Yn 1950 de grutte slach om yn Boazum door Jaap Bijlsma

Yn 1950 de grutte “slach” om yn Boazum, troch Jaap Bijlsma

Yn it eardere stik haw ik ferteld oer wat myn mem bedoelde mei “de lytse slach om”

Links Gebouw 1880 bewaarschool. Rechts de smederij van Ane Smit. foto uit 1950.

As mem ús yn de skoalfakânsjes, foaral mei min waar, ris efkes kwyt woe, dan sei se: gean de lytse slach mar efkes om of de grutte slach. Dit wie natuurlik besjoen fanôf it Amelân, wer’t wy wennen.

Ik begjin no dus oan dy grutte slach fanút de posysje wer’t ik de oare kear ophâlden bin, op de Waltawei by it saneamde Herfoarme forieningsgebouw, earder de Bewaarschool. Foar hok foar aktiviteiten it krekt brûkt waard wyt ik net meer, wol dat it gebouw fan de Grutte tsjerke wie, en wij grifformearden kamen der net faak. Toen ik yn 2000 de Slachtemarathon mei rûn, bin ik efkes fan de route oer de Griene dyk ôfweken om efkes yn it doarp te sjen en haw ik by Karel en Magda van Ommen oan west, dy’t yn it hûs wennen fan dit ferieningsgebouw, omdat hja doe kosteres yn de grutte tsjerke. Karel hie earder in oantal jierren by ús yn it meubelfabriek yn Frjentsjer wurke. Doe’t ik yn 2000 dêr yn dy seal sjen mocht rûk it der noch krekt sa as 50 jier earder !

Neist de Bewaarskoalle, op de hoeke fan wat no Tryntsje buorren hjit, wenne Ate ferwer( Ate de Vries) dy’t hússkilder wie en foar ús heit earder gauris {foar en tiidens de wrâldkriich) klompen ferwe.

Oarekant de dyk wennet no de famylje van Brummelen, eartiids fûnen wy dat in “deftig” hûs. Yn ien fan de folgjende húzen wenne Cuperus fan de stienhouwerij, oan dat hûs is yn de foargevel in protte natoerstien ferwurke en wat fierder op komme je al gauw by dokter Miedema syn hûs op de hoeke fan wat no de dr. Miedemastrjitte hjit. As bern haw ik it noait nedich hân om nei syn sprekûre, ik wit dus net hoe’t it doktershûs der fan binnen út seach, mar it makke grutte yndruk op ús, foaral omdat dokter by de ”upperten” fan it doarp hearde en hy ek noch in auto hie! Jaap fan Hindrik/Jetske (de Vries) fertelde my koartlyn dat as sy wer in broerke of suske kriigen, har ferteld waard, dat dit berntsje út de kelder by dokter wei kaam. Yn it hûs skynt in soarte fan keldersrútsje te sitten wer’t soms de medisinen ôfhelle wurde koene .

A Smit hier aan het werk. De ronde betonplaat waar hij hier opstaat is er nog. Achter hem staat nog een Citroen Attration.

Tsjinoer it ferieningsgebouw wie altyd folop drokte fanwege de smederij fan Smit. Smit hjitte en smid wêze dat is nochris konsekwent! Spesiaal at der in hynder beslein waard stiene wy der faaks nei te sjen. We moasten wol rêstig bliuwe, want de smid woe net graach in skop fan it hynder krije. It rûk altyd sa lekker as hij it hoefiizer hyt hie en it fêstset waard ûnder de hoef, der kaam lekker wat reek ôf. Hjoeddedei sil sok rûken fest net goed foar je sûnens wêze, mar der waard doe noch net oer prakkeseard, wol sa noflik. Ek it echte smidswurk mei it soms gleone reade yzer wie prachtig om te sjen. At de smid der op sloech om it yn ‘e foarm te krijen spatten de fonken der ôf. Jammer dat bern dit soarte fakmanskap hast net mear te sjen krije.

In oare drokte wie it krúdenierswinkeltsje fan Nolke/Wytske. Al hoe lyts it ek wie, der wie hast gjin nee te keap. Ik sjoch noch it ôfweagjen fan de ferskate artikels yn de puntpûdsjes dy’t op de weegskaal yn in hâlderke set waarden en de tsjingewichtsjes yn evenwicht bepaalden of je in ûns of in poun kriige hiene.

Inkele húzen fierderop hiene je de slachterij fan van Dyk. Ek dêr wie fan alles te belibjen as bern, yn it bysûnder at der slachte waard. Ek by dat slachterswurk wiene lytse opsichterkes net sa wolkom, mar we hâlden ús hiel stil en waard der in baarch slachte, dan wiene je de wereld te ryk as je in bargebongel krigen. Dy bongel waard dan opblazen en dan hiene je in soarte fan fuotbal. Yn 1953 is de slachterij oernommen troch Jan en Henny Tolsma (de heit fan Frans)

Jan Keunimg mei de swartebrand. Op de sekken J K [Jan Keuning].
At wij de grutte slach diene, dan gongen wij hjir linksôf de Dr.Miedemastrjitte yn. Op de hoeke stie ek in wat foarnamer hûs en wol it hûs fan de plysje, der is plysje Donkervoort yn kommen te wenjen omstreeks 1952, koart foar wij nei Frjentsjer giene kaam by mij yn de tredde klas in dochterke fan dy nije plysje te sitten, volgens mij hjitte se Janny. Fierder de Miedemastrjitte yn hiene je lofts it postkantoor. Dat wie doe noch in folwaardich bedriuw mei in echte kantoorhâlder Schaafsma en of’t hy ek tagelyk postrinner wie wit ik net. Dat is beskreaun yn in ferhaal fan frou Lanting, dy’t der no tsjinoer wennet.

Neist it postkantoor hiene je de swarte branjehandel van Jan Keuning. Werom ’t sy troch ús Keunings/Detsje neamt waarden en net Jan-en Detsje, is my noch altyd in riedsel. Harren bern, û.oaren Gerrit (Gijsje Goochem neamd) sieten by ús op de Chr. Nat. Skoalle, se wiene leauw ik orthodox herfoarme en giene sneins nei de mûzefalle , it tsjerkje wat der no sa moai by stiet op de Waltawei. Keuning hie doe al in lyts frachtautootsje, hiel modern doe. Ik tink dat hy de swarte branje faeks levere kriich yn in spoorwagon dy’t hy dan leech helle wer’t it eardere Boazumer stasjon stie.

De bakkerij fan Lok. Bij de bôlekarre Hendrik Buwalda.

Oare kant de strjitte hiene je weinmakker Hans Semplonius, mar ek dat ambacht is útstoarn. Yn de 50er jierren is de weinmakker yn Boazum der mei ophâlden, ik leauw dat ik my alinne noch herinnerje kin dat der wat reperaasjes oan âlde houten boereweinen dien waarden. As der by in boer wat nijs komme moast waard dat fanôf dy tiid in Miedema-wein op luchtbannen. Âldjiersnacht wie de jeugd faeks oan de slach om san âld houten wein ergens op in dak te setten, die haaiweinen koene útelkoar helle wurde. Stiene de weinen oeral binnen, dan wiene faeks de húsketonnen oan de beurt. It wie in hâlden en keren om de nacht fan Âld op Nij in bytsje hielhûds troch te kommen en it earste wat wy as lytskes Nijjiersmoarn diene wie it doarp troch om te sjen wat der te rêden west hie.

De bakkerij fan Sikke en Klaske van der Brug. en rjochts de smederij fan Beint en Atsje Douma.

We geane no rjochting de Havens. Op de hoeke by it skoalplein wie doe noch bakker Lok. Fierderop nei de Havens hiene je bakker Plat en letter bakker van der Brug, doe wie Boazum noch trije bakkers ryk! At se it allegearre ryk hiene falt te betwifeljen, bakker Lok hâldde al gau op en bakker Plat gie mei de húshâlding nei Californië. Dochterke Afke wie befreone mei myn âldste suske Ali, Afke hat letter noch gauris by ús yn Frjentsjer op besite west. Nei  harren kaam van der Brug der yn.

De bakkerij fan van der Brug, alteast it hûs, stiet der gelokkich noch. It docht my noch altyd tinken oan de plaatjes fan de Soete Suikerbol fan W.G.v.d.Hulst en de tekeningen fan Anton Pieck.

Sneons hiene wy frij fan skoalle. At it dan ris min waar wie en we hiene net folle te dwaen, dan giene we wolris foar de bakkerij stean te sjongen, hieltyd itselde ferske dat einige op: “dan falt de bakker op syn gat en dan binne alle broadsjes plat”.

Hie de bakker dan syn nocht fan ús gesjong, dan krigen we faeks in bôlekwaste of wat oar bakkersguod, mei it betinkst dat we fuort gean moasten, der wie it ús no krekt om te dwaen.

De Sparwinkel fan Klaas en Hinke Sybesma.

Ik wit noch hiel goed dat der yn bôleguod net san protte kar wie as hjoeddedei. It wie griize of wite bôle en kuch. De bôle waard útsútele troch de bakker sels en faeks hie dy in bolkoerrinster oan it wurk, dy’t holp by it súteljen, û.o. Jeltsje fan Tsjerk Futter. Moasten wy dan tuskentroch nochris in bôle helje, dan waard der in stik papier omhinne dien by de bakker. Gelokkich foar ús wiene de úteinen fan de bôle “vrij toegankelijk” foar ús lytse bernehantsjes en plôken wy der wat út, want wy hiene altyd wol sin oan wat ekstra, want mei safolle mûltsjes om de tafel, wie it nei in pear stikken bôle wol ho, of ’t je no sin hiene oan mear as net, honger mochten wij it net neame, want honger hiene se yn de oarloch, der waard altyd sein: jimme witte net wat honger

Bij it praten oer de bakkers binne we al foarbij it krúdenierswinkeltsje van KlaseHinke (Sijbesma) Wat kamen we der faak, Hinke paste ek wolris op ien fan myn suskes, ik leauw foaral Sjoukje. Sels hiene se gjin bern, dat begrutte eltsenien o sa. Klaas gie mei de koer op de transportfyts te súteljen. Wy kamen der leaver twa of trije kear deis om in boadskip, want dan kriigen wij in suertsje.

Oare kant de âld bakkery hiest in lyts pleintsje by de feart, dit sil earder in laad/losplak west hawwe toen it measte guod noch oanfierd waard mei skútsjes. No waard de kade ( wol in grut wurd) noch brûkt foar it laden fan de tontsjepream troch Albert tontsjeleger, dy’t der mei nei de dwinger, oare kant it spoar fear. Oan dit pleintsje hie Beint smid syn bedriuw, it wurd z.z.p-er wie noch net útfûn. Beint koe op elektrysk gebiet san bytsje alles reparearje. Hy wie ek de man dy’t de elektryske peallen yn moast at de boppegrûnse elektriciteit útfoel of dat de kweajonges ien fan de porseleinen “potsjes” boppe yn in peal stikken gooit hiene mei in graue klinkert. Hy hie fan dy, ik wit net hoe je se neame, in soarte fan klauiizers oan de fuotten en dan klom hy samar boppe yn sa’n peal en hie de hannen frij om syn reparaasje te dwaan.

Grientewinkel Teun Jellema.

Nei bakker Hardenberg kamen je wer út op wat no Tryntsjebuorren hjit, mar dêr stie noch de winkel fan grienteman Jellema. Je koene beide kanten lâns de winkel om rjochting Jabiks hok en rjochting de winkel van Nelis (Dijkstra) te kommen. Wy neamden dat ek wol de winkel fan sinkel, dêre wie fan alles te

De saneamde lytse en grutte slach binne we no om, oer Tsjerkebuorren, wy neamden it Tsjerkes-ein, is fêst ek noch fan alles te fertellen. Ik wyt noch dat neist bakker Lok it masterhûs fan meester Sytstra stie en de Iepenbare skoalle, dan kriige je in paedsje rjochting Germ brijsútelder en oare kant oan it begjin fan Tsjerkebuorren it klompewinkeltsje fan Looyenga. Op tsjerkebuorren hiest dan ek noch Job slachter en woene je binnentroch oer it tsjerkepaedsje nei Wiuwert, dan moasten je oer it hiem fan de famylje Lautenbach. Der hat ek noch in famylje Roeda wenne. Ik leauw dat dy syn brea fertsjinne as hússkilder. As griffermearde bern kamen wy hast nea yn de grutte tsjerke, mar ik wit noch dat wy der in skoftsje tsjerke hawwe toen de griff. tsjerke of ferbouwt waard of ferwe. Foaral it oargel makke grutte yndruk op my mei al dy moaie ingeltsjes.

Oer de grutte tsjerke hoech ik neat te fertellen want it is in pronkje en Boazum is der ferneamd om. Op it tsjerkhôf kinne je noch folle nammen op de sarken fine fan âld-Boazumers. De poel neist de tsjerke neamden wy altyd de terp, hiel bysûnder san moai stik wetter ticht by de tsjerke, dat hiest by gjin inkeld oar doarp yn de omkriten! En dan stiet der noch in hiel foarname postery, wer’t noch in protsje Ambonezen ûnderbrocht binne, doe’t se út it lettere Indonesie wei moasten.

Ik haw no sawat it hiele doarp beskreaun sa’t it doe wie. Ik neam noch efkes de orthodox herfoarme tsjerke oan de Waltawei wer’t wy mei it Krystfeest ús earste sinaasappel kriigen. Oare kant it paed nei boer Huitema hiene je dan noch de griff. posterij, wer’t no de fam. Kroes wennet. Yn myn jeugd wenne der û.o. dûmny W.Baas, earder ds. Voerman. In bytsje fierderop hiene je winterdei de iisbaen. Eins mochten wy der net op riide, omdat dy iisbaen ek op Snein iepen wie. Begryp my goed, hy wie earst iepen as er tichtfearzen wie.

Oare kant de Waltawei hiene je Roel (v.d.Wal) syn pôle. It wie blykber partikulier eigendom, mar der waard wol op dit fjildsje keatst en feestfierd. Neist de pôle hiene je dan it hûs fan Stenekes. Oare kant de dyk de Christelijk Nationale School en it moderne Masterhûs fan meester Klaassen. Ik haw dêr trije jier nei skoalle gien, earst by juffrouw Van Wageningen, yn de twadde en tredde klas juffrouw De Boer en noch hiel efkes yn de fjirde klas ha ik by master Klaassen sitten. At it in bytsje winter wie giene de gruttere jonges faeks oare kant de dyk te skoske brekken en kamen faeks mei wiete fuotten thús. Wat my fan dy skoalle foaral bybleaun is, dat is de saneamde bestjûrskeamer. Jierliks kaem de skoalarts ús der neisjen op ús sûnens, wat in grutte yndruk op ús makke.

Yn it koart haw ik hiel Boazum no troch west. Mar krekt hoe je troch Boazum geane, der yn of der út, hjir by de skoalle begûn of eindige it doarp. Giene je hjirre rjochting de Yndyk dan kamen je by it binnepaed nei Dearsum en de Beatrix-beamkes. It Sneinse kuierke wie altyd dy kant út, hinne en werom de Beatrixbeamkes, mei je lytse berne- eagen wiene je de wrâld dan hast

Beatrixboskje 31-01-1938