Oantinkens oan Geertje Reitsma Siderius.
Ut de neilittenskip fan myn âld-tante Geertje ‘Reitsma-Siderius krige ik it Poesie album.
Geertje waard berne op 9 juni 1905 yn Boazum oan de Hegedyk (No Gietema) as dochter fan Foppe Jans Siderius en Akke Ottes Sipkema. Se hie 2 broers Jan berne yn 1902 en Otto berne op 25 december 1907
Foppe Jans Siderius wie dus myn oerpake, en hij stoar al yn 1908. It jongste bêrn wie doe noch mar 2 moanne . Oerbeppe Akke moast derwei en se gongen nei Boazum te wenjen. Letter ha se ek noch yn Littens wenne. Wat jierren letter is se wer trout mei Durk Anema en kamen se wer yn Boazum te wenjen. Oan it Heech (tsjinoer Jaap en Jetske (hûs fan Lolkje en Siepie Wijnja. Letter op it Tsjerkhôfsein. (hûs fan Petie Dijkstra) .
Geertje waard faam yn de húshâlding. Yn Littens en letter bij ds.Boersma yn de Gerifformearde pastorie (No Kroes).
De measte famkes fan doe sille wol in poesie-album hân ha, mar harres is bewarre bleaun.

Geertje wie yn Littens bij de meisjesvereniging Bidt en Werk.


Sa as meastentiids wie Geertje ek faam yn de húshâlding. Dizze foto is makke oan de Tanialeane yn 1922. Bij ds. Boersma, dy’t hjir doe de Gerifformearde dûmny wie.
It Poesie-album.
Sels hat se der net yn ferske ynset, wat meastentiids wol de gewoante wie.
Dit begjint mei in ferske fan har mem, Akke Siderius-Sipkema.



Dan no in ferske fan Wietsche Zijlstra-Siderius. Wietsche wie in suske fan Geertje har heit Foppe Siderius. Se wie trout mei Geert Zijlstra. Se buorken op in spultsje op Makkum. No Folkertsma. Se krigen 2 famkes Tettsje en Minke. It oare ferske is fan Minke in nichtsje fan Geertje. Dizze Minke is letter trout mei Jabik de Vries. Wol bekend yn Boazum. Se hiene hiel wat jonges en ien famke. Der wiene o.a. in Willem (hie in transportbedriuw mei syn broer Hendrik) en Geert ( dat wie de heit fan ús ald winkelfrou Aagje. En sa binne we dus famylje fan harren.


dan no 2 ferskes fan de suskes Piersma Anna en Jeltje Piersma. Se binne beide berne op de pleats fan no Beke Cnossen op Yndyk. Harren heit wie der boer op de doe noch âlde pleats. Letter is de pleats ôfbrutsen en nei rjochts ferskoot. Letter ha Kornelis Piersma en syn frou noch jierren wenne oan de Waltawei 16. (No van Brummelen). Jeltje Piersma is letter trout mei Beant Bootsma en hat har fierdere libben yn Skearnegoutum trochbrocht. Meastentiijds waard se Jeit neamd. Ek hat se har oantinkens oan Boazum wolris yn de Doarpsskille ferteld. Harren dochter Durkje(Dieke) wennet yn Hoevelaken en lêst ek noch altyd de Doarpsskille.



Dan in ferske fan Thommy de Witte. Hja wie de dochter fan Sjoerd de Witte en wennen oan de Waltawei 15. Se hie noch in suske Richtsje, die hat nei it ferstjerren fan har âlders noch jierren yn dat hûs wenne. (No Jacob de Vries). Thommy troude letter mei Egbert de Boer en kamen op de pleats fan no Egbert en Tryntsje de Boer. Egbert is in pake en beppesizzer fan Egbert en Thommy.


Dit ferske is fan Riemkje Hijlkema, in sus fan Jouke Hijlkema ( de pake fan Jan Hijlkema) en fan Marten Hijlkema. (omke Marten sa as wij seine) Se wiene de bêrn fan Hijlke Hijlkema (de oerpake fan Jan dus). En se buorken op de pleats der’t letter ek de pakesizzer Hijlke Hijlkema mei syn frou Sip ek wer buorke.


In moai oantinken mei tank oan de famylje.