En dan geane we no nei de rjochterkant fan de Tryntsjebuorren, Sjoen fanôf de Waltawei. Yn feite hawwe we it hjir oer de efterkant fan de Havens.
De foarkant stiet oan de Havens. Oan de kant fan de Tryntsjebuorren wiene der út sein it pakhús dus noch 2 húsen. It wiene mar lytse húskes, mar hiel gewoan foar dy tyd. Se waarden ferhierd en ien fan de hierders wie Durk Jellema. Durk hie de grientesaak der’t der mei begûn wie op it Amelân. Se ha ek wenne op Tryntsjebuorren 2 (Hjiroer letter mear). Neel wie ferstoarn en Durk wenne der noch allinnich. In oare hierder yn de 50-er jierren wie de fam. Snijder (fersekeringsagent). Fan dizze húsen binne der amper foto’s, mar Peekje Jellema in omkesizzer fan Durk hat ús in foto stjoert, fan it hûs der’t omke Durk wenne. Dan ha we dochs noch in beeld fan dit hoekje. We binne der bliid mei Peekje.
No earst in foto fan in skilderij dat Ate de Vries eartiids makke hat fan de Tryntsjebuorren. It wie yn it besit fan Germ en Janke Wieringa en omkesizzer Tim Wieringa hie der in foto fan. Mar it skilderij wie net yn har besit. Is der immen dy’t it wit?
It is in moai tiidsbeeld doe’t it stik Havens -Tryntsjebuorren noch net ôfbrutsen wie. It pakhús is efteroan moai yn beeld en ek de wenninkjes kist goed sjen. Sa ek Tryntsjebuorren 1 moai yn beeld en oer it oare hûs ( no Jan Venema) letter mear.


It pakhûs wie al wat yn ferfal en dizze foto hjirûnder is makke troch it neiteam fan Leense en Mintsje Wagenaar. Heit Harm Eijsinga lit yn 1963 oan syn bêrn sjen wer’t oerpake en beppe wennen. Harm wie trout mei in beppesizzer fan Leense en Mintsje. Hjirnei is it allegearre ôfbrutsen.


Tryntsjebuorren 1
No it hûs fan de famylje Kampen,
Sa om 1832 hinne, it begjin fan it kadaster, wie de al earder neamde timmerman Jan Hendrik Westerhuis de eigner fan it stik lân efter de dr.Miedemastrjitte en de Havens 3 en 5. (Baard E 472) De Waltawei wie doe ek noch hielendal net beboud.

In 1861/1862 wurd it hûs bout op perceel Baard E472. Wa’t it doe bewenne is net bekend, mar wol is bekend dat Westerhuis it yn 1874 ferkocht oan timmerman Biesma, doedestiids ek in fermeamd timmerbedriuw in Boazum. Biesma wie ófkomstich fan Oentsjerk en trout mei Dieuwke van der Maen, dochter fan ‘e onderwijzer Van der Maen. Sij wennen doe yn de no Dr. Miedemastrjitte nr. 8. Biesma ferbout it hûs oan ‘e Tryntsjebuorren en ferkeapet it yn 1880 oan Durk Aukes Bootsma, boer te Boazum.

Dy hat er net lang wille fan hân, want hij stoar yn 1882. Frijfeint en 84 jier. It hûs giet nei de erven, omkesizzer Auke Bootsma en syn broers en susters. Omkesizzer Auke ferkeapet yn 1883 in grut stik hiem, en hjir wurdt dan in pleatske opbout. (No al lang wer ôfbrutsen). Letter is der wer in stik hiem by it hûs kommen. Want doe’t Jan Willem de Jong letter ferboude fûnen se de dongkelder werom. Hjir aanst mear oer.
Auke docht it hûs oar oan syn broer Bote, en Bote ferkeapet it oan Thomas Klazes Bouwer. Kleermaker Bouwer sil hjir oan’t 1933 te wenjen bliuwe.


Yn de LC fine we ferskate adfertinsjes wat my syn wurk te meitsjen hie.

Neidat Bouwer ferstoarn is en soan Klaas it hûs yn syn besit kriget, wurdt it in oantal jierren ferhiert (net bekend oan wa) oan’t er it yn 1941 ferkeapet oan Eldert Schaap. Sij buorken op Yndyk mar ha der sels net wenne. Wol witte we dat yn de oarlochsjierren Durk Jellema (grienteman) mei syn frou Neel it bewenne. Hja kamen fan it Amelân mei harren grientesaak en wennen oan de iene kant, en oan de oare kant wennen harren soan Jurjen Jellema mei syn frou Akke en de bêrn. Letter gongen Durk en Neel nei it hûs acherkant Havens. En Jurjen en Akke emigrearden nei Kanada.


Der sil ek noch wol arbeiders yn it hûs wenne ha, mar wol witte we dat Ymke en Tiete Punter der begjin 50er jierren kamen te wenjen. Ek hja wennen earst oan de achterkant fan it pakhûs. Ymke wie doe arbeider bij Simon Baukes van Dijk. Dizze lêste kocht it hûs yn 1957, as de famylje Schaap ek emigrearret nei Kanada.
De famylje Punter hat der oant 1964 wenne, Ymke krige in baan bij Philips (der wiene yn die tiid in protte arbeiders dy’t oerstapten nei grutte concerns sa as de Hoogovens as Philips. Fêst wurk, faak ek in wenning.

Yn 1963 stoar Meinte van Dijk troch de tonger en gongen syn frou Jitske mei de trije bêrn fan de pleats op Yndyk. Hja kamen te wenjen oan de Tryntsjebuorren. It wie al yn 1959 wat opknapt, it koe sa wol.
Se hawwe hjir oan”t 1974 wenne, doe wiene de húsen oan it Altaplein klear en krigen se in moai nij hûs taskikt.

It hûs oan de Tryntsjebuorren waard doe troch Simon Baukes van Dijk ferkocht oan Jan Willem en Ellen de Jong. Se hiene ien soan Timon en krigen yn Boazum noch in famke Marije. Jan Willem begûn algau te ferbouwen, Want it hûs wie yn net al te beste staat. De sliepkeamers earst mar oppakke . In kajút op de foarside, en in douche wiene wol it wichtigste. Yn de 70er jierren hat Jan Willem wat jierren net yn it hûs wenne. Ellen hat der in oantal jierren allinnich wenne mei de bêrn. Oan’t begjin 80’er jierren. Doe ferhúse Ellen en kaam Jan Willem der wer te wenjen mei syn nije partner Seireen Marra.
Doe waard de rest fan it hûs goed oanpakt. Oan de achterkant kaam in nije gevel mei in oare keuken. Der is earst in muorre omhinne bout en de binnenkant letter ôfbrutsen. De kezinen waarden oanpakt, de foardeur derút, de yngong en in garage kamen oan de rjochterkant fan it hûs. En it dak waard fernijd.
Jan Willem hat it measte wurk sels útfiert mei help fan foaral Rolf Martens, en syn famylje. Moai detail: de túnduorren en in grut part fan de keuken kamen út it âlde Antonius sikehûs. Ek binne hast alle stiennen wer op ë nij brûkt. De hiele famylje wie faak oan it stienbikjen.

foto’s fan de ferbouwing mei tank oan Jan Willem

g
We krigen fan in eardere bewenner Sjoerd Punter ek noch wat foto’s fan it hûs en de omjowing dy’t er yn 1996 makke hat,
Yn 2006 is it hûs yn de ferkeap kommen. de famylje de Jong gong nei Snits ta te wenjen en it hûs waard ferkocht oan Jan en Kitty Vermaat. Jan wie byldzjend kunstner en hat it fak hjir ek noch wol útoefene foar safier syn sûnens it taliet. Graach mocht er in kuierke troch it doarp meitsje en ek in praatsje hâlde.

Yn 2017 hawwe se beslúten om werom te gean nei Woerden, en it giet goed mei harren.
De famylje Kampen hat it doe kocht en wenjen der ek al wer in pear jier mei plezier.
Mei tank oan Yke, Sjoerd, Hessel, Frans, B.J. Bouma en J.W. de Jong.
Oare kear de lêste.