Anna Dijkstra Althuisius ( Anna Taekes).
In ferhaal oer in frou dy’t in protte betsjutten hat foar de mienskip yn Boazum.

It begjint yn Boazum en sil ek eindigje yn Boazum.
Anna is berne yn 1895 op it tsjerkhofsein, en wie de iennichste dochter fan Taekes Klazes Althuisius en Rinske de Jong. Se hie nocht trije broers : Klaas, Wybe en Eelke. Heit Teake hie fan alles by it ein mar wie ek skearbaas. Hij naam al foar 1900 it skearark oer fan Sjoerd Bearns.

Om 1900 hinne wenne de húshâlding op it tsjerkhofsein yn it âlde skoalmasterhûs njonken de âld skoalle.

Letter kamen se mei de húshâlding te wenjen oan de Havens yn de rjochterkant fan no Anton Damwijk. Ja der wennen dus doe 2 húshâldingen yn dat lytse húske. Oare wenplakken wiene in part fan it hûs fan no Alie en Herre, en de Goudsjeblomsteech.
It wie in tiid fan grutte earmoede. Heit Taeke wie los arbeider op e pleats fan Wiarda (no Sipke Speerstra). Yn de winter as it sterk iis wie stie der mei in molktintsje op de Boazumerfeart, as de Zwette. En as skearbaas knoopten se de eintsjes oan elkoar. Sels sneintemoarns foar tsjerketiid skearde der noch. En sneons gong er rinnende by de boeren lâns. Syn earste klanten wiene op de Syl, dan troch nei de Flearen en nei Warinxvliet (nei Meinte Ates de Boer, de oer-oerpake fan Geart de Boer) en eindige dan op Makkum bij Hessel Wiersma ( de pake fan Feite en Riemke Hofman) en no Gerben de Boer en Wimke van der Wal. En 3 sinten per skearbeurt fertsjinne.
Mem Rinske rûn mei de bolkoer, en hie letter in winkeltsje mei stoffen, jern en ek drogisterijartikelen.
Sa groeide Anna op en krige niget oan it winkeltsje en waard krekt as har mem ek naaister fan allerhande guod.
Heit Taeke stoar al in 1915 en Anna bleau doe op 20 jierriche leeftyd allinnich mei her mem oer. De bruorren wiene it hûs al út. Eelke soe letter emigrearje nei Frankryk. De oare 2 broers stoaren al jong. Klaas op 45 jierriche leeftyd en Wiebe al op 31 jierriche leeftyd. Mem Rinske stoar yn 1938.


Anna en har mem Rinske wennen doe yn de Goudsjeblomsteech en fertsjinnen mei de winkel en it naaiwurk har deistich brea. Letter ferhuse se mei har mem Rinske nei de dr.Miedemastrjitte 8. No famylje Jellema. Dat wie yn de tritiger jierren.


Ek makke se de klean foar optochten . Yn 1922 wûnen se de earste priis mei de Hollanske flagge.

En fansels mei de freondinnen der op út. En bij alles wat se bei de ein hie, sette se har 100% foar yn. It toanielspylen der’t se skriuwster fan wie. It sjongen by W.I.K. (Willen is Kunnen). It meitsjen fan gedichten. Dat wie sawol foar trouwerijen mar ek foar minder aardige dingen, sa as it ferstjerren fan mannich Boazumer ynwenners.
De Frykse Nasjonale Jongerein wie ek ien fan de ferienings dy’t se mei oprjochte yn Boazum. Mei o.a. Mindert Epema as foarsitter. It Frysk wie ien fan har grutte passies, mar ek learde se Esperanto.
Litte we der mei begjinne.

It gedicht da’t hja makke oer Mindert Epema, stiet yn in oar item dat wy hjir oer makke ha. Wol stiet hjir ûnder it stik wat se skreaun oer de dy ferskrikkelijke dei yn december 1940.

Mar der ferdronk ek in dochter fan Beint en Atsje Douma dat wie Annie. Der is doe noch in stik makke as oantinken. Der stiet in skûlnamme ûnder de namme fan har Pake.

En der wie noch in slachtoffer fan de 2e wraldkriich. Dat wie Thomas Ferwerda. De soan fan Jelle en Aaltsje. Miskien binne der noch guon dy’t beppe Aaltsje kinnen ha. Se wenne oan de achterkant fan it hûs op de Kamp. No fan Wiebe en Ymy. Thomas rekke swier ferwûne en moast in foet misse. Lang om let mocht er nei hûs.En yn 1941 is hy mei syn Matsje trout.

Alle lytse en grutte gebeurtenissen yn Boazum hiene har belangstelling en dielde se mei oare minsken en dan foaral ek yn de krante “de Baerderadiel”. Der hat se hiel wat stikjes foar skreaun. En de Ljouwerter Krante krige stikjes fan har.
Mar fansels ek moaie dingen kamen op har paad. Op 7 maaie 1941 troude se mei Tsjitse Dijkstra (hij wie yn 1935 widner wurden fan Aaltsje Bokma en bleau mij trije lytsen bêrn efter. Hja weagen de sprong en Anna waard Anna Dijkstra-Althuisius. Mar altyd hâlde se de namme Anna Taekes.Sa kaam Tsjitse mei syn bern ek oan de dr. Miedemastrjitte te wenjen.



De oarloch wie foarby op 5 maaie en Anna sette har yn foar de húshâlding, en har winkel dy’t se dernjonken ek dy. It libben kaam wer opgong en krige se ek wer inspyraasje om stikjes te skriuwen en te dichtsjen.
Ek mei de jonges dy’t nei Ynje moasten hâlde se kontakt. Sa bliuw se op de hichte fan wat der barde en hja hâlde se ek op de hichte fan wat der yn Boazum barde. Spitigernoch is der neat fan bewarre.
Yn de 50er jierren skreaun se ek foar de Baarderadiel, en ek wol foar de Ljouwerter. Sa waard elk op de hichte hâlden fan lyts en grut nijs út Boazum. Foaral ferslaggen oer toaniel wiene wol oan har tafertrout.




Fan in trouwe lêzer fan de Doarpsskille krigen we nei oanlieding fan dizze oantinkens een ferske út har poëziealbum. It is fan Reino Capel-Van Dijk, de dochter fan Willem en Joukje van Dijk. Anna Taekes hat it skreaun yn 1943. Reina lit ús witte dat it plaatsje hielendal makke is fan âlde postsegels. En it sjocht der noch hiel moai út. Einliks wie it net in poeziealbum. It wie in ôfsprakenboekje fan dokter Miedema. Se krige dat fan tante Annie ( Juf Annie). assistente fan de dokter.

It dichtsjen siet har yn it bloed en mannich Boazumer breidspear hat in fers fan har krigen. Sa ek Jan en Heske van Asperen doe’t hja yn 1959 trouden. It stik is oertikt want it wie in kladbriefke. It origineel is wei.
Een nieuwe lente, een nieuw geluid
want VIVO deelt de lakens uit
Jan Nolkes woe wol troue, mar lit him dat net skine,
mar nearne, nearne koe hy in oare helte fine
Hy hie it al mennich kear besocht, om útens en tichtby
Mar spitich, wa’t hy ha woe, die wie der noait net by
De Vivo saak yn Boazum, in winkel earste klas,
Der kaam in kreas jong wyfke oars hiel wol yn te pas.
Bring VIVO mij, sa tocht Jan op in stuit.
De útkomst asjeblieft. “Gij deelt de lakens uit”.
Sa’n foech twa jier tebek stie yn de Ljouwerter Krante
In famke waard der frege, mar leafst in bijdehante,
Hja kriget hjir in moaie en net te swiere taak.
Adres wie Haadwei Boazum, yn ‘e bekende VIVO saak.
Dat lest in aardich fanke, hja prevelt sa, jandorie
Ik sit hjir wol yn Húns, mar ik wol my leau’k feroarje
In VIVO saak lest hja, en tinkt dan op dat stuit.
Wat dy my bringe sil “Gij deelt de lakens uit”.
Sa komt ús Hessie yn Boazum, wol jong mar doe diest alhiel net bernich
In stype foar de frou, yn e hûs, hja wurdt ek net ûnwennich.
Bringt trou mei baas de VIVO folders alle wiken rûn
Mei Jan mar tige badmintonje op in moaie simmerjûn.
En mei toaniel nimt Jan har mei nei de Harmonie famylje.
Hja kriget fuort in rol, en kin maar aardich spylje
En Amor komt by VIVO en flúster op dat stuit
No witte jo it oare wol “Gij deelt de lakens uit”!
Dat flústerjen waard goed ferstien, en alles is be-oardere
De VIVO, ja de VIVO hat dizze saak befoardere
Sy dielt de lekkens út, mar slút ek herten gear
de houliksfilantroop foar it jonge pear
De hartenhear foar Hes, de hartenfrou foar Jan
It selskip Harmonie brint hulde oan dit span
As lest beslút roppe wy ienriedich op dit stuit
De Boazumer VIVO saak Victorie!! Zij deelt de lakens uit.
Ek it keninklijk hûs hie har belangstelling: Doe’t âldkeninginne Wilhelmina stoar, stjoerde se in moai gedicht nei de famylje en krige der letter ek in betankje foar.

Yn de 60er jierren makke se har sterk mei dokter Miedema en juf Annie foar de komst fan in ny Griene Krús gebou yn Boazum. Dat spande der om mar it slagge, mei omdat dokter Miedema de grûn beskikber stelde foar de bou. Dat wie oan de Waltawei tsjinoer it doktershûs. De earste stien is lein yn 1963. De hjoeddeistige bewenners binne Arnold en Suzan van Asperen. Lês hjirûnder it gedicht wat se makke oer dizze dei.

noch in pear foto’s ut de neilittenskip fan Anna Taekes, dy’t we jum net ûnthâlde wolle:




Anna Dijkstra-Althuisius ferliet it ierdske libben nei in drege tiid yn 1966. Hjirûnder it stik wat doedestiids yn de krante stie fan de tsjinst yn de grutte tsjerke.
