Klaas Sijbesma
Winkelman, monsternimmer, kloklieder, koster fan de Gerifformearde Tsjerke, bestjoer âlden fan dagen reiskes. Fan alles hie er by it ein. Ek syn frou Hinke stipe him yn alles, mar hie der njonken ek noch in protte taken, pasten in noedlike tiden op de bern fan de buorlju, sa as fan der Brug. Se koe ek goed dichtsje en makke alle puzzels fan de Ljouwerter Krante.
Fan Klaas witte we krekt wat mear. Hij is yn 1913 bêrne, en wie nei Albert de twadde soan fan Durk en Sjoerdsje Sijbesma. De âldste Albert, hat jierren in Dearsum wenne.

Klaas is bêrne yn it hûs fan pân de Waltawei 4 ( no Drapers). Klaas hat syn jongensjierren trochbrocht , diels op it Amelân en in pear jier letter ferhúse nei de Kamp. No it hûs fan Jan en Janke Scholtanus. Hij wie noch mar 2 jier, doe’t syn eigen mem ferstoar. In jier letter troude syn heit op e nij mei Jeltje Agema. Klaas krige doe noch in suske Geeske en 3 broerkes ( Rients Reitse en Koop). De leste wiene twillingbroers.
We hiene net safolle foto’s fan Klaas út syn jongejierren, ( troch de brân fansels ) , mar troch in omkesizzer fan Klaas ( Durk Sijbesma, soan fan Klaas syn broer Rients ) binne der in pear wike ferlien hiel wat foto’s fan de famylje Sijbesma opdûkt. en ek dizze fan de heit Durk Sijbesma, frou Jeltje, en de bêrn


Schoolfoto uit 1923, deze foto is genomen ter gelegenheid van het 25 jarig regerings jubileum van Koningin Wilhelmina. Op de achterste rij: Tiete Breeuwsma, Froukje Rusticus, Atje Giliam, Johanna Frankena, Jetske Posthumus, Wietske Posthumus en Pietje Zwart. Daarvoor: Anton Visser, Johan van der Valk, Sjoerd Breeuwsma, Sietse Bouma, Mink Jellema, Sjabe Bakker, Albert Sybesma en Marten Wagenaar. op de rij daarvoor: Trijntje Giliam, Tjerkje van der Valk, Geeske Sybesma, Riens Zwart, Klaas Sybesma, Johannes Bouma en Alle Breeuwsma. Vooraan zitten nog: Rients Sybesma en Douwe Jellema Wie heeft nog een originele foto voor Aldboazum. reactie naar franstolsma@ziggo.nl.
Klaas hie al jong yn de gaten dat er jild op it kleed komme moast, en as jonge wie der al warber mei boadskippen fuort te bringen foar Jelle en Aukje Jaarsma, dy’t in winkeltsje hiene oan it Altaplein. Letter soe der op syn 16e in eigen winkel begjinne yn it hús fan heit en mem. . Op syn 25e troude er mei Hinke, en kaam er in hús frij oan de Tryntsjebuorren( No part fan de wenning fan Bub en Ester van Baarle.

Klaas wie ek lid fan de Gerifformearde Jongfeinteferiening Us Heit te Boazum. Der is lokkich ek noch in foto fan.

Sa no en dan kom je wer ris wat tsjin, o.a. dat Klaas yn syn jonge jierren ek al oan reklame die, sa as dizze nijjiersadfertinsje yn it Friesch Dagblad fan 1933. Dat wie dus nog foar syn trouwen.




En doe kaam yn 1943 it pân frij op de Havens 1 ( der’t Andries en Richt no wenje). Tegearre runden se de winkel. Hinke op de Havens, en Klaas wie alle dagen únderweis met de fiets mei boadskippen. Moarns gie er dan earst te meunsternimmen, en dat hat er mear as 50 jier dyn.

Hinke hie dan ek faaks in faam yn it wurk, o.a. Boukje van Dijk-Epema, Tjitske Noordenbos-Stienstra. Der sil grif wol mear west ha.
Sa ha se ek jierren it postkantoor hân.
Oer it monsternimmen komt in apart diel. We sille it no ha oer harren winkel en oare bezigheden.
Fan de jonge jierren fan Klaas en Hinke binne der gjin foto’s, miskien dat der noch wat rûnsweeft bij de famylje. Mar troch de brân is der in protte ferlern gien.

Klaas Sijbesma hat altyd alles op de fyts dien. Eerst brocht er de klanten de boekjes, dan koene de minsken har boadskippen deryn skriuwe, en naam se dan wer mei nei de winkel. Tegearre mei Hinke makken se de boel klear en Klaas gong op e nij mei de fyts dy kant út.

Dit is in bledside fan in winkelboek fan Klaas Sijbesma, út 1938, dizze boeken binne wat oantaast troch de brân, mar it sjocht der noch goed út. In stikje boekhâlding. Hinke krige in f.10,00 húshâldjild.




Alles wie ferlern gien. Mar Klaas en Hinke gongen troch, earst tydlik op de Tryntsjebuorren, en nei de bouw fan it nije pand, wer op de Havens. Spitich dat it net echt yn de alde stijl herbout is, mar miskien koe dat doe net oars. Klaas en syn frou ha der noch in pear jier oan e gong west, mar doe wie it ek dien mei de winkel. Klaas hie noch genoch bij it ein, en Hinke puzzelde en dichte der op los.


Yn 1978 wiene se 40 jier trout.

ein januari 2024 krigen we út de neilittenskip fan fam Zwaga en Miedema in doaske mei speldsjes, der sieten ek wat fan de SPAR bij

noch in foto fan Klaas en Hinke Sijbesma mei frou Hoitenga op de Havens 80er jierren

Klaas wie altyd al kloklieder bij rou en troutsjinsten, mar gong doe ek bij it klokliedersgilde yn 1980. En alles die der mei soarch. Hij fersliepte him nea.

Ek it kosterskip fan de Gerifformearde Tsjerke ha se altyd mei nocht dien, en wol sa goed, dat de lettere kosters der mar om tinke koene, want Hinke seach alles.

Klaas siet ek in ferskate bestoeren, en Hinke hie har frouljusferiening. Klaas siet o.a. ek yn it bestjoer, dat de âlden fn dagen reiskes regele. Hjir is noch in moaie foto fan, dy hawwe we alles earder sjen litten.

Doe’t Klaas net mear yn it bestjoer siet mocht er sels mei de 55+ reiskes mei.


Tegearre ha se noch in wat moaie jierren, oan’t Hinke yn 1991 stoar en Klaas noch 12 jier allinnich fierder moast. Der is altyd goed op Klaas past, o.a. troch Anneke van der Meer, en ek troch Siemen van Dijk.
Troch de famylje makke, se tinke de lêste foto fan Klaas, doe’t er noch moannen yn de Ielannen west hat. Syn sicht wie doe al tige min.



Dit wie it libbensferhaal fan Klaas Sijbesma. 1913-2003.
it 2e ferhaal oer syn monsternimmen folget letter.
Mei tank oan de LC, Wijd en Zijd, familie van Dijk, fam. Durk Sijbesma, Anneke van der Meer-Sloot en Frans Tolsma.