Singel

In nye bledside oer ‘e Singel. Op de âlde wienen allinnich foto’s te besjen. Om dit mooier te meitsjen hawwe we de pagina op ‘e ny op set en no in twadde instansje der ek in ferhaal fan Jappie Lanting oer  Singel 3 tusken pleatst.

De tagongswei begûn oan it begjin fan ‘e Waltawei, doe De makadamdyk.

Het begin van de Singel, Links Prebende, de woning van de familie Breuker en rechts Singel 2  nu van Fokke en Wieger de Boer.

 

 

De earste hikke stie oan de dyk, de twadde bij it begjin fan it hûs fan Breuker. De tredde oan it ein fan Breuker syn hof en hiem, de fjirde stie op de daam fan de Yndykster opfeart. Dan kamen der noch twa hikken foar en nei de spoaroergong. Der slane wij rjochtsôf en geane de reed lâns troch it lân.

Wij krije dan noch trije hikken, healwei noch ien, en noch twa fuort by de pleats.

Om der te kommen, moast men nochal gauris fan de fyts as út de auto. De postrinners hiene der mar in hekel oan, lykas de winkelman en de bakker. Winterdeis smoarch en wiet en simmers moast men suver elke kear fuortwaskje. It ûnderhâld fan ‘e dyk barde mei sintels, ien as twa kear yn it jier waard der troch de oanlizzende gebrûkers fan it lân der nije swarte sintels oanbrocht. Die waarden helle ut de stêd Snits as Ljouwert by de gasfabrieken wei. De oanlizzende gebrûkers fan de reed moasten in bedrach betelje fan safolle gûnen. Dat waard berekkene nei de pûnsmieten.

 

Singel 2, zoals het er ruim honderd jaar geleden uitzag. Achter de heg, voor de deur staat Ruurd Hoekstra, de toenmalige bewoner.

 

De bocht om en we kijken terug: Rechts Breuker en links de Boerderij van Van den Berg, nu De Boer
We zijn het veerooster voorbij , waar op de foto nog het hek staat. We staan met de rug naar de kerk en zien boerderij De Boer

 

 

 

De Familie Pieter van Dijk onderweg naar gebouw 1880 voor een feest. Jaren vijftig van de vorige eeuw. Let op de sloten en het onverharde Kerkenpad

 

Zicht op het dorp, genomen vanaf het spoor. Centraal zie je Keimpe Stienstra zijn hok, met daarachter nog de oude openbare lagere school. Meer naar rechts zie je de oude bakkerij, Nu Bouwe Jan Bouma, de voormalige smederij, nu Andree en Huize Boonstra, in die tijd de bakkerij van Hardenberg.

 

Aanleg van de IJsbaan aan de Singel. De reed ligt links van de sloot.

 

Met de molen werd het weiland onder water gezet. De werkers waren vlnr Job Faber, Piet van den Berg, Piet Holster en Tsjerk van der Veen. De aanleg was in 1931

 

 

 

De ijsbaan in volle glorie. Rechts in de baan, Joukje Sijtstra, dochter van Meester Sijtstra.

 

Wachtpost 11 bij de spoorwegovergang. Stond rechts van de reed, nog voor het spoor. De laatste bewoner in 1962 was Douwe Visser.

 

Jaap Wieringa, voorheen de Kroegbaas, aan het melken. Op de achtergrond de Wachtpost 11.

 

De boerderij van Pyt de Boer, toen Geert van der Meer. Zoals die er in de jaren zestig bij lag. De melkboot ligt klaar om de melk over het water naar Wiuwert te brengen. Links ligt de ‘Ruchskerne’. Rechts zie je het binnenpad naar Wiuwert, via Swanwert.

Dit stikje giet oer de pleats nu. 3, no bewenne troch de famylje de Boer.
Foar de Twadde Wrâldoorlog werd die pleats, ‘de pleats oer it spoar’ neamd. Eartiids doe’t it spoar der noch net wie, hjitte dat fansels oars.
De stjelppleats lei oan de opfeart dy’t fia Stenekes, no Feike Bakker, nei de Boazumer feart streamde. De molkfarders makken hjir ek gebrûk fan, lykas de hea- en striekeaplju. Oan de pleats sels is er troch de tiid hinne net folle feroare, mar de binnenkant is fansels wol modernisearre. Links op it noarden it bûthûs mei twa bûthûsdoarren. Dernjonken de sliepkeamer en dan de moaie keamer.  Krekt as by alle stjelppleatsen rûn de lange gong der efter lâns. Mei op it ein de keuken, dy’t útseach op it doarp Wiuwert. Njonken de keuken de molkenkelder. Yn die tiid wenne de eigner fan de pleats yn Ljouwert. It wie dus in hierpleats.

Nogmaals de Boerderij van Geert van der Meer. Zijn vrouw wilde graag de Duitse tv-zenders zien. Vandaar dat haar zoon Lammert de antenne op de boerderij heeft geplaatst.

 

In 1929 wie de pleats ferhierd oan boer Klaas Hettinga. In Roomske boer mei in grutte húshâlding fan 8 bern. Alle dagen moasten de skoalgeande bêrn fjouwer kear nei de skoalle rinne. Master Sytstra moast him dan mar rede mei de smoarche klompen. Learsens wiene noch net útfûn. Mar yn de minne triticher jierren koe boer Hettinga de hier net mear opbringe. Hij moast in 1934 fan de pleats of, en waard arbeider yn de omkriten fan Jirnsum. De jonge húshâlding Boersma kaam doe op de pleats, mar ek sy koen dat net folhâlde, en doe’t de hierjierren om wiene moasten sy ek om wat oars sjen.

Boer van der Meer dy’t fan de pleats (no Speerstra) ôfmoast waard de nije hierder. Geart van der Meer wie in 1937 troud mei Margaretha Schöttler, in frou fan Dútske komôf en troch faamwezen hjir yn Fryslân hingjen bleaun.
It wie doe noch in opgeande tiid. It boereskreppen waard wat mear wurdearre en de molkeprizen kamen troch de oarlochsdriging wat op in heger peil. Sa skarrele ek dizze boerehúshâlding troch de oarlochsjierren hinne. Doe’t Geart van der Mear in 1960 hastich kaam te ferstjerren, hat syn frou noch inkelde jierren mei de bêrn trochbuorke. Hja troude letter wer mei Jaap Hoekstra, de âldkastlein fan Boazum en bedarren yn Snits.

Geart en Johannes van der Meer ‘Oan’t Kealle boanne’

 

Anton van der Meer aan het vissen in de ‘opfeart’. Naast hem zit een ‘útfanhúser’

 

Het bruggetje over de Frentsjerder Feart, met links de boerderij van Feike Bakker, toen Stenekes. Rechts de Boerderij van Van der Meer, nu De Boer. Het schilderij is van Ate de Vries, (1945)

De famylje de Jong ut Terherne krige de kans om hjir yn Boazum te buorkjen mei syn broer. It wiene echte doarpsminsken dy’t har tige ynspanden foar skoalle en mienskip. Troch it ferstjerren fan de boer moasten ek hja it buorkjen opjaan.

Een actuele foto van het gerestaureerde bruggetje in het Kerkepad naar Makkum. De brug is zo gemaakt dat het middendeel er in de winter uitgehaald kan worden. Achter de brug ligt een oude Baddek kruiser.

 

De pleats hat doe efkes leech stien en waard ferkocht oan de famylje de Boer. It lân bedarre foar in part by oare pleatsen. No is it in pleats mei fan alles en noch wat. Bêrn kinnen harren der yn de fekansjes tige fermeitsje. Foaral simmerdeis komme der in protte minsken mei fekansje. As yn de wykeinen fansels. It is in prachtig plakje en foaral yn de maaitiid kin men der hielendal ta rest komme. It boerd oan de Waltawei makket dúdlik wat der allegearre te dwaan is. It bliuwt in boerestjelp en docht syn nut oan de mienskip.
Jakla febrewaris 2010

Minicamping De Boer

 

Kamperen en Logeren bij De Boer

 

Welkom

 

Het winkeltje van Lidewy, hier verkoopt ze o.a. brood, koek taart en nog veel meer.

 

Een leuke winkel.