Visclub “De Readfin” – Opgericht juli 1941

De geschiedenis van de Visclub “De Readfin”

1941 – 2003

Inleiding:
In het begin van de Tweede Wereldoorlog, verordonneerde de bezetter dat de jaarlijkse feestelijkheden verboden werden. Ze hadden een te koningsgezinde strekking. Zodoende mochten er geen dorps- en Wilhelminafeesten meer worden gehouden. Om toch iets feestelijks en leuks te kunnen doen, werd hier in Boazum de visclub “De Readfin” opgericht, annex kaart- en damclub. De schuin gedrukte teksten komen uit het Notulenboek.

In het Notulenboek: lezen we over de oprichtingsvergadering op 27 juli 1941:

De oprichters waren:
Albert Schaafsma voorzitter, Wierd Miedema, Ernst Koopmans, Jan van Asperen, Sjoerd Dijkstra, Lammert Beeksma, Egbert Meijer, Minne van der Veen, Bram van der Veen, Hendrik Wouda en Hendrik Wiersma.
Ze stortten met elkaar 56 gulden in de kas. Dat ging best. Het aantal leden groeide hard tot 37 leden. Een mooi begin voor de nieuwe club
Er werd besloten om een visdag te houden op 6 augustus van ’s morgens 7 tot 11 uur. Daarna koffiedrinken in café Jaap Hoekstra.

’s Middags was er in de buurt van Bozum bij café Hendrik Wiersma nog een wedstrijd snoekvissen, in tobben water. En daarna gingen we kruisjassen en dammen. ’s Avonds na het kruisjassen nog een stoelendans voor de leden. Daarna deelde de voorzitter Albert Schaafsma de prijzen uit met een leve hoera voor de nieuwe vereniging.”

Tobbevissen  voor het café 1942. links Lammert Beeksma rechts Bartele Meyer.

 

Dankzij de Visclub was er in die tijd toch een mogelijkheid om gezamenlijk iets te doen. Voorlopig werd er aan de Zwette gevist, maar het doel was om jaarlijks een boottocht te maken naar een visplek en hier en daar mee te doen aan viswedstrijden in de omtrek. In de wintertijd kon de vereniging dan in de cafés dam- en kaartwedstrijden houden, in eerste instantie kruisjassen, later ook klaverjassen.

De leden vergadering van 24 juli 1944 verliep niet zoals anders.
“Er werd besloten om een viswedstrijd te houden op 5 augustus. Het was weer een gezellige dag, na het vissen. Met een kaart- en damwedstrijd. Maar we zaten daar zo gezellig als daar ineens werd de boel verstoord. Dat ja, de jonge jongens moesten maken dat ze weg kwamen want de Duitsers kwamen eraan met de auto. Dat ze kropen allemaal weg. Maar tegen de avond bekwam het een beetje dat ze keerden terug. De voorzitter sprak woorden van dank dat het goed afgelopen was, daarna sloot de voorzitter de avond en werden de prijzen uitgedeeld. Met applaus was de dag weer afgesloten.”

Viswedstrijd met oa Jan v Asperen Sjoerd Dijkstra, Jetse v/d Weide en Evert Meijer. foto 1948

“Tijdens de ledenvergadering in 1950 meldt de heer Soumokil per brief dat hij van het Koningshuis een gouden medaille heeft gekregen en dat hij de vergadering een rondje aanbiedt.” (de heer Soumakil diende bij het KNIL in Indië. Hij was met zijn gezin met verlof en konden tijdens de politionele acties niet meer terug. Hij heeft toen een aantal jaren met de familie in de Hervormde pastorie gewoond, die toen leegstond).

Dames van de catering: links Yfke Wieringa en Wopkje Hoekstra, foto 1948

In 1969 wordt er in het jaarverslag aangegeven dat de vereniging nauwelijks kan voortbestaan. De liefhebberij voor de kaartavonden zou verminderen, op een gegeven moment konden alle deelnemers aan de kaartwedstrijden wel een prijs winnen.“De prijzen konden ze wel verloot worden!” Maar het vissen moest blijven bestaan.
In 1971 werd het dertig jarig bestaan van de club gevierd met een feestelijke avond,
“Mei toniel fan de bekende ploech út Aldtsjerk, dy’t mei GOUDEN BERGEN de minsken wol formeitsje koe. It wiene de GASBELLS dy’t fierder soargen dat de joun sfearfol wie. Sadat de Readfin fol moed oan de folgjende tritich jier bigjinne kin.
Zo werd in de Doarpsskille vermeld.

In de jaarvergadering van 11 april 1989 wordt met algemene stemmen besloten (11 tegen 0) om de visclub op te heffen en als kaartclub door te gaan. De naam “De Readfin” blijft bestaan. Tijdens deze vergadering wordt in de rondvraag besloten dat er ook dames lid kunnen worden. Trots staat er dan dat er dat jaar vijf dames als nieuwe leden worden genoteerd.

Vanaf 1996 is er zelfs een vrouwelijke voorzitter, Wilma van der Werf.

De vereniging heeft het volgehouden tot in 2003. Uit het kasboek blijkt dat er tot en met februari dat jaar nog door acht leden maandelijks € 1,- lidmaatschapsgeld werd betaald. Het verenigingsjaar 2003-2004 werd in het kasboek nog braaf met een beginsaldo van €13,64 geopend.

Er is van de slotvergadering geen verslag meer gemaakt. Op papier gaat de vereniging als een nachtkaars uit.
De laatste vier vissers hebben de vereniging in de laatste jaarvergadering in april 2003 ‘ten grave gedragen’.

Bestuurssamenstelling(nagenoeg compleet)

Voorzitters:
Albert Schaafsma, 1941 – +7 juli 1952 (overleden in Amsterdam)
Wierd Miedema, 1952 – 1956
Tseard fan der Wâl 1956 – 1969
Henk Hardenberg 1969 – 1971
Siebe de Jong 1971 – 1974
Folkert Lautenbach 1974 – 1982
Oeds Tjeerdsma 1982 – 1989
Germ Stenekes 1989 – 1992
Meindert de Jong 1992 – 1996
Wilma van der Werff 1996 – 2003

Secretarissen:
Ernst Koopmans 1941 – 1963 (overlijdt maart 1963)
Jan de Vries 1961 (tot 1963 waarn.) – 1970
Meindert de Jong 1970 – 1981
Germ Stenekes 1981 -1982
Hilke Vollema 1982 – 1985
Uiltje de Jong 1985 – 1987
Sjoerd Boonstra 1987 – 1989
Ane Dikkerboom 1989 – 1992
Meindert Pasma 1992 -1996
Willem Sytema 1996 – 2002

Penningmeesters: (Worden zelden genoemd in de notulen, de jaartallen zijn dan ook bij benadering)
Nolke van Asperen 1941 –
Sietse de Vries (1947)
Sieger Mast … – 1963
Meinte de Jong 1963 – 1969
Willem Sytema 1969 – 1971
Oeds Tjeerdsma 1971 – 1985
Klaas Zantema 1985 – 1989
Meindert Pasma 1989 – 1992

Bestuursleden:
Knol 1941 – 1946
Sipke Dijkstra 1946 – 1948
Willem Sytema …. – 1983
Johannes Hoekstra 1948 –
Folkert Lautenbach 1973 –
Kees de Wolff …. – 1987
Ane Dikkerboom 1989 – 1992

Leden

Er werd begonnen met 37 leden.
In 1947 waren er 56 leden
Der wiene net allinnich leden út Boazum.
Se kamen ek út de omkriten nei de fiskklup. Yn Britswert sieten wol in stik as fiif en in Wiuwert sieten ek in stik as hwat, Yn Easterwierrum in stik as treie, fjouwer. En ek út Dearsum. Letter sels út Surhústerfean!

De naam van de vereniging.
Van de naam van de vereniging zijn in de notulen wel drie versies gevonden: De Reafin, De Readfin en De Reedfin. Vooral in later jaren schreef de secretaris “De Readfin”. Vandaar dat wij hier voor die versie hebben gekozen.

Dankzij een interview met Folkert Lautenbach hebben we een wolk aan informatie verworven over allerhande onderwerpen. Hier volgen onderwerpsgewijs grepen uit zijn verhaal.

Folkert op zijn praatstoel, november 2019                                                                                                                                                   Foto Hessel Fluitman

It fiskjen

Die boattochten, hoe lang ha jim dat dien?
No, dat is aardich lang trochgongen hjer.
Letter hiene we altiten ‘De Kenau’. We wiene doe op ‘e fyts nei Exmorra, hwant dèr lei er. Mar hy hat ek in skoft by Terherne lein.
Ien keer binne we mei de ‘Redboud’ west fan Terherne. Dat is sa’n hiele moaie boat. Dêr ha we ek mei foart west. Mar ‘De Kenau’, dat wie it skip.

En foarhinne, ‘De Wetterwille’ út Snits. Die koe hjir noch komme! Dan rounen we nei It Dearsumer Húske. Dan gongen we dèr op’e boat. We fisken altiten op ‘e moandei.

Der wie ek noch wol ris in lytse wedstriid, mar dan moast it wol in de Swette wêzen as by Kromwâl as by Reahûs. Dat wiene dan altiten wedstriden in kompetiisje ferbân .

Links Jan v Asperen en rechts Folkert Lautenbach. foto 1966

Die ferskes wer sto it oer hast, die hongen oan it publikaasje boerd en it wie de bedoeling dat wij dat as bern se út de holle learden .
As we dan wer thús kaamen fan’t fiskjen, dan moast elkenien oan ‘e dyk stean en sjonge.
Folkert: dat soene jimme miskien ek dien ha. Dan rounen we nei it Dearsumer Húske. Dan sieten we soms wol in heal oere te wachtsjen op die boat. Want doe hienen we net allegear sa’n … dat ding! (tillefoon) Mar dan kaam die boat deroan
Sjoch, dan stapte elkenien oan board en kamen der guon fan ’t bistjoer foarop,  ien mei de flagge op é skouders en de oare mei it findel. Dan kriegen alle lju oan board sa’n stencil mei die ferskes der op. Miedema probearre dan altiten dat we die mei elkoar songen. Mar dat wie in hiele toer. Wij moasten dan derta… Sjoch it wiene wol allegear bekende melodieën
(sjongt:)
“Nelis haffelt op syn tredde prúmke
Seit mar neat en tinkst safolste mear…”
No dat moasten wij dan sjonge, mei die hele optocht… Sjoch, der wiene sa’n 37 leden en der gongen soms wol sa’n tritich mei op de boat.

It Findel

Frans: En no oer it Findel. Der wie een Findel mei.
Folkert: Dat wie makke troch Wierd Miedema. Sape syn heit.
(Ik bin der opgroeid, omdat wy op ‘e Bongier wennen. Hij smookte altijd Blazerkes. Hij hie hiele doaskes.
Sape helle der wol ris in pear út, dan sieten we yn dat hok te smoken, we smookten ús in beroerte.)
En dat findel? What stiet der allegearre op? Ah, jonge, dat gie fan leverwoarst, in skuonpoets doaske. Die wiene úknipt. Ik wit it net meer sa út de holle, maar der hong miskien ek in echte medalje oan. Dat findel gong alle kearen mei, mei de boattocht. De flagge kaam yn ‘e mêst, “Hjoed los fan’t wiif” en it findel kam der njonken, fest oan ‘e mêst
Mar doe wie ik nog gjin lid, ik wie doe nog mar in jonge.

Het vaandel van de visclub. achter het vaandel staat Hinke Sybesma. feestfoto uit 1966

De sankjes

Frans: Hie de fiskklub ek in fiskliet? Wa makke dat, hoe gong dat?
Wa dat liet makke? Dat kaam fan Pyt Idzinga! Ut Iens. Oan de muorre fan ‘e tsjerke hinget in plakaat. Pyt Idzinga hat ek in pear spreuken by de Boalserter feart stean. Hy wie in âld frijgesel. Ik fûn dat al sa moai, want hy libbe hiel sober. En as der dan immen bij him thúskaam, dan sieten d’er wol deris gatten yn ‘e flier. Dan hie der âlde Panorama’s yn die flier sitte. Dat fûn ik dan wer moai.
Frans: En brochten jimme der dan materiaal hinne, der’t er oer skriuwe moast? Hij koe al die minsken dochs net? Wy sieten him dan mei elkoar die ferhalen te fertellen.

Frans: En wanneer songen jimme die ferskes dan? Under it kaarten as ûnder it fiskjen?

Dat ferske dat ik no song, derfan moest dan ien couplet ûnder it kaarten songen wurde yn it café. Mar dat wie letter gebeurt hjer. Dan kinne de measten dat ferske net meer. Ik kin dat nog. Dan moasten we dan ien couplet sjonge. Mei it kaarten? Ja.

Lieten

Wij gean út als angelbruorren
Gjin ferskil fan rang of stân
Út  omkriten en de buorren
Slút jim oan in clubferbân
Wij bewize wer opny
Foar ús Fryske fiskerij

Helje op, helje op
Wij bin angelamateurs
Helje op, helje op
Boazum Readfin bliuwt in fleur
Simmerdei seizoen  oan it ein
Oan  lampferljochte muorren
Wurdt dan damt en kaartsjes lein
Nee, sa’n jûn wurdt lang net swei
Oer ús Fryske fiskerij
Elkien sa syn eigenaardichheid.

Wer wiene jimme oan it kaarten?

Wer gong de klup hinne?
We hiene ien kear in ‘e moanne kaarten, dat wie sa’n seis kear in’t jier. Dan gongen we de iene moanne nei Jaap Hoekstra yn it Kofjehûs. By de Sylsterdyk. Dat wie ek in café! En de oare kear nei Jaap Wieringa yn it café de Boazumer Mjitte. Dus om de beurt.

Zo te zien wordt er fanatiek gekaart! vlnr, Jan Tolsma, Theuntsje Wiersma, Germ Stenekes en Meindert de Jong                  Foto Klaas Bakker

Die Miedema wie wat fanatiek op dat gebiet. Fiskjen? Ja, Nee, foar de klup, der hie der in swak foar. Doe’t er foarsitter wie, en der wie kaarten , dan wiene der wol sa’n 40 kaarters. Dat kist dy no net mear begripe, mar die wiene der samar. Ik tink dat er wol ris 45 wiene!
Bij de oprjochting wiene der 37 leden. Die kamen spesjaal foar it kaarten, want de measten fisken nea. De measten kaarten alline mar.
Der wiene 4 dammers: Sikke van de Brug, Nelis Dijkstra, Sjoerd Dijkstra, en Roel Kont.
Frans: Van der Wal? Dat sil wol. Die wenne in it hûs fan Jaap Rodenhuis.
Der binne grif wol mear west.
Frans: Bram van der Leest, Nee, dat wie in kaarter. Duorre in ivichheid, want hij moast wol hûndert keer sjen foardat er in … in ivichheid. Dat wie Bram van der Leest.

visclub 1998-1999 Henk Hardenberg altyd fol aktie en striid                      Foto Klaas Bakker

Winter jûnen

Frans: Wienen der yn de winter nog oare jûnen, toaniel jûnen? Soms is der wol in feestjûn hâlden, as der te min jild wie,
Frans: ik ha wol heart dat er wol faker in jûntsje wie?
Jawol. We hiene  ek wol ris in ekstra boattochtsje. Ik siet doe sels in it bestjoer. We ha doe mei elkoar sa’n lytse tachtig  oanskreaun en der binne sa’n fiifentweintig fan west.
Sieger Mast wie der ek by. Mar we hienen doe een feestlike boattocht, mei hwat ekstra prizen der by en sa. Mar dat rûn hwat min, hwant we soene die jûns noch efkes gesellig sitten, mar der wie doe krekt in fuotbalinterland op de tillevizje. En die woe elkenien wol sjen. Dat se gongen nei hús ta. We ha dat holden mei it fjirtich jier bestean. Maar ik koe ek wol langer lyn west ha.

Tenslotte:

Terugkijkend met de ogen van nu rijst er van de visclub een naïef beeld op. Met de eisen en gewoonten van nu in het achterhoofd wordt het reilen en zeilen van de visclub een onschuldig gebeuren. Zo werd er elk jaar gepoogd om een clublied te maken, terwijl het bestuur in 1951 al in het jaarverslag klaagt dat het helemaal niet wil, slechts drie coupletjes na een hele middag hard werken! En nog een vierde vlak voordat de visdag was aangebroken. Ook werd er een vaandel gemaakt waarop uitgeknipte plaatjes van verpakkingen waren geplakt en een paar medailles aan hingen, waarschijnlijk bij een kaatswedstrijd veroverd.
De vissers werden na de jaarlijkse boottocht om te vissen, door het hele dorp bij het Dearsumer Húske opgehaald met de zingende jeugd. Dat zou tegenwoordig gewoon onbestaanbaar zijn.
Het zal in de oorlogstijd volstrekt normaal geweest zijn om je vereniging zo body te geven. En, vooral, men was er tevreden mee! Dat werkte toen prima! Het ging de leden vooral om het plezier en de afleiding. Zeker in oorlogstijd.

 

Anekdoten út de skiednis fan de fiskclub.

Aventoeren fan Henk Hardenberg
Ik hie sels noch gjin auto en dan ried ik mei Hardenberg. Ik koe wol goed mei die man. We soenen op in sneintemoarn te fiskjen efter Deinum, Ritsumasyl. Dêr soenen we te fiskjen, mei in man as tsien of sa.
Ûnderweis sit ik mei Hardenberg. Hy hie de mûle noait ticht no? En hwat gebeurt der by it Weidumerhout, Die tille. It wie in bytsje rûchferzen. En doe slipte der. Hy hie ‘m daliks  wer hjer, mar hij pakte him  mei de foarein,  en  mei de koplampe reage der lâns  de leuning! Hardenberg raasde, Ik sit tsjin de brêge, ‘k sit tsjin de brêge! Hy sei: “Do praatst to folle!” No klear, we kinne ek gewoan trochride.
Hy sei ûnderweis tsjin my” Ik ha justerjûn fan de frou foar heitedei in nije angel kriegen. In smyt angel. Spesjaal omdat we sneintemoarn te  fiskjen soene. Doe ’t we langs it kanaal sieten, hij siet neist my, draaide hij die angel los, helle de dop der ôf en dan fleach er derút. Dat wie doe modern. Maar Hardenberg draaide de efterkant derôf en hy  smiet de angel sa út. De hiele bliksemse boel fleach sa it wetter yn.
Dat ik pakte it skepnet en besocht it wêr te pakken. En mei ien skep helle ik de angel wer út it wetter. Se sieten noch oan elkoar. Hwant it gong efterstefoaren! Gelokkich hie ik  in ien keer alles wêr. Die man wie sa gelokkich dat die angel der wer út wie.
Yn de auto sei er it al, en ûnder it fiskjen ek: “we sizzen neat, want Ine (syn frou) mei it ek net witte. Hy soe moandei wol efkes nei de garage. De koplamp wie wat stikken , maar se moast it net witte. Hwant dan komt er in hiel ferhaal fan.
Op in seker moment moasten we nei it bestjoer,  dy sieten wat centraal , om de fisk te bringen en mjitte te litten. It gong om de  fisk die’t je it lêste heal oere fongen hiene. De measten wienen al ophâlden, maar  Hardenberg woe noait ophâlde. Die wie altiten ien fan de lêsten foar ’t er ophâlde.  Hy miende dat er altiten noch in de lêste minuut noch ien fange koe.
Wy kommen dêr ek oanriden mei de auto, de fisken dêrút, mjitte, weagje, en wilst er al in hiele ploech stie, gong er ûnder de auto lizzen, efkes sjen wat er oan mankeart! Fregen se: “Wat is dêr mei de auto jonge?” “Bin tsjin de brêge riden, Folkert syn skuld, want die praat tofolle!
“Moast dan ek efkes fertelle hoe’t mei die angel siet!” “Dèr prate we net oer!” “He’k dy net rêdden?” Mar dat woe der net witte, dat er die angel in de plomp goaide. Maar it ferhaal wie klear: letter yn it kafee wie it it praat fan ‘e dei.

In klomp  mei wjirmen

Eartiids waard lang net sa folle fongen as letter, hwant doe waard elkenien  professioneel, amers fol foer mei. Dat hiest froeger net. Eartiijds hiene se in klomp mei wjirmen!
Post Hoekstra út Britswert gong dan de jûns nei hûs, dan hie der moai ien op en dan stie die klomp noch efterop. En sjoch dan stapte der op de fyts  en dan sloech er de poat oer it sadel en dan  fleach die klomp der ôf, want hij hie ek altiten klompen oan. Dus dat wie net de klomp die efterop siet,  Hij hie de poat net heech genoch! De klomp fleach út. Mar dan woe de beslist de klomp oan he mei die wjirmen!
We seinen, we pakken die klomp wol op, maar hy sei: Hjir is die klomp!! Seinen wij: dat is die klomp mei wjirmen! No, der kin ik wol in boek oer skriuwe!
Man hij wie al dik oer de tachtich en hoe’t hij dan op it fytske wer yn Britswert kaam, Mei in riedsel.

Ernst Koopmans en it pannelid.

Een mooi ferhaal gong oer Ernst Koopmans. Die siet oan board te kaarten, maar hij hie de angel útlizzen. Wy wiene noch jong en dan fyn je fan alles út.  Dan gongen we nei de frou fan Jaap Hoekstra, die wie ek mei te sopsieden. Se hie in grutte panne mei mei sa’n deksel der op. Fregen wy : Meie wij dat deksel efkes brûke ?‘Jawol” seit se. w makken it deksel fêst oan it snoer  fan Ernst Koopmans. Doe gongen we nei him ta en seine  dat de kurk en alles  ûnder wetter wie! En we ha al efkes fielt en der sit dochs in fisk oan! Alderferskrikkelijkst . Ernst út de boat. “hwer is in skepnet!” hy fjlocht nei die angel . Mar as’t in deksel  yn ‘e feart dochst en hellest dat op, dan giet dat swier, hwant dat is bol. No hy raasde om in skepnet. En wy stienen efter him en wy kamen net meer by.

De âlde mantsjes

Dan hie’st  dy âlde mantsjes, sa as Egbert Meijer en de âlde Koen, dat wiene doe minsken, die sieten ek hast tsjin de tachtich, wol’k leauwe. Die minsken dy gongen hast elts jier  mei . Dy sieten wol meer yn’e boat. Dy hiene wol in angel, die goaiden se út.
As  se yn e bus kamen, mei dy angel, dan siet de wjirm fan it jier der foar dêr noch oan.
As’t de âlde Durk Jellema hieste, die wenne letter  yn die húzen  fan’e Tryntsjebuorren, achter it pakhús. As die thús kaam, dan sette er de angel wêr yn it klompehok yn’e hoeke del. Dy kam er net letter as it oare jier wer wei.

Hielke Schuurmans te wetter

Hielke Schuurmans  die gong ek wol mei. Dat wie echt in fanatieke fisker hjer. Doe siet ik ek yn it bestjoer en dan kaam der by mij  en dan dan seit er, Folkert der hinget in dikken ien oan mar it snoer is stikken. It is fan  boppen  ôfbrutsen en die fisk swimt hjir noch altiten roun , de kurk sjochst noch wol. As ik er nou yngean, en ik pak him en hy komt er mei út. Docht er dan noch mei? As do him der út krije kist, dan mei dat fan my. No hy de klean út en hoppekee yn ‘e plomp. En hy is mei dy fisk op’e wâl kommen! It wie sa’n brasem!

Folkert leert Biljarten

Sju, By Jaap Hoekstra oan ‘e Sylsterdyk, ha ik it biljerten leart. Dat wie bûten it doarp! Sneintemiddeis, dan rûnen wy de Griene dyk om en dan die Jaap Hoekstra de gerdinen ticht en it ljocht op, en dan biljerten wij der, as jonge jonges ûnder elkoar.
Dan rûnen we mei in hiele ploech en dan gongen we by Jaap Hoekstra to biljerten!

Folkert Lautenbach seizoen 1998-1999                                                                            Foto Klaas Bakker

Ik moat wol in Priiske mei ha!

Die Piet Krol wie der ek by, út Easterwierrum. Die kaam dan te kaarten en dan kaam der eerst by Tolsma  yn de winkel, en kocht er in pûn wiete woarst. Hy sei, ik moat in priis ha, dan kin ik sitten bliuwen, dan hat myn frou dochs noch in priiske.

Willem Sytema seizoen 1998-1999                                                                                 Foto Klaas Bakker

It prúmke fan Kees Kamstra

Kees Kamstra die prúmke altiten sa no, Dat wie in âld frijfeintl En die pisse nea, die kaam nooit by de tafel wei. En doe wie it bier op, doe gongen we mei elkoar om it bier nei Terherne. Dat we fare nei de brêge fan Terherne. En die Kees die prúmke altiten. Doe stie der neist die broer fan de frou fan Sikke Hoitinga. Die hie  sa’n wit boesgroentsje oan. En doe leinen  we der mei die boat in Terherne, mar sjoch it waaide flink en it  twirre ek. En Kees  stie altiten tsjin de railing oan en Sikke stie mei syn sweager ek sa tsjin de railing oan. Kees die flybke  de hiele tiid mei dat prúmkesop sa mooi oer de railing, dat wie de man went, dat wie in automatische beweging, en trochdat it sa twirre, kaam  dat prúmkesap sa wer werom en dat kwitst sa achterop dat witte boesgroentsje.

In minne namme…

De feriening hat in minne namme krige doe’t se in 1946 de earste kear fuort wiene. Se binne doe yn Wergea west mei de boat. Die boat wie fêstrekke yn de Bartens en in pear mannen binne doe rinnende nei Wergea gien. De kastlein van Wergea hie wat drank opslein. Dat wie doe net mear te krijen.  Der ha se doe wat fan krigen. Drank wie krap, hast net mear te krijen en boppedat net mear te beteljen.  Dat wie de reden fan al dy ferhalen. Sa wie der ek in ferhaal dat se yn in sinkput sieten te fiskjen. Die ferhalen bliuwe bestean.

 

Samengesteld door:
Teatske Lanting, Frans Tolsma, Hessel Fluitman

Aan de hand van de Verenigingsnotulen en verhalen van Folkert Lautenbach. 
Met foto’s van Klaas Bakker en uit het archief van Frans Tolsma

 

 

Feest lied 10 jaar bestaan van de Readfin 1951