Klokken en kloklieders
Boazum.
Doe’t yn de twadde wrâldkriich de klokken troch de Dútskers út de toer helle wiene, kaam der ien klok nei de oarloch werom yn Boazum, mar mei de twadde klok soe t noch oan 1976 duorje ear’t der wer in twadde klok wie. Oant salang hat der in needklok west. Dy kinst noch altyd sjen yn de toer. Kloklieders wiene yn die jierren, Reinder en Griet Reitsma, Klaas Sytema, Ladenius, Tjitse Dijkstra.
No earst wat kranteberichten út dy tiid.



En omdat dit ferhaal sa leuk is in stikje fan in besiker fan de tsjerke yn dy tiid oer Tjitse Dijkstra

Yn 1979 wie it dien mei it kloklieden troch Klaas Sijtema, en kamen der wat plannen fanut it doarp om mei de ynwenners in klokliedersgilde op te rjochtsjen.
frou Hovens Greve (Moenie, wenne yn it hûs no Jaap en Jetske) wie ien fan de initiatiefnimmers mei Henk Kroes. Oare ynwenners pakten dat ek mei op.

Oernommen út de Doarpsskille fan Maart 1980:
Boazum in klokliedersgilde?
De klok liedt troch!!!!
It wie foar elk wol wat in spanning en ferassing, sneontemoarn 1 maart om njoggen oere, wa’t der allegearre wêze soene yn de konsistoarje fan de grutte tsjerke, om it kloklieden foar de takomst te bepraten. Wolno, dat like mar bêst: doe’t de lêste der yn kaam, wie der noch amper plak foar te finen.
Nei in ynleidend praatsje oer klokken en kloklieden waard in roaster opsteld. Der binne ploechjes fan twa of trije minsken gearstald, dy’t ombar it kloklieden in wike fersoargje sille. De klok sil let wurde om moarns 8 oere, middeis om 12 oere, en jûns 6 oere. Mei dat lêste komt in âlde tradysje werom!!
It is de bedoeling dat der op ien as oare wize contact bliuwt tusken de kloklieders – jo hearre der grif noch wol mear fan. Yn elk gefal liket it der op dat it lieden fan de klok op feste tiden trochgong fine kin en dat net op (sa as hjoeddedei sa faak moat) op mechanyske wize, mar troch de ynset fan de minske sels. En dat is ek fierwei it moaiste.
De lêste jierren dus net mear. De iene nei de oar heakke ôf.












hjirûnder in stikje fan Tjitske Hovens Greve, se fûn sels dat se der yn 1984 mar mei ophâlde moast



Der kaam ek wol humor om de hoek sjen, ek al snapten guon ynwenners dat net hielendal. Allerearst it stik wat Herre skreaun yn de Doarpsskille,




en de reaksje fan Henk Heins, yn dy jierren ek ien fan de kloklieders.



Mar yn 2011 wie it dan spitigernoch echt dien mei it klokliedersgilde. Dit stikje stie yn de Doarpsskille fan 2011, en hjirút blykt dat der no al wer hast 13 jier lyn in elektryske oan brocht is. En dan wol op de lytse klok. Mei stipe fan de Nacht fan Boazum en en de begraffenisferiening.

Wurdt de klok dan net mear lieden troch minskehannen? Jawis wol, mei rou- en troutsjinsten , it belieden fan minsken út Boazum e.o. dy’t ferstoarn binne en oare bysûndere gelegenheden. We ha in koster dy’t dat meastentiids docht. Johannes Adema.
Mei tank oan de pers, LC, Snitser Krante, Friesch Dagblad. Doarpskille . Foto’s fan Henk Kroes, Frans Tolsma en famylje Lanting.