Tragisch IJs ongeval bij Rien 23-12-1940

OP 23 DECEMBER 1940 VOND ER EEN TRAGISCH IJSONGEVAL PLAATS ONDER RIEN.

 

Schaats wedstrijd uit 1930 Op de ijsbaan bij de Singel. In de rechterbaan Joukje Sytstra.Op de achtergrond de spoorlijn Leeuwarden – Sneek.

Artikel uit de Leeuwarder Courant van 24 december 1940

 
Annie Douma, Nanne Hoitenga, Evertsje de Groot, laatste man onbekend. Foto uit 1930
Klaas , Joukje en Piet Bakker. foto 1930

Uit de LC 24-12-1990

 

It grêf fan Klaes Bakker

 

It grêf fanAntje Douma

út: Diggelfjoer ‘de Fjouwer doarpen’ desimber 2025.

Tiden hawwe tiden

23 desimber 1940

Op it earste gesicht is de titel samar in datum út it ferline. Op foarhân binne der alderhande ferhaaltsjes wol by te betinken. Soe it wat te krijen ha mei de twadde wrâldoarloch of miskien mei de Kryst? Mar dat is allegearre net oan de oarder.
Yn desimber 1940 is it oarloch yn Europa, mar yn Fryslân falt der dan noch net it measte fan te bespeuren. Op it slachfjild giet it de besetter noch foar de wyn en dus hoege sy ek noch net it measte te easkjen fan de minsken dy’t sy ûnder de tomme besykje te hâlden. Der is mar wol in protte fraach nei de lânbouprodukten dy’t yn dizze kontreien rom foar hannen binne. Sadwaande is jong en âld drok oan it wurk, wachtet ôf op wat kommen giet en besykje der ûndertusken it bêste fan te meitsjen. noch gjin ferplichte ‘arbeitseinsatz’
De winters fan de earste oarlochsjierren behearre ta de strangste winters dy’t ea yn ús lân mjitten binne! It feit dat der sawol yn 1940, 1941 as 1942 in Alvestêdetocht ferriden is seit wat dat oanbelanget wol genôch en oars is it wol de kâldste temperatuer dy’t ea yn Nederlân mjitten is. Op 27 jannewaris 1942 wurdt it yn Winterswijk –27,4 graden!

Ek de 23ste desimber fan 1940 is in winterske dei. De temperatuer komt de hiele dei net boppe de –5 graden út en ek yn de dagen dêrfoar hat it al knap ferzen. Dat makket dat der riden wurde kin!
Rûnom bine minsken de redens ûnder om efkes de frijheid fan it riden op natueriis te fielen. Sa ek 6 jonge minsken út de omjouwing fan Boazum, Wiuwert en Britswert.
De wyn komt dy dei út it noardeasten. Dus as sy ôfsette rjochting Rien en Reahûs ha sy foar de wyn.
Yn dy tiid wurdt der noch in protte ‘oplein’ of oan in stôk riden. Dat is in wize fan reedriden wêrby’t de riders mekoar of in stôk beethâlde, dy’t bylâns de reedriders rint. Op dy wize ride de minsken deun efter mekoar en besykje sa yn deselde slach te riden. De sterkste rider rydt foarop en ek efterop rydt faak in goede rider. Foaral yn’e wyn op rydt it foar measten op dizze wize in stik makeliker en foar de wyn, ja dat giet it betiden hielendal dat it slydjaget!
Ungefear in kilometer Rien foarby giet it op ôfgryslike wize mis.
Tichteby de Jeneverpôle leit in wek, mar omdat it sa fûl ferzen hat leit dêr op dat stuit in flueske iis op. De jongelju betrouwe op de eagen fan de foarste rider mar dy skat de situaasje blykber net goed yn en sa bedarje sy allegearre en nei alle gedachten mei in gong as in kûgel yn it iiskâlde wetter fan de Frjentsjerterfeart.
Troch de gong strûpe sy ûnder it iis…
Twa fan de seis witte mei help fan in pear oare riders wer op ’e kant te kommen. Ferklomme en yn shock besykje sy dêrnei ek de oaren ûnder it iis wei te krijen, mar sûnder ark is der gjin begjinnen oan. Folslein machteleas moatte sy tasjen nei wat him ûnder harren fuotten ôfspilet. Yn sân hasten ride sy werom nei Rien ta om help te sykjen. Dêr wurdt in dokter skille en mei touwen en planken ride sy werom nei it wek en besykje dan opnij om de fjouwer jongelju ûnder it iis wei te krijen. Mar it wol mar net slagje. Dokter Hofstee fan Easterein is al op it plak fan it ûngemak oankaam as men dwaande is om it iis stikken te slaan en mei help fan in lyts boatsje de minsken út it wetter besiket te heljen.
Om healwei fiven slagget it einliks om elk wer op de kant te krijen, mar it horloazje om de pols fan ien fan de jongelju is stil stean bleaun op kertier foar fjouweren. It is te let.
Alle fjouwer komme sy om it libben.
Allinnich Jeen Feenstra en Freerkje Kuiper, beide fan Wiuwert, oerlibje de ramp by Rien. Kees Spannenburg, de heit fan Jan, is ien fan de minsken dy’t besiket om de minsken te rêden. De skou dy’t sy dêrby brûke wurdt nei alle mislearre ynset brûkt as slide om de jongelju wêrom nei Rien ta te bringen. By it kafee wurde sy ien foar ien op de wâl brocht. Fjouwer húshâldings krije dy jûn in berjocht wat alles feroaret.
Kryst sil foar harren nea wer itselde west ha.

Wa’t hjoed-de-dei op ynternet siket nei de ramp op it iis by Rien sil hiel goed syn bêst dwaan moatte om wat te finen. Sels as jo sykje op de goede datum en op de term ‘schaatsers verdronken’ fine jo hielendal neat! Slimmer noch Google-AI twifelt sels oan jo ferstân en freget oft jo miskien in oare ramp út 1960 bedoele wêrby’t ek in protte reedriders omkomme, dy’t dan op ’e Isel oan it riden binne. Yn 1940 wie dat wol oars. It nijs soarget dan rûnom yn it lân foar berjochten yn de kranten. Rien is troch de ramp hiel efkes in bekend plakje wurden.
It nijs fan de ramp giet fansels ek as diggelfjoer troch de buorren en neiste omkriten. It slacht
yn as in bom.
Mar frjemd genôch binne der ek in pear jongelju dy’t, as sy fan de skrik bekommen binne, suver opluchte binne. It binne Rom van der Valk en Doet van der Hem. Alle twa wiene fan doel west om dy dei mei dit ploegje mei te riden, mar fan harren âldelju mochten sy úteinlik net mei omdat sy thús op de pleats meihelpe moasten.
Rom van der Valk is tige âld wurden, mar sei op hege leeftiid sa’t skynt wol gauris dat sy nea sa âld wurden wie as sy op dy bewuste 23ste desimber 1940 meiriden hie.
Doet van der Hem tocht der al krekt sa oer. Doet is de mem fan Sjoerd Stenekes en ek sy hie in fêst antwurd as immen har frege oer it foarfal op de feart by Rien.
“Ik priizgje de dei dat ik melke moast en net mei mocht te riden. Oars wie ik nea sa âld wurden.”

Ta oantinken oan:
Marijke Booy fan Wiuwert (20 jier)
Annigje de Groot fan Britswert (16 jier)
Antje Douma fan Boazum (16 jier) en
Klaas Bakker ek út Boazum (18 jier)

Boarnen:
– it gedicht fan Rintsje Klazes, www.lytsewierrum.nl oernaam út de Ljouwerter krante
– en mei tank oan Jan Spannenburg, Sjoerd Stenekes en Hiltsje van der Weide dy’t foar dit stikje it measte ûndersyk dien hat.
– Sûnder skriftlike tastimming fan de rjochthawwende mei de ynhâld fan dit skriuwen, of in part dêrfan, net kopiearre, publisearre, ôfprinte, automatysk bewarre, of op oare wize troch immen brûkt wurde.

© W. Zeinstra

Publisseare mei freonlike  tastimming fan de Skriuwer.

Foto’s en krantenartikelen komen uit het archief van Aldboazum, Frans Tolsma.