Fan molktapper oan de SRV-wein. Boazum 2020
In útstjerrend berop, alhoewol it hjoeddeis wer hiel gewoan is om de boadskippen thús besoargje te litten. Foaral no’t de minsken minder nei de stêd as supermerk geane. Alles yn ferbân mei it Covid 19 firus.
Foar 1900 wiene der fansels in protte boere-arbeiders dy’t alle dagen molke mei nei hûs nommen, en de boeren makken sels har bûter en tsizen. En dat waard tink ik yn de lytse doarpswinkeltsjes yn de omkriten ferkocht. Yn Boazum wiene der ek grutte tsiispakhúsen. Van der Mei, Leense Wagenaar, de Rollema’s. De pakhúsen stiene oan de Havens, Van der Mei (letter de Chr. Skoalle), Leense Wagenaar ek oan de Havens, en dy fan Rollema oan de Waltawei (no Lipkje Adema)
Mar der soe feroaring ynkomme. De boeren stapten by elkoar, sa om 1900 hinne, en woene coöperatieve súvelfabryken oprjochtsje. Rûnom yn Fryslân waarden de fabryken bout.
Der wie sels sprake fan dat de boeren fan Boazum en omkriten it oprêde soene om de fabryk in Boazum del te setten. Sels myn oerpake Foppe Siderius siet mei yn it oerliz. Mar it slagge net. En it fabryk kaam yn Wiuwert. Dat kam gaadliker út mei it ferfier oer wetter, wat doe fansels tige wichtig wie. Der kaam in bestjoer der’t Sjoerd de Witte (de oerpake fan Egbert de Boer) ek jierrenlang yn sitte soe.


En de boere-arbeiders fan doe gongen massaal nei it bûterfabryk, sa’t men dat doe sei.

En der kaam ek wurk foar oare minsken. De molkriders moasten de molke nei it fabryk bringe en de suvel moast by de minsken brocht wurde.
Der ha ferskate molkriders yn Boazum west. Jaap Wieringa, Pier Wijnja, Tjitse Dijkstra, Pieter Cnossen fan Skearnegoutum en Willem Sloot.
En as lêste wie der ek noch Taede Visser fan de Yndyk. Hij buorke op de pleats fan no Jan de Vries. Hij wie al molkrider yn Hijlaard en hat dat yn de sechtiger jierren ek noch fanút Boazum dien. Hij brocht de molkbussen de oare kant út. En wol nei de suvelfabryk fan Weidum. Doe’t dy ticht gong yn 1969 is Visser der ek mei ophâlden.


En de molke moast fansels ferwurke wurde. In protte manlju út Wiuwert en omkriten ferstjinnen hjir har brea mei:


Pier Giliam wie grif de earste molktapper fan Boazum. Hij hat it oan’t 1941 ta dien. Se wennen yn it hûs oan de Havens, dat der no net mear stiet. Se wennen oan de linkerkant. Hij kaam fan Pingjum en wie trout mei Hieke van der Veen. Se krigen 5 bêrn, 3 jonges en 2 famkes. De jonges mochten allegearre te learen. Mar de famkes waarden arbeidster/melkster by de boer. Ien fan de froulju wie Attsje Giliam. Hja troude letter mei Gerrit Bonnema en wie de mem fan Jappie Hieke en Laas Bonnema. (Laas is al wat jierren wei en wenne yn it no fertutearze hûs oan de Havens).




Yn 1941 is er der mei ophâlden; sjoch de kranteberjochten.


It boppensteande berjocht komt út de Ljouwerter Krante. Bêrn fan de legere skoallen krigen Fryske les, en mochten dan briefkes skriuwe oan muoike Wike. Dy joech dan antwurd via de krante. Yn dit gefal wie dit oan Anneke van Dijk ( de dochter fan Willem en Joukje fan Dijk). Letter waard muoike Wike opfolge troch muoike Jant.
Der hat doe ek noch koart in oare molktapper west en dat wie Wiebren Bijlsma, we witte net hoelang as er dat dien hat, mar doe’t er in 1939 stoar, stie der noch molktapper by syn namme. Neffens de ferhalen helle hy de molke út Littens.
Wiebren wie de heit fan Jacobus en Johannes Bijlsma (ja die fan de klompmakkerij). Wiebren kaam fan Lollum en wie 2x trout, De earste frou wie Jetske Douma en der krige der fjouwer bêrn bij. Syn twadde frou wie Sjoukje van Dijk, der krige er de beide jonges Jacobus en Johannes by. Sjoukje wie wer in tante fan Pieter van Dijk fan Makkum. Jacobus troude letter mei Anneke Postma (Kobus en Anneke) en kamen letter ek yn Boazum te wenjen.
Wiebren en Sjoukje wennen ek op it Amelân.


We witte it net sekuur mar nei Wiebren hat Hendrik de Vries fan Jabiks Minke ek noch in skoftsje molktapper west. Doe’t er yn 1943 mei Jetske Dijkstra troude stie der ek melkventer op de trouakte. Mar hoelang dat is net bekend.

Doe’t Pier Giliam ophâlde, is Germ Wieringa molkboer wurden. Hij hie in moaie karre mei in kêde derfoar. Germ hie in goede help oan syn frou Janke, der’t der yn 1938 mei troude. Se wennen yn it hôf, sa as wy altyd seine. In skitterende tún mei blommen en fruchtbeammen. De famylje Martens wennet er no. En der is letter noch in hûs yn it hôf bout, der’t no de famylje Rameau wennet.
Fan Germ en Janke ha we wat mear foto’s






Germ sutele allinnich mar yn Boazum, mar ik wit net as er der ek fan bestean koe. Ik tink dat er de boeren simmers ek wol yn it hea holp.
Yn 1965 krige Germ AOW en halde er der mei op. Doe’t Germ wat jierren letter ferstoar, is Janke syn frou ferhúse nei Menaem.
Doe moast der in nije molkboer komme en dat waard Klaas van der Wal út Wiuwert. Hij wie mei syn frou Gre útbater fan it cafe der. Hij kaam as earste mei sa’n lyts molkweintsje. Der binne spitigernoch gjin foto’s fan. Wa’t him al sjen wol kin nei bylden sjen fan de Doarpsfilm 1966 fan Wiuwert op You tube.

Yn 1972 stoppe Klaas der mei en waard setbaas yn in Cafe yn Rottum. Soan Eelke hie in handel in sportprizen yn Nijehaske en levere jierrenlang prizen oan de keatsclub yn Boazum. Se hiene hjir doe sels in Eelke van der Wal partij.
Der kaam al gau in nije molkboer en dat wiene Durk en Wikje de Jong. De molkfabryk yn Wiuwert wie doe al sletten en Durk helle earst noch syn suvel op út Skearnegoutum. Dizze draaide doe noch. Hij die dat doe mei in auto mei in karre der efter. Doe’t Skearnegoutum ek ticht gie, slúten se har oan bij de SRV yn Jirnsum. Se krigen doe in lytse SRV-wein en letter kaam der in gruttere sa as se der no noch altyd binne. Thús yn Wiuwert hiene se it cafe en Wikje hie der ek noch in lyts winkeltsje. Alle winkellju stoppen mei de ferkeap. En Durk naam dat assortiment (en ek de bôle) der by. Sadat de minsken net nei de sted hoegden. It wie altyd in drok bestean. Hiele dagen by de klanten lâns, jûns de karre himmelje en wer oanfulle. En as der mear ferlet wie brocht Wikje de spullen en fulde karre wer oan. Yn 2002 wie it genôch west. It lichem begûn te protestearjen en it wie dien mei de SRV wein.




Mar der wie al wer in oplossing. De bruorren Veenstra út Wergea namen it rayon oer, al kamen se mar ien kear yn de wike. De minsken koene dochs har molke en bôleguod út de karre helje. It wiene meastal de âldere minsken dy’t yn de wein kamen. De grutte supermerken yn de stêd hiene fansels folle mear. Elk hie in auto. Yn Skearnegoutum kaam de Poeisz. Ein 2018 kaam it berjocht dat de Veenstra’s der ek mei ophâlde.


Mar der binne hjoed-de-dei noch altyd besoargers oan hûs yn Boazum. We neame Abma de grienteboer, bakker Ypma, de tsiisboer, dan man mei diepvries produkten en de fiskboer net te ferjitten. It blije Ei út Skearnegoutum kin Boazum ek al fine. En net te ferjitten de aaiferkeap by Jelle Adema, en it winkeltsje fan Piet de Boer. En dan ek noch Lidewij de Boer mei har eigenbakte bôlen en oare lekkere traktaasjes.
En as je wolle kin je boadskippen besoargje litte troch de supermerken.
2 foto’s fan de fam. Giliam ynstjoerd troch Klaas Giliam.