,Ik tink dat er net yn de reformearre tsjerke lizze woe. Op it tsjerkhôf koe wol, dat wie wijde grûn.’’
Pastoars dy’t dûmny waarden, roomsken en reformearren dy’t mei elkoar yn de tjerkefâldij sieten, men soe sizze dat de reformaasje in geliedlik en reedlik freedsum proses west hat. Dêr is Philippus Breuker it lykwols nei mei iens. ,,Ik stean op it stânpunt dat de maatskippij yn de perioade 1580-1630 sterk polarisearre wie. Der wiene yn dy jierren twa moardsaken yn de herberch yn Boazum en it liket derop dat it leauwen dêr in rol by spile hat. Pas om 1630 hinne wiene de kaarten skodde en brieken der rêstiger tiden oan.’’

______________________________________________________

In de  Op ‘e Skille van 19 januari 2021  stond het volgend artikel over “de Gouden Iuw in Boazum”. Geschreven door Hinne Bokma.

Deistich libben yn santjinde ieu sintraal yn nijste boek Breuker

Boazum – Tsjintwurdich kleie lytse doarpen oer tanimmende fergrizing. Jongeren ferlitte it doarp, om’t se yn it eigen doarp gjin geskikte wenromte fine kinne. Mar fjouwerhûndert jier lyn wie it eins net oars. Ek doe ferlieten jonge minsken it doarp. Alteast yn Boazum. Net om’t der foar harren gjin wenromte wie, mar om’t se yn it eigen doarp gjin fine koene. Philippus Breuker skriuwt der oer yn syn nijste boek dat de titel De Gouden Iuw yn Boazum meikrigen hat.

Troch Hinne Bokma

Breuker jout oan dat fjouwer ieuwen werom de mobiliteit yn Boazum frij grut wie. Fan de 86 manlju dy’t dêr tusken 1616 en 1657 trouden, kaam mar de helte yn Boazum te wenjen. Nettsjinsteande alle mobiliteit, wie it doarp yn de gouden ieu wol in sosjale ienheid. De Boazumers fielden harren Boazumer. Dat die wol bliken út de namme fan har herberch: In de Bosumer ram

Twalûk

It boek fan Breuker is ien fan in twalûk oer de Gouden Iuw yn Fryslân. Sintraal stiet it deistich libben fan gewoane minsken yn in doarpsmienskip. It twadde diel, dat ûnder de titel ‘Fryslân yn de Gouden Iuw’ ferskine sil, giet oer opfettingen, ideeën en ferbylding fan doe oer Fryslân en syn skiednis, taal en literatuer.

De toenmalige Skoallestrjitte omstreeks 1910, gezien over het toen als kaatsveld gebruikte Pastoorsland. (foto collectie Frans Tolsma)

Boazum is no ien fan de 83 doarpen yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 1984 makke it diel út fan Baarderadiel, dat yn dat jier opgong yn Littenseradiel. It doarp leit yn de Greidhoeke. Karakteristyk foar dit gebiet is de lizzing tusken de stêden Boalsert, Frjentsjer, Ljouwert en Snits. ,,Boazum hat al sûnt de midsiuwen goede ferbiningen oer lân of wetter mei alle fjouwer”, skriuwt Breuker.

De skriuwer jout oan dat it gebiet al bewenne is sûnt in iuwmannich foar it begjin fan de jiertelling. Fan dy âlde tiden draacht it lânskip noch altyd de spoaren. ,,It is in hybride lânskip, mei oan de noardkant de ûnregelmjittige ferkaveling fan it terpegebiet en oan de súdkant de regelmjittie streekferkaveling fan ynpoldere lân.” Troch de iuwen hinne is it lân meast brûkt as greide, mar neffens Breuker hat der  oant yn de njoggentjinde iuw op de terpen en yn de Bongier ek altyd noch frijwat boulân west. Dêrmei wie Boazum in útsûndering yn de Greidhoeke.

It boek giet net allinne oer de skiednis fan in doarpsmienskip, it giet ek oer it libben fan Breuker. De skiednis fan Boazum hâldt him al dwaande sûnt hy dêr yn 1963 kaam te wenjen. Hy hat der foar keazen om in beskriuwing te jaan fan de libbens fan alle húshâldingen yn Boazum yn 1640. Fan dat jier is in belangryk part fan de haden fan húshaldingen oerlevere yn it saneamde Stimkohier. It giet om 87 húshâldingen. Breuker beskriuwt net allinne it libben fan de húshâldingen, mar ek de libbens fan de âlden, foarâlden en fan de bern. Sa binne it eins 87 famyljes wurden.

Dit is niet dezelfde foto als in het boek van Ph. Breuker. Deze is zonder ladder, maar met duidelijk zichtbare kachelpijp. (foto collectie Frans Tolsma)

Lânbou

Yn it Boazum fan 1640 spile de lânbou in bysûnder grutte rol. Breuker jout yn syn boek oan dat fan de 87 húshâldingen der 57 ôfhinklik binne fan de agraryske sektor. Neist 47 boeren giet it om 8 komelkers, in setboer en in slatter. Fierders wennen der doedestiids yn Boazum 15 hantwurkslju, it giet dêrby om timmerlju, wevers, kleanmakkers, in smid, katlein,skuonmakker, dûmny, skoaamaster en notaris. De boeren wiene net allinne wat tal oanbelanget yn ’e mearderheid, mar ek yn macht en oansjen. Neffens Breuker wie it opmerklik dat elk himsels rêde, der wiene mar trije fan de 87 húshâldens dy’t dat net koene.

Tusken ca. 1540 en 1650 is Fryslân lykas de hiele republyk fan roomsk meast reformearre wurden. Yn Boazum is de herfoarming ier begongen, skriuwt Breuker. De omskeakeling joech yn it doarp wol spanningen. De herberch spile dêrby in belangrike rol. ,,Herbergen zijn niet anders als onrusten in de Dorpen”, skreaunen ynwenners fan buordoarp Easterwierrum yn 1640. It slimst hat yn Boazum wol west dat der ien deastutsen waard. It gong om Willems Andries. Dirck Etes, in soan fan de eardere kasrtlein, sloech him yn 1623 sûnder oanlieding foar de holle, loek in mes en stiek him dea. Dirck waard letter op it skavot yn Ljouwert ûnthalze.

Breuker beskriuwt alle famyljes, dy’t yn 1640 yn Boazum wennen. Sa komt it libben foarby fan Freerck Jans, in echte Boazumer. Syn famylje wenne al in pear generaasjes yn it doarp. Freerck wie turfskipper en as bysjager yn tsjinst fan de grytman en stie ûnder it opsicht fan in saneamde eksekuteur.In bysjager moast oarder hâlde en lju dy’t har misdroegen, biddelen iof stielen, opbringe nei de grytman, dy’t har achter slot en grindel sette. Freerch wie yn Boazum ek doarpsrjochter. Soan Ypcke, berne yn 1639, folge syn heit op as bysjager.