Arbeiders Boazum nei de 1940-45

De arbeiders fan Boazum.

Nei de twadde wrâldkriich.

Alles moast wer opbouwt wurde, wie noch op de bon, en der wie gjin hout om te stoken, alle beammen lâns de Suderdyk wiene al kapt tidens de strenge winter fan 1944/45. Mar Doarpsrûnte wist rie. Ut in ferhaal fan Lanting bliek, dat er yn 1945-46 wol turf stutsen waard, achter Poppenwier. Der wie in ploechbaas. Yn Boazum moast Rienk Zwaga in oantal sterke mannen bij elkoar bringe, dy’t te turfstekken woene. Sa kaam der ek bij ús heit, dy’t ek noch net oant wurk koe, omt der gjin materialen wiene ( ferve) . Dat wiene Jan Posthumus, Jan Pool, Bram van der Veen, Jappie Lanting en Rienk sels. De turf dy’t se stutsen, wie foar Boazum. Sa hie elk doarp in stik grûn.
Sa koe de boel thús wer ferwaarme wurde, en ek de bakkers en slachters koene wer stoke en rikje.
In jier letter moasten ferskate jongeren yn tsjinst en waarden nei Ynje stjoert. Ek de oare manlju krigen wer wurk bij de boer, as arbeider (los) as wurkman.
De measte arbeiders wiene ek oanslúten bij in arbeidersbûn. Sa hiest yn Boazum ANAB, dat wie de Algemene Nederlandse Arbeiders Bond. Der’t yn 1958 Rienk Zwaga foarsitter fan wie. Jan Scholtanus syn heit Pieter wie doe skriuwer, en Ernst Koopmans (de skoanheit fan Rienk) wie ponghâlder. Hjirûnder in ferslach fan sa’n fergadering.

 


En dan hiene we de Christelijke landarbeidersbond, wa’t hjir foarsitter fan wie, koene we net fine, mar we ha wol in foto fan in reiske. Dat wie yn 1950.
It blykt wol dat beide bûnen ek leden hiene fan bûten Boazum.

 


De nammen fan de minsken op de foto binne: wer’t in E stiet is dus Easterwierrum)
Boppe oan : Frans Talsma ( soan út it 1e houlik fan Machiel Talsma (E), en Sybe Meetsma (E)
Derfoar allegearre steand: Diedert Jellema, Harm Lautenbach ( de heit fan Folkert) Kees Cnossen en syn frou (E) , Auke de Jong ( wenne yn it hege hûs) , Tjitske Talsma-Punter, de frou fan Frans Talsma (E), dan ûnbekend, dan Albert Sijbesma ( broer fan Klaas) Willem van der Meer ( wenne yn t hûs fan no Anton en Connie, en Sjoerd Dijkstra, frachtrider Altaplein.
Dan sittend : Bieke Jellema ( frou fan Diedert) Jeltsje Sijbesma ( 2e mem fan Albert en Klaas), Tjipkje Talsma (de 2e frou fan Machiel Talsma ( E), Anneke en Kobus Bijlsma, wennen doe op it Amelân, en de frou fan Jouke Zoethout ( E).
Dan foarste rigele: unbekend, Durk Sijbesma de heit fan Albert en man fan Jeltsje) dan ûnbekend, Renske de Jong (frou fan Auke), frou Koldijk en Koldijk (E), Siepie Sijpersma (E), Janke Weiland en har man Hienze Weiland (E) Jouke Zoethout(E). Marijke Dijkstra de frou fan Sjoerd Dijkstra en Tryntsje Lautenbach de frou fan Harm.

Dan komt de economie wer wat op gong, mar yn begjin 50er jierren binne der ek in protte arbeiders emigrearre nei doe noch faaks Kanada, mar ek Australie en Nij Sélân wiene wol yn trek. Elk woe it better ha, mar dat slagge fansels net altyd. Guon wiene dea ûnwennich, as hiene der ek grutte earmoede.

De boeren hjir yn Fryslân koene it troch de mechanisaasje wol sûnder arbeiders dwaan en ek de fertsjinsten wiene bij de fabriek faaks better. Boerefammen sochten ek oar wurk.  Sa kamen der begjin 60er jierren ek adfertinsjes yn de kranten, b v foar Lankhorst, van der Heem, de VSF ( de stofsugerfabryk yn Ljouwert, Philips).

sa begûn it. No wie van der Heem wol ( as as ik hearde ) ûnder diel fan Philips, mar se makken Erres tillefysjes.

Der is yn elts gefal ien Boazumer hinne gien, dat wie Lammert fan der  Meer.

Ek Philips makke gebrûk fan  de media

Sa bedarre Limke Bijlsma yn 1970 bij Philips yn Snits. Letter is se mei ferhúze nei Drachten , en yn de 80er jierren is se sels fanút Boazum nei Drachten ferhúze.  En der wennet se no noch altyd. We fûnen ek noch in kranteberjocht dat se in prijs wûn hie foar in goed idee bij Philips.

 

echt net mear fan dizze tiid

Yn fan de eersten  dy’t nei Philips yn Drachten gong wie Ymke Punter. Hij wenne mei syn húshâlding yn de Tryntsjebuorren, no famylje Kampen. Hij wie  arbeider bij Siemen van Dijk op Yndyk.

harren trouwfoto

Ek bakker van der Brug waard saneert en ferhúse nei Drachten mei it hiele neiteam. Hij hat noch in skoftke wurke bij de bakkers coöperatie yn Rien, mar keas doch foar in oar bestean bij in bakkerij yn Drachten. Der kamen se yn e doe nijbou te wenjen. Ik miende de Stoeken.

de húshâlding fan Sikke van der Brug

En grienteboer Theun Jellema hâlde der mei op. Sij gongen nei Reduzum. Miende dat er yn de fersekeringen gong.   Ja, ek de middenstân hie it krap.

Teun Jellema yn de auto

Ek de jonge froulju woene net alle wurk mear dwaan. Sa wurken Tjitske Schuurmans en Tjitske van der Leest op in atelier.  Femmy Hardenberg wurke bij Wâldsein fersekeringen.  Neffens mij waarden se dan moarns mei in buske ophelle.

Riek Scholtanus, Tjitske va der Leest en Tjitske Stienstra. foto fan Jan Capel.

Dan de manlju dy’t nei de stofsûger fabriek yn Ljouwert giene. U.o  Kobus Bijlsma, soan Johannes dy’t de wurknimmers mei in buske ferfierde nei Ljouwert. Ek Teije Kooistra hie de kappersskjrre dellein en gong mei nei Ljouwert.

Kobus op de brommer feest 1969

It hat ek noch efkes it plak west fan Teade Visser, hij moast om sûnens redenen stopje mei buorkjen op Yndyk. Mar hij waard der dea ûngelokkich, en dat wie dus gjin optie.

Yn dieselde  jierren  wie Pieter Scholtanus arbeider bij  Swierstra no Roorda en Sinnema boer op de pleats fan no Sipke Speerstra, en wennen yn it hûs, der’t no Peter Heins wennet. Ek die woe wat oars, en hat de in skoftke wurke bij in coöperatieve bakkerij.  Moast er bij de minsken lâns om bôle te ferkeapjen.  In pear jier letter kaam der bij Lankhorst oan it wurk. Hij hie dan in buske,  der stie op Tip Top,  de slogan fan Lankhorst. Jammer genôch is der jong stoarn.

Pieter oan it melken  bij Swierstra

Ek Kees Merkus wie wol klear mei it boerewurk en  gong nei Lankhorst. Mar hij krige problemen mei de sûnens en koe der net bliuwe.

Sa wiene der ek Bram van der Leest (wennen fan 1951 oant 1972 yn it lytse wenninkje oan de Havens (tusken no Foppe en Hetsche en Andree)  letter ha Freerk en Wieke it oerkocht en bij harren wenning oanpast. Bram wie los arbeider en wie ek in 1e klas mollenfanger.

Luitzen Groen wie earst ek boerenarbeider bij de Wolff en se wennen op de Yndyk, letter kamen se ek oan de Havens te wenjen. Ek hij woe wat oars en bedarre earst as opperman bij timmerman Piet van der Berg.

Luitzen en Roelofke Groen 1975 nei it feest terrein.

En net ferjitten Rienk Zwaga, Marten van der Zee, Alle van der Wal.  Kees Merkus hat doe noch wer in pear jier arbeider west bij Anne Stenekes.

Rienk arbeider bij Sinnema
Marten van der zee
Kees Merkus ûnderweis nei Boazum. Hjir by Wiuwert

Mar yn 1965 wie it mei de measten wol klear mei it boerewurk. Kees Merkus bedarre doe bij oannimmersbedriuw Ooms yn Snits, en in pear jier letter bij Zeelen út Harns. En der bedarren ek al die oare manlju ut Boazum.  Kees rydt  mei de manlju en ek in zekere Veenstra út Jorwert yn it buske fan de baas.

Der wie in bedriuwslieder de Peuter, dy’t tink ik de Boazumers wol lije mocht want alle manlju ferhúzen mei him mei as dy wer in oare baas krige, sa ek nei Dijkstra Aduard.  It wiene allegearre wegenbouw bedriuwen.

adfertinsjes fan de wegenbou bedriuwen

We ha ek al ris in item hân oer de weddenskip fan de manlju yn 1970 doe’t se noch yn Harns wurke. Kees soe rinne mei in kroade fol sân fan Harns nei Boazum, en dat hat er doe helle. Hij wie de held fan de dei en fan de Boazumers.

Grif binne der noch wol mear ferhalen oer dizze hurde  werkers,  we hearre se graach.

We hâlde it hjir earst mar bij, mar reaksjes binne tige wolkom.

Tank oan alle minsken der’t  we ynformaasje fan krigen.