Tiidsbyld fan myn Boazumer jierren 1943-1953

Tiidsbyld fan myn Boazumer jierren, 1943-1953
troch Jaap Bijlsma

Mooglik om’t je yn in grutte famylje great wurden binne prate je faeks yn it meartal, ynstee fan “ik” of “myn” sizze wy “ús Heit” , ús famylje ensf. Dat doch ik hjir dan ek, útsûndere as ik it echt oer mysels of myn eigen gefoelens of interpretaasjes ha.
Wat ferstean ik ûnder sosjaal libben. Ik wol it yn earsten foaral ha oer it tiidrek 1943 oant 11 Maaie 1953 sa’t ik dy tiid meimakke ha yn Boazum en letter ha ik it oer de tiid dat wy ferhúze binne nei Frjentsjer.
It haeddoarp Boazum
Myn libben begûn midden yn de twadde wraldkriich, in hiel spesjale tiid foar Heit en Mem. Der moast yn it al mar groeiende gesin in protte ynprovisearre wurde, want lang net alles wat ast nedich hiest foar it deistich libben wie te krijen.
Ôfsetten nei de doarpen yn de omkriten fan Boazum yn de greidhoeke fan Fryslân, wie Boazum suver in haeddoarp. Der wennen wol in lytse seishûndert minsken, der wiene twa legere skoallen, trije tsjerken, meastal twa dûminee’s dy’t yn mânske posterijen wennen, in húsdokter, in postkantoar, in plysje, trije bakkers, twa slachters, twa krúdenierswinkels, ien kapper en ien smit en in soarte elektricien, mar die waarden doe ek noch smit naemd, in kapper, in skuonmakker, in timmerman, in “kolenhandel”, dat hiet doe swarte brând, in fee-rider, in molkrider en in hússkilder.

Jan Keuning swarte brânje.

Mei har trouwen yn 1936 hiene Heit en Mem in âlde, ta wenning ferbouwde lytse stjelp kocht fan Cuperus, de grêfstienmakker dy’t syn stienhouwerij ferpleatst hie nei in oar plak yn Boazum, letter Snits, in bytsje efterôf oan de westkant fan it doarp, oan de Boazumerfeart mei frij útsicht oer de greiden en it spoar Ljouwert/Starum).Yn it doarp waard dat plak “it Amelân”neamd Yn de skuorre fan it stjelpke hie Heit earst syn wurkplaets, wat letter, gauw nei de oarloch, kocht er in hok tichte by de brêge wêr je fanôf Snits it doarp ynkomme, opnij oan de feart, want dêr moasten de beamstammen yn wettere wurde. Dizze wurkpleats,( hokje) stiet der no noch as wie der nei fiifensechtig jier neat feroare.
Boartsjen in it doarp
Mei myn berte op fiifentweintig novimber trijeënfjirtig wie ik de fiifde loat oan de stam, ik kaem nei Ali 1937, Sjoukje 1939, Wiebren 1940 en Piety 1942 Tusken alle bern siet ûngefear oardeljier ferskil. Koest de klok der hast op lyk sette. Ús hûs , Boazum nr. 117 hie in moai grut hiem oan de feart, romte genôch om te boartsjen, fiskje, reedriide en neam mar op wat der allegearre betocht wie om je bûten mei te fermeitsjen. Toutsjespringe, hinkelje, topje, hoepelje, knikkerje, muorkebalje (famkesspultsje, heinebal,ik fang dy al….), fûgelflappe. Mem makke der gjin probleem fan as wy oare doarpsbern meinamen om by ús te boartsjen. Mem har grutste soarch wie dat we yn de feart falle soenen. Wy koene net swimme, swimles bestie doe noch net. As je wat grutter waren dan poatsjebaaiden je mei hjit waer ergens yn de Swette, wol op in plak wêr’t der gjin eagen fan de Memmen oer giene. Oan de kanten wie it net al te djip en de lytse bern wurden wol wat yn de gaten holden troch de gruttere bern. It regele him hast fansels en der barden hast nea ûngelokken mei en sa learden je je wol te rêden yn it wetter. De Heiten en Memmen koene yn dy tiid meastal ek net swimme. Boartsje yn’ e hûs koe allinnich mei min waer. Ferfeelden wy ús as bern, dan betocht Mem wol in spultsje of se stjoerde ús in slach om de buorren. Yn Boazum koest de saneamde lytse slach om of de grutte slach. Yn ús berne-eagen wie” de grutte slach om” foar ús in hiel ein. As’t no wer yn Boazum komst dan kinst dy net foarstelle, dat je dat doe in hiel ein fûnen.
Bern krije
Ik hie it niis efkes oer it krijen fan bern. By ús Heit en Men gie dat ek nei my gewoan troch. Der waard nea tocht fan kinne der noch wol meer by. Nei mei kaam der in suske Lolkje, berne 13 meie 1946, dy’t nei in goed heal jier ferstoar 25 novimber 1946, op myn jierdei, Ik waard doe trije jier , mar ik wit der net folle meer fan. Oer sa’n fertrietlik gefal waard yn die tiid net folle sprutsen: gewoan fierder gean en hoe’t de broerkes/suskes it ferwurken waer net folle omtinken oan jûn, it hearde by it libben en therapeuten moasten destiids noch útfûn wurde. Der lei súver in bytsje in heimsinnige sfear om hinne. In grêfstien op it tsjerkhôf ha ik noait fine kinnen.
Nei dit suske Lolkje wurde der op 23 maert 1948 wêr in suske berne dy’t opnij Lolkje kaem te hjitten, op 18 febr. 1951 waar Haike berne, dat kin ik my noch goed yn ’t sin bringe. It barde op in Sneintemiddei. Ús as bern waard foar de berte neat ferteld. Ik bin dy Sneinemiddei nei buorfrou Jeltsje brocht, mooglik tegearre mei in pear âldere broer/suskes, en dan samar ynienen hiene je der in broerke by.
Wer’t dy sa gau wei kaam wurde ús net fertelt, mar Mem, dy’t oars noait siik wie, lei wat dagen siik op bed en der kaam in baakster, dy’t in goed wike de húshalding die.
Toen we in goed jier yn Frjentsjer wennen kaam Mem op nij yn é kream fan in jonkje. Koos, 11 oktober 1954, wurde berne yn it lytse Siikenhûs, eins in soarte kraemkliniek, Prins Mauritsstraat, tichte by de Súderkade.
Hoewol’t ik al 11 jier wie, is my nea fertelt dat der in broerke of suske op komst wie. Mem moast ynienen op Sneintejoun foart, en moandytemoarn fertelde Heit dat Koos berne wie en dat Mem in wike yn it siikehûske bleau. Wy binne der wol hinne west om Koos te besjen.
Klompemakker

Johannes Bijlsma bij syn mesine.

Werom nei Boazum: Heit wie klompemakker, in fak dat er him sels oanleard hie. Hy is foar syn trouwen yn in hokje by it hûs fan syn suster, ús tante Anna, yn Tsjommearum, op de saneamde “Kampioen” as selstannich ûnderrnimmer hjir mei begûn, togearre mei syn broer Kobus. Dat duorre net lang, want de karakters fan dy twa rûnen te fier út elkoar. Koart nei it trouwen fan Heit en Mem wie dat foarby en giene Heit en Mem alinne fierder yn Boazum wer’t hja in hûs mei wurkromte kocht hiene.

en mei de oarloch makke Heit houten klompen en houten kleppers, dy’t moai beskildere waarden troch de doarpsskilder Ate de Vries. Letter, nei de oarloch, makke hy meast saneamde skuonklompen. In houten soal mei in learen kap, dêroerhinne ek noch in learen bantsje weryn wat siermerkjes baernd of stânst waarden, dat wit ik net krekt meer.
Sa no en dan hie der ien of twa feinten yn tsjinst en foaral yn de oarlochstiid koe hy der in goed stik brea mei fertsjinje. Hy ferkoft meast oan de gruthânnel, mar yn de oarlochstiid wie it ek in moai ruilmiddel, foaral by de boeren, foar tsiis, molke en fleis. Foar syn masines hie hy stroom nedig. De stroomfoarsjinning wie doe noch hielendal boppegrûns fia triedden spant oer houten peallen. Dat joech geregeld steuring en yn de oarlochstiid wie der soms tiiden lang hielendal gjin stroom. Dan makke heit faaks út de hân houten kleppers.
Mem har wurk
It wie natuurlyk wol in earme tiid, mar as bern murken je der net folle fan, al woene je wol ris in stikje bôle mear ha as je taparte waard. Wol wie it foar mem soms in soarte fan ramp as je de knibbel werris troch ien of beide hoazzen fallen hiene. Dan wurde der wolris goed prottele en dat wie net sa moai, mar wol begryplik. Der wie mei al dy bern mei hun breiden hoazzen en sokken in protte stopwurk. By ien elektrisch pitsje hoechde Mem har jouns net te ferfelen, der wie altyd wol ferstelwurk of stopjen en maaswurk. Wie alles wer heel dan wurde der ek noch borduurd, haakt of breide. In húsfrou koe der doe noch net in baen by ha, sûnder waskmasine en stofsûger wie der altyd wol oanslag, om dan noch mar net te praten oer it wurk dat Mem winters hie om de kachel te stoken mei inkel it ôffalhout fan Heit syn fabriek. Eltse healûre moast der byfult wurde om de brân der yn te hâlden.
Itensieren
Ek it itensieren naam folle mear tiid as tsjintwurdich. Wetter siere waard faaks op de kachel dien en simmerdeis op in petroaljestel, en dat jout ek in soart omsjen, want it kouske yn it stel mocht net wâlmje, want dan wie de hiele panne of tsjettel fettig swart fan de wâlm. It itensieden waard meastal ek noch yn in net ferwaarme saneamde keuken dien, it wetter (allinnich kâld fansels, moasten je oppompe út de It húske
In w.c. hienen wy noch noait fan heard. As je je behoefte dwaen moasten giene je nei it húske. Dit houten optrekje mei in saneamde privaattonne (skyttonne) stie ek by ús oanboud oan it hûs bûtendoar. Yn de winter woene je dan wol avensearje, oars krigen je in kâlde kont. Húskepapier wurde op maat knipt út âlde kranten en tiidskriften.

Nelis Dijkstra yn syn winkel. Oan ‘e Tryntsjebuorren No wennet Jan Vennema hjir.
Sinnema hjir oan it melken

ús hûs en razzia gefaar
Yn ús hûs hiene wy in lytse wenkeamer, in tafel mei deromhinne de stuollen stiif tsjin mekoar oan fanwege de beheinde romte. Der wurde iten, krantlêzen, spultsje dien en handwurke. Ek kaem de naaimasine der geregeld by, at dy dan brûkt waar skodde de hiele tafel. We hiene noch in opkeamer, de Sneinske keamer neamd, mei twa bêdsteden wer’t wy as bern sliepten. Toen der meer sliepromte komme moast, timmere Heit twa sliepkeammerkes fan spaanplaat yn de eardere wurkpleats. Noch wer in pear stapkes omheech yn de opkeamer wie in door nei de sliepkeamer fan Heit en Mem. Troch harren keamer wie der noch wer in doar mei in opstapke nei in souder, der bewarre Mem soms in protsje apels yn de winter .Oan de sydkant fan it hûs wie noch in lyts hokje mei in souderke dat yn de oarloch faeks brûkt waard as skûlplak troch Heit en inkele oare manlju/jonges út it doarp dy’t yn de “gefaerlike”leeftiid sieten om oppakt te wurden troch de Dútsers by in razzia, dy’t in inkele kear ek yn Boazum hâlden waard. Sadree se de klokken fan de toer lieden hearden, kamen Heit en ek inkele oare jonges/jonge mannen der nei ta en dan ferburgen se har op dat moeilyk te finen souderke. Op de toer hiene se in “wachter”, dyt fan fieren al sjen koe oft der Dútsers oankamen.
Fakânsje
Echt fakânsje wie der yn die tiid ek noch net by. Wol is de 48-oerige wurkwike doe ynfierd en wurde der Sneontemiddeis net meer wurke. Ik liuw dat de boufakkers yn juli ien wike frij hiene, ek tusken Krystiid en Nijjier wurde der gewoan trochwurke. As lytse selstannige hie Heit nea fakânsje. Der waard wurke fan faeks moarns sawn oere oant jouns seis oere, en nei iten gong Heit faeks noch wer oan it wurk, as hy net op húsbesyk of tsjerkeriesfergadering wie. Sneons nei it middeisiten moasten wy as bern Heit helpe de wurkpleats op te romjen en oan te faaien en seagmoal en spuonnen yn jute-sekken te skeppen. Âfsûging oan de masines wie der doe noch net. In hiel skoft lang koe Heit de spuonnen kwyt mei it dempen fan in wetterpoel op it hiem fan immen dyt oan de tsjerkepoel ( we neamden dat de Terp) wenne.
As bern hiene wy de saneamde grutte fakânsje in july/aug. , die duorre ungefear fjouwer wike. Mem har bruorren en susters en Beppe Aeltsje wennen allegearre noch “achter Dokkum”, yn Nijtsjerk en Aenjum. Wy giene der wolris in wike nei útfanhûs of de bern fan omkes/tantes kamen by ús. Yn die tiid wie in reis nei achter Dokkum yn ús beleving hast in wrâldreis! Wy hiene it gelok dat Mem der wei kaam, de measte doarpsbern hiene alle famylje folle tichter yn de eigen omkriten wenjen. Ienris binne we mei sawat it hiele gesin tusken Kryst en Âldjier yn de frachtwein fan Hindrik de Vries nei Nijtsjerk brocht en helle. Op de weromreis wie der in allemachtige berch snie fallen, dat it wie wikkerdewik om wer thús te kommen. Fan ús gesin sliepten der wat bern by tante Gjertsje en omke Klaes, die ’t sels doe ek al acht of njoggen bern hiene, mar der koenen altyd wol mear by, der wurde nea in probleem fan makke, de souder wie meastal it plak foar de bern en útfanhûzers. Heit en Men sliepten bij Beppe, in pear bern bij Omke Haike/tante Baukje en ik sliep bij Omke Eibert en tante Lolkje. As fiifjierige fielde ik my der wol wat allinne, want bij Heit syn suster Lolkje wiene de bern de doar al út.
Ekonomy in de jierren 50
No’t ik my werompleats yn dy tiid en sûnder nostalgisch te wurden moat ik konstatearje dat myn jeugdjierren nettsjinsteande de betreklike earmoede noch sa min net wienen. As je minder wend binne oan oerfloed, binne je ek gauer tefreden of bliid mei “kleinigheden” Eins libben wy folle mear mei in cirkulaire ekonomie dan tsjintwurdich. Elts gesin hie syn eigen grientetún en wat der mear oan iten en drinken nedich wie kaem út de drekte buert. De molke fia it molkfabryk fan de buorkerijen út de omjôwing, it fleis fan de slagter, dy’t of Tiisdeis of Freeds syn bisten kocht op de feemerk yn Snits of Ljouwert. De bakker kriich syn moal fan mealderijen rounom út de profinsje. Elts hûs hie trochstrings mar ien kachel, dy’t faeks noch mei hout stookt waard of eierkoalen en swarte brând. De measte klean waarden sels makke of kocht fan rûnreizgjende hânnelers, dy’t faek op in saneamde transportfyts de doarpen lâns sútelden. Wiene de klean heal fersliten dan makken de froulju der berneklean fan of in mantel of jas waerd “keard”. It ferfier fan in protte guod gong noch mei skûtsjes oer it wetter. Ek Boazum hie in saneamde “haven”, krekt as elts doarp. Der wie al in goed netwurk fan geregelde beurtvaarttsjinsten mei frachtboatsjes. Letter, ek al yn de 50er jierren, kaam de feroaring nei frachtferkear oer de wei en ferdwûnen de boatsjes út it doarpsbyld en wurden tal “havens”yn doarpen tichtgooit.

Tjitse Dijkstra molkryder hjir  bij het hûs fan Jurjan en Lipkje oan de Waltawei 1955

Beïerdigen
By in beïerdiging ( begraffenis seine wy), waar ek gjin auto brûkt. De dei’s nei “overlijden”gie in saneamde “oansizzer” by de doarren lâns om plechtig oan te kondigjen dat dizze of dy ferstoarn wie. De tredde of heechút fjirde dei waar de ferstoarne te hôf brocht, hast altyd it lyk yn in koets my ien of twa hynders der foar fan it stjerhûs nei de tsjerke of op de skouders fan fjouwer of seis dragers, (swarte roeken neamd) en dernei mei de mînsken rinnende der efteroan fan de tsjerke nei it hôf by de grutte Tsjerke. Fan kremaasje hienen wy hast noch noait heard en yn de “fyne” kringen wie dat ek ferbean. Deadskisten waarden makke troch de doarpstimmerman of se kamen fan in saneamde “kistefabriek” erges út de neiste omtrek. Hast elk stêdsje hie wol san febrykje.
Leeglopen van het platteland
Boazum wie in soarte fan sintrumdoarp. Jo moatte dêrby net tinke oan in hiel grut doarp, want die ûngefear seishundert mînsken, meastal besteande út húshâldings mei fiif tot wol tsien bern, wennen yn hiel lytse hûzen, die’t yn san doarp ek noch ris hiel ticht op elkoar bouwt wiene. Op Tsjerkhôfsein, in buertsje ticht by de grutte tsjerke wennen doe wol 100 minsken. Dat buertsje is yn de rin fan de tiid gâns feroare troch ôfbraak fan de lyste húskes, we soene it no krotten fine, en in lyts oantal binne troch de jierren ferbouwd. Tegearre mei it feit dat de measte húshâldings no mar út twa of heechút fjouwer minsken besteane, wenje dêr no op dat plak miskien noch in tritich mînsken. Yn ús tiid wie der hast noch gjin nijbouw , dat wie ek net nedich, want de emigraasje nei û.a. Canada sûgde it Fryske plattelân heal leech,ek mei ferfelende gefolgen foar de skoallen.
Gevolgen voor het onderwijs
It tebekrinnen fan it tal skoalbern driigde ek doe al greate gefolgen te hawwen om de skoallen iepen te hâlden. It oantal bern wat yn april op skoalle siet wie bepalend of de skoalle oerein bliuwe koe. Ús gesin ferhúze derom earst yn Maaie nei Frjentsjer sadat Sjoukje, Wiebren, Piety en ik op de “peildatum” april dan noch it hiele jier meitelden foar de kristlike legere skoalle. Hiene Heit en Mem de ferhúzing net wat útsteld, dan hie de skoalle in grut probleem hawn. De iepenbare en ek de kristlike legere skoalle hiene yn Boazum beide twa fêste learkrêften, ek mar twa lokaelen. Ien juffrouw of master moast trije klassen les jaen. Doe’t ik op skoalle kaem op 1 april 1950 bestie myn 1e klas út twa jonges en fjouwer famkes, de measten ek noch út inkele doarpkes út de neiste omjouwing en fan in inkele buorkerij. Myn earste juffrouw wie juffrouw van Wageningen, dy’t, doe ik yn de twadde klas kaem, nei Frjentsjer fertrok. Doe’t wy tafellich twa jier letter ek yn Frjentsjer kamen te wenjen hat sy myn jongere suske Lolkje noch wer yn de klas hawn. De haadmaster, meester Klaassen, soarge foar de klassen 4,5 en 6. Somtiiden ek 7. Der bestie doe noch de mooglikheid om te kiezen foar de 7e klasse, as je net keazen foar de ambachtskoalle of húshâldskoalle. In hiel inkelde keas foar saneamd trochlearen oan de Mulo, mar dat wie in grutte útsûndering, want dat wie eins net foar gewoane lju.
Oan it wurk nei skoalle
Nei dy sawnde klas koene je dan as krekt 14-jierrige oan it wurk. Faeks as jongfeint of tsjinstfaem by in boer. Troch de opkommende lânbouwmechanisaasje (molkmasinen, meanmasines en de earste trekkers), begûn dat letter yn de fiiftiger jierren te feroarjen en giene dy fjirtjinjierrigen meastal as “ongeschoolde” kreften nei de opkommende yndustrie, natuerlik meastal yn de stêdsjes en ek noch gauris nei it molkfabryk . Hast elts doarp hie san koöperaasje, sels it hiel lytse doarpke Wiuwert en ek Skearnegoutum. Omke Kobus hat as bûtermakker earst yn Wieuwert op ‘e bûterfabriek wurke, en letter hat er noch as lêste molkfarder fan it fabriek yn Wieuwert mei in soarte fan pream de molke yn de molkbussen ophelle by de boeren dy’t oer de dyk muoilyk te berikken wiene, mar meastal wol hiel ticht by in feart, yn dit gefal de Snitser- en Frjentsjerterfeart mei in tal opfearten wennen. Yn de sechstiger jierren ferdwûn it fak fan molkfarder en waar alle ferfier oer de dyk dien. Noch letter ferdwûnen ek de molkbussen en no komt om de fjouwer/fiif dagen in grutte tankauto de kuolle tank mei molke by de boer leechjen.

Ik hoopje dat jimme mei wat boppe beskreaun is in bytsje in byld krige hawwe hoe’t it der op en ta gie yn Boazum, it doarpke yn , toen noch, de gemeente Baarderadiel, mei as haadplak it doarp Mantgum, wer’t ik registrearre bin yn it berteregister. Fansels is der noch in protte meer te fertellen. Yn in oar haadstik sil der oer de tiid yn Boazum noch wol mear foarby komme.