Sinterklaas yn Boazum

Dizze kear wat bysûndere en âlde kaarten fan it Sinterklazefeest troch de jierren hinne.  Earst in plaatsje fan wat hjoed de dei in  protte argewaasje opropt. Dit foaral omdat in protte minsken doe de bêrn bang makken,  tink der om, wol leaf wêze, want oars !!!!  Dan giet it tsjintwurdich wol wat oars, al hat Sinterklaas noch wol altyd it grutte boek mei, der’t de nammen yn steane fan alle bêrn.  De Pieten hawwe ek in oare rol.

Sa moat it net, mar dit is yn 1940 , mear as 80 jier lyn. En dat geeft kinderen blijheid,  is grutte ûnsin fansels.

 

Sinterklaas hie foarhinne in gruttere rol as no.  No wurdt der faaks  mear oan kryst dyn. Mar foar de bêrn is der lokkich noch net safolle feroare.  De ferskillen yn de 50er jierren wiene ek, dat der op de Kristlike Emmasskoalle gjin Sinterklaas kaam, maar op de iepenbiere skoalle wol.  Op de Emmasskoalle krigen we dan in kikker as mûs fan marsepyn yn it fak.  Miskien ek wat pipernúten. dat wit ik net mear. Lokkich is dat in begjin santiger jierren wol feroare. Kaam Sinterklaas op beide skoallen.  Nee, noch net meielkoar. Dat wie der noch net bij. Letter wol. Ek kaam er doe noch net offisjeel oan yn Boazum. Dat kaam pas letter, mar op 5 december kaam er gewoan op beide skoallen. Die Sinterklaas hie it die deis drok, want hij gong ek nei Easterwierrum en Wiuwert.

Ek wie der yn de 50er jierren nog altyd de moaie etalage bij Nelis Dijkstra syn winkel.  Der fergappen wij ús oan dy spullen en boartersguod. En jimme seagen op de kaart hjirboppe wol, dat er dat yn 1922 ek al die. En bij de VIVO winkel fan Jan en Heske van Asperen, wie dan de achterkeamer rom makke, en stie ek fan alles oan lekkernijen útstalt, op in grutte tafel.  As it bij Sijbesma ek sa wie, wit ik net. Mar bij de bakker wie it fansels ek allegearre speculaaspoppen en banketletters.

 

 

Een oude prent van het sinterklaas feest.
it sinterklazemearke yn Weidum 1980. mei Jan Zantema fan Boazum as regisseur. Stiet in de midden. Oaren binne Feikje Toering, Douwe de Bildt, Janko Piebenga.
Camille Lanting bij de Sint 2016
Sinterklaas
reclameplaat út 1960

Understeande kaart is fan 1922 dus mear as 100 jier âld. Fan de winkel fan Nelis Dijkstra. De kaart wie rjochte oan Gerrit Hofman op Makkum, der’t no Gerben en Wimke de Boer wenje. We litte de foar en achterkant sjen.

Foarkant

Op dizze kaart stiet dat der dus op Sinteklaasjûn  sjoelen wie. Letter waard dat yn Boazum ( 50er jierren) oernaam troch bakker Hardenberg oan de Havens.  Hardenberg hie dan de winkeldoar iepen, en elk wie wolkom. Op de toanbank stie de sjoelbak, en yn de bakkerij achter wie it balgoaien. Men koe dan in oranjekoeke winne, as in taaipop.  Ek traktearde er dan op wat lekkers.  Dan makke er sauzisebroadsjes,  en Jan Tolsma levere it gehak. Hij die altyd wat ekstra gehak, want Hardenberg krige de opdracht, om ek wat foar it slachtersgesin te meitsjen.

sinterklaas 2021
op de Havens bij Jappie Lanting , 2022

It ferfier fan Sinterklaas wie altyd wer spannend foar de bêrn. Hoe komt er oan? Op it  hynder, mei de koets as mei de boat, as kamen allinnich de swarte pieten. Wat jierren lyn kaam er in kear mei de trein. Ek alris mei de brandweerauto en mei de Poeisz auto.  Der moat altyd wer wat nijs útfûn wurde. Ferline jier mei de bakfyts, milieu freonlik fansels, en dit jier ek fanwege it minne waar mei  de Uber taxi.

2022 milieu bewust.

Sinterklaas en de Pieten geane ek altyd in rûntsje troch it doarp bij de alde,  as sike minsken lâns. Sa kaam er dizze kear Anton en Conny Damwijk tsjin.

2023

Krige fan Marja Boonstra: Fryske Sinteklazeferskes:

ien der fan folget hjirûnder: Kin der op troch. No ja.

Frysk sinterklazeferske 1920