Foto’s diskedei 2003-2004-2007

Tsjintwurdich neame se it Burendag,  mar it is begûn as diskedei.  Doe organisearre troch de Doarpsmienskip, en de earste diskes stiene doe op it Altaplein. Nei in pear jier  ferhúse nei de Boazumer Mjitte.  Der waard fan alles ferkocht.  Wit noch dat de famylje Fluitman eigenmakke wyn ferkocht.  Der waarden blomstikjes  makke troch in protte froulju. Heins ferkocht fruit en jam  út de Appelhof.  Siemen v Dijk wie der altyd mei earappels.  Der waard om raak bakt en de barbecue wie altyd yn beheer fan de Waltawei.  Draaiend rad, net te ferjitten.  Ek wol ris wat bysonders , sa as ansichtkaarten fan Boazum, in kalender  mei recepten, en ek in jierdei kalender.

Dizze foto’s binne fan  sa’n 20 jier lyn. Der misse al in protte minsken,  sa giet dat.

 

meitsje fan pakketten 2003.frou Lanting foar  it draaiend rad
Teatske en Astrid Feenstra
Ellen Grasman, Houkje en Nelie Veenstra
Waltawei poffertjes Sietske Merkus, Grietsje vd Wal en Anita Merkus
Wout oan it bakken.

 

 

 

Jan Tolsma, Sibren Koopmans en Jan de Vries (heit fan Romy)
Henk Heins, Astrid en Conny
kofje mei cake Ypy Flapper en Klaske Feikema
Susan van Asperen, bern va der Wal en Gerben de Vries
Ellen Grasman, Sjamilla Damwijk, Wietske de Boer en Houkje Veenstra
Jappie Lanting en Ulbe Wijnja, fierder Roos Leenders en Margaretha de Vries.
2003, frou Lanting, frou Tjeerdsma, en frou vd Wal

 

frou Koopmans, frou Miedema, frou Sloot
de sate bakkers, Wout, Jacob, Arnold en Ane
draaiend rad mei Thewis e Sun 2004, achtergrûn Teade Visser
2007 lekker smikkelje Jappie Lanting en Henk Heins
frou Groen en frou Lanting 2007
Marco Kruger en Maaike 2007

 

2007 frou Sloot en frou de Vries

foto’s binne destiids troch Bert Feenstra makke.