Klaas Sijbesma, monsternimmer diel 2

Dit is it 2e diel oer it libben fan Klaas Sybesma, mar dan oer syn wurk as monsternimmer.

 


Sommige stikken binne oernommen út it petear mei syn buorman Jan Zantema fan de Doarpsskille.
Sybesma, bêrne yn 1913, wie 15 jaar, en wurke doe yn de ûngetiid by Hein Hilarides ( Klaaiterp), doe’t syn heit ûnder it wurk bij him yn it lân kaam. Hij sei tsjin Klaas, do moast fuortdaliks nei it bûterfabriek yn Wiuwert. Der wurdt in monsternimmer frege, en dat is krekt wat foar dij. Dyselde deis is Klaas noch nei de direkteur west, om te solliciteren, en hij krige de baan.

 

40 jier monsternimmer op de Syl bij Sybren Schuurmans

Klaas syn earste boer wie de widdo fan Sibren Schuurmans, de oerbeppe fan de jongens Schuurmans, dy’t noch altyd op de pleats buorkje. Arjen de Boer fan de no Tryntsjebuorren moast him it fak leare. Klaas wist alle boeren noch fan dy earste wike: Ymke Swierstra, no de famylje Roorda, boer Boonstra op Swaanwert, Klaas Hettinga op de Singel, no famylje de Boer en Tjitse Huitema, yn Wiuwert, op de reed links oer it spoar. Wa’t der no wenje witte we net mar de pakesizzers fan Huitema wiene der de van Berkums, mar dy sitte al wat jierren net mear op de pleats.
Klaas hie doe al in fiets, went dat hie hij op syn 12e leart, en dat kaam goed fan pas. Want hij hat wat kilometers makke. Allinnich doe’t er in skoftke yn de kriten fan Easterwierrum wurkje moast, hat er in tijdsje in brommer hân. Mar fierder die der alles op de fyts. En yn de oarlochs jierren hat it wurk ek in skoft stillein, omdat der gjin materiaal foar hannen wie. Klaas hat doe in skoftke op e tsiismakkerij wurke.
Yn waar en wyn, Klaas wie der altyd. It wie soms dreech, foaral as der bij in boer op Jeth wie, dan moast er soms troch 13 hikken, en der wie noch gjin trochgeande dyk fansels nei Britswerd, en as er dan nei Kromwal moast, en alles ûnder wetter stie, as mei in boatsje oer nei de Swarte Molen. Doe’t er 40 jier monsternimmer wie yn 1968, kaam er tafallich as net wer bij de boer der’t er ek begûn wie. Op de Syl bij Sibren Schuurmans, doe dus de pakesizzer.
As dank krige der fan Sibren in sulveren leppel mei inskripsje , En dizze leppel hat de brân oerlibbe. Wij witte net wer’t de leppel no is mar tink earne bij de famylje.

krantenartikel 50 jier 1978

 

 

Utnoeging 1978

 

Op de resepsje

Yn 1978 hat er in grutte resepsje oanbearn krige, en kamen der in protte belangstellenden en foaral boeren út de omkriten fan Boazum del. Om foaral hun grutte wurdearring út te sprekken oer syn wurk as monsternimmer. Hij fersaakte nea, wie nea siik, en fersliepte him ek net. Klaas en Hinke krigen doe in kleurentillefysje.

in kleurentillefysje oanbearn fan alle boeren út de omkriten.

Hij makke soms 4 geslachten mei, dat begûn bygelyks mei Hette Aukes de Vries, dy ferstoar yn 1929, doe Auke Hettes, wer in Hette Aukes en yn 1978 wer in Auke Hettes, dy’t buorke op Skillaard. De twadde Auke Hettes, skreaun in brief oan Klaas:
“Altyd op tiid yn waar en wyn bij de boer weze, dat wier net in lyts ding. Om de deugden en de opbringsten fan de Pietsjes en de Grietsjes en de Aukjes en de Boukjes op papier fest te lizzen.
Auke Hettes en syn húsgenoate Rinske van der Baan, wiene al op in hege leeftyd, en koene dizze feestelijkheden net bijwenje.
Yn it resepsjeboek syt ek in gedicht fan frou Doet Stenekes. Dat wie mei de hân skreaun. Ik ha it oertypt. En dat wolle we jimme hjir ek graag lêze litte.

Gedicht 50 jier monsternimmer 1928-1978 makke troch Doet Stenekes-van der Hem.

 

Ik wol it ha oer Sijbesma, of foar ús meast Klaas En Sijbesma, die woe dat wol sa ha. Myn tinzen gean in ein tebek, mar, yn it lang ferliene ‘

t Wie op Jeth yn it âldershûs, dermei wol ik begjinne  Sa om de 14 dagen, dan kaam de monsternimmer del,  ’t wie Wiebe, Klaas of âlde Arjen, der hearden faaks noch wol mear bij dit stel Der waard molken mei de hân noch, bij ús mei trije man meast Dat wie dan wol nei te kommen, jim faklju wiene dat wol treast It wie om de 14 dagen, jimme kamen op de fyts meast. Winterdei mei snie en izel, faek rinnende alteast. Dat wiene hiele lopen, fan Boazum dan nei Jeth! Mar der waard net oer klage, oerslaan dat diene jimme net. Simmerdeis waard bij de jister, in trije poaten bak del set Derbij hearde dan it hingster, dat moast weage de molke, meager of fet .  Neisimmer en hjerstdei letter, mei de boer en syn folk op de wein. Lâns modderreet en smoarge dammen, it hapke der foar, soms in hiel lang ein! Ik priuw noch de sfear fan it hjerstmelken, moarns ier út it waarme nêst. Efter op yn rein en stoarmwyn, it waar wie ek net altyd bêst. Jo kamen dan meast neist mij te sitten, mar folle praat hie ik dan net. De hollen weidûkt yn de kragen, sa waard dan nei it lân taset. It hapke wist it paad yn it tsjuster, en heit hâlde de leije fêst. Sa gong it nei de kij dan ta, dy leinen dan yn djippe rêst. Trijepoat en ark dan opsocht, wij sochten ús kij yn it tsjuster op Jo kamen ús dan mei de amer temjitte, weagje en sjen mei de bûslampe op. En stadichoan begûn it de daagjen, dan wie it melken en meunsternimmen ré Werom lit heit it hapke drave, want mem dy wachtet mei brochje en té. Winterdei yn it smûke bûthús, hiene wij dan wer better plak. Alles wie dan sa beskûle, en it wie sa feilich ûnderdak.
As jong boerinne op Lyts Makkum, trof ik letter jo wer oan. It wie dan meast om in wike as 4, dat jo kamen jûns en moarns. It melken gong noch altyd mei de hân, mar der kaam feroaring al , it waard mesine, dernei molkleiding, en no en dan noch lisboksstâl, Mesine dat joech ferlichting, bij de measte boeren al. Wie it eartiids yn waar en wyn bûten, no melkt men in protte op stâl. Ek de molkwein ha jo kinnen, alle kij om ien grutte wein. Dat joech net sa folle ferbettering, jimme stiene dan yn drek en rein. Doe de molkleiding, dat joech ferbettering, hwant dat hie men meast op stâl. Mar dat moast wol wenne en leare, mar it wie folle lichter wol. Gjin getôch mei swiere amers, alles gong no lâns in glêzen buis. Efkes sjen, wer’t oan ta stie, en dan wie de saak wer pluis. Dernei kaam de molkkelder bij de lisboksboer. Der bin je net mear oan begongen, lit dat mar oan oaren oer. Folle is der ek feroare bij de boeren mei har fe. It moat allegearre hurder en folle mear,  ek net mear mei om kofje as té. Ek de begjintiid is ferlein no, moarns ier is der net mear bij. Tank dy berget no de molke fan 50, 80 , 100 kij. Sa bin ik oan de ein no kommen fan myn lang mar wier ferhaal. Folle is der yn jo tiid ferfongen, mar dat fertelde ik al. Mar jo byld bliuwde itselde, al hat de tiid wol syn stempel set . Op de fyts binne jo begongen, en op de fyts ha jo it red. 50 lange, lange jierren, as men der foar stiet, is it in hiel ein It is foar jimme, mei al jimme drokten, as in sucht foarbij grif flein. Jo seagen slachten kommen, en jo seagen se wer gean. Sa ha jo bij trije generaasjes, op lyts Makkum yn it bûthús stien. Ik koe it net litte, dit efkes te sizzen. Bij safolle is it sa gien. Bij elk fan ús ha jo wolris wat belibbe, mar jo praten der net oer Gongen net mei praatsje fierder, hâlden alles yn de koer. Der wol ik jo foar betankje, en eare taswaaie op dizze jûn. Jo ha bij jo wurk as meunsternimmer, folle wurdearring ûnderfûn.

Klaas Sijbesma en frou, ik winskje jimme beiden, noch in bulte sûnens ta. Dat jo it wurk noch wat dwaan meie, en noch folle goede jierren ha!!!
De âldboerinne fan Lyts Makkum.

Fan de FNP krige der letter in sulveren fyts oanbearn, foar alle kilometers dy’t er fytst hat. Dy sulveren fyts sil ek wol earne bij de famylje wêze.

de útrikke sulveren fyts, troch de heer Oene Tsjalsma fan de FNP 8 jannewaris 1977

En net te ferjitten   dat er ek noch in Keninklike ûnderskieding krige hat yn 1979; It wie in sulveren eremedaille yn de Orde fan Oranje Nassau .

geridderd

 

 

de brief fan de Spar direksje

Klaas hie ek in grut hekel oan lizboxenstallen,  sjoch mar nei dit Krante berjocht.

Klaas  hat it noch oan de 55 jier ta folhâlden.  de leste foto’s binne op 1 augustus  1983 makke bij Lieuwe de Boer yn de stal

1983 Lieuwe de Boer en Klaas Sijbesma

En as lêste siet er noch in orisjineel briefke yn it boek, mei de nammen fan de manlju dy’t er monsternimmen leart hat. Der steane bekende nammen bij:

 

Dit binne de manlju dy’t er oplaat hat.  Briefke fan Sijbesma sels.

Fan Boazum wiene dat doe Gjalt Stenekes, Jelle Reen, Laas Bonnema, Klaas Sloot en Klaas Hummel ( Kleiterp).

Bij neifraach docht bliken dat mei in ûnderbrekking fan in protte jierren Jelle Reen noch altyd dit wurk doch foar Nijland.

Dit wie it ferhaal fan de monsternimmer Sijbesma.

Mei tank oan de LC, Frans, en Anneke van der Meer-Sloot foar it bewarjen fan it resepjeboek(mei de foto’s) en de plakboeken fan Klaas Sijbesma sels, bewarre troch de famylje Durk Sijbesma.