We sille wat nije items bij de kop ha op ús Ald Boazum website.
Dizze sille gean oer famyljes út Boazum dy’t de oerstek nei fiere lannen oandoarsten.
Foar 1900 makken ek al in protte Nederlanders (meastal út earmoede) as oare redenen (it leauwen) de oerstek nei fiere lannen. Harren grutte dreamen achternei. De measten gongen nei Amerika, Kanada mar doe ek al nei Argentinie en Australie.
Mar de measten binne dochs yn de 50er jierren ré om harren takomst earne oars te sykjen. Nei de 2e wrâldkriich wie it oeral noch grutte earmoede en de “wederopbouw” moast noch begjinne. De earsten dy’t doe fuortgongen wiene Jan de Vries (fan Jabik en Minke) mar ek Sipke Plat in soan fan bakker Plat fan Boazum. Ek in soan fan de famylje Piek (gong nei Nij-Sélân). De hiele famylje fan Aan en Durkje Looyenga gongen doe ek fuort. Earst de dochter mei har man, en in jier letter de oaren.
Mar ek jongerein sochten it avontoer, sa as yn 1954 Tjitze Huitema en syn neef Tjitze van Berkum fan Wieuwert. Letter soe jongere broer Ruurd Huitema der ek hinne gean. Syn ferhaal komt hjir ek.
En letter in de sechtiger jierren Berke Miedema mei har man.
En yn de 80er jierren al Foekje en Gerke Baarda-Hijlkema ek nei Kanada
Yn de 50er jierren tochten se faak, we sjogge elkoar nea wer, mar letter kamen se hast allegearre wolris wer oer. As fanút Fryslan nei de oare kant fan it wetter.
Der binne noch altyd wol minsken dy’t emigrearre nei fiere oarden, mar fanut Boazum wiene it foaral letter boeren dy’t in better bestean opbouwe woene, sa as de famylje Boomsma dy’t in leanbedriuw hiene yn Boazum met harren hulp Ate en Lipkje (yn it hus fan Jaap en Jetske) en Jouke en Jacolien Hijlkema, en letter Gerben en Alie Piersma en earder al Gerben syn sus Grietsje mei har man Sjoerd Koudenburg.
Mar no earst de skiednis fan Aan en Durkje Looyenga.
Familie Aan Looijenga :
Doe’t Aan Looijenga en Durkje Kooistra trouden op 19 maaie 1928, wenne Aan al yn Boazum, syn âlden, broer Michiel en suster Afke wennen doe op de Flearen. ( Sjoch it ferhaal fan de Flearen en Michiel Looijenga). Der wiene noch 2 broerkes en 1 suske west mar dizze stoaren allegearre op jonge leeftijd.
Aant is bêrne op 18 febrewaris 1902.



Doe’t it frachtridersbedriuw Klaversma (Altaplein) yn 1926 fuort gie út Boazum, hie Aan de hannel fan Klaversma al oernaam en yn 1928 komme se der te wenjen, en der wie al in gearwurking tusken Anne Klaversma en Nelis Dijkstra, en no waard dat Looyenga en Dijkstra.
Hij hie yn 1922 en1923 syn praktijkdiploma’s boekhâlden al helle en dat koe der ek mooi brûke mei syn wurk.


Aan en Dirkje krigen 4 bern, de earste wie Dieuwke yn 1929 , dan dochter Sjoerdtje yn 1931, soan Jan yn 1934 en as lêste Lammert yn 1936.
Yn 1934 kocht er tegearre mei Nelis Dijkstra in Ford truck. Soan Jan wit net mear as dat in nije as een 2e hânds wie.
in pear foto’s doe’t de bêrn lyts wiene



links Jan 1935 en rjochtse foto Jan mei broerke Lammert 1937

Onderstaand verhaal is skreaun troch Sid Looyenga pakesizzer fan Aan Looyenga en soan fan Jan Looienga de ennichste dy’t noch libbet.
Van Maandag tot en met Donderdag elke week kwamen de meeste vrachtactiviteiten uit Sneek. Mensen zouden artikelen kopen en Pake Aan zou de producten leveren.
Op Vrijdag ging Pake naar Leeuwarden en vaak gingen mijn Heit en Oom Lammert om de beurt met Pake Aan Looijenga mee. Voor de Tweede Wereldoorlog zou Nelis Dijkstra met de vrachtwagen naar Leeuwarden gaan. Kort nadat de Tweede Wereldoorlog begon, stalen de Duitsers de vrachtwagen, dus ging het bedrijf terug naar het gebruik van paard en wagen. Het was in die tijd dat Pake Aan alleen naar Leeuwarden ging. Toen mijn Heit en Lammert wat ouder waren, kwamen ze dan langs om ervoor te zorgen dat niemand hun eigendommen zou stelen terwijl Pake Aan de zaken zou regelen. De vracht werd in Leeuwarden opgehaald en afgezet waar de klant het wilde laten bezorgen.

Pas na de oorlog werd de vrachtwagen gevonden op het vliegveld van Leeuwarden. Er was geen schade aan de truck te zien toen deze werd teruggebracht, het enige wat Pake Aan opmerkte was dat een band was vervangen door een band van een merk, die ze niet kochten. De vrachtwagen liep nog steeds erg goed. Deze vrachtwagen werd in latere jaren “oude Sijke” genoemd, een Ford-truck uit 1934. Deze truck liep altijd goed maar niet erg snel. Het was goed om van de ene plaats naar de andere te gaan. De vrachtwagen stond altijd bij het huis van Nelis. De vrachtwagen is later verkocht aan Hendrik & Wietske de Vries. Het hooi voor het paard van Pake Aan werd gehouden bij de heer L. Wagenaar.
Op een keer tijdens de oorlog kwamen er een paar mannen langs en werd Pake gevraagd om een pakketje van net buiten Bozum naar Leeuwarden te brengen. Pake had een slecht gevoel bij dit verzoek, hij vertrouwde de mensen die het pakket hadden niet echt, maar hij nam het pakket toch aan. Vlak voor aankomst in Leeuwarden werd Pake tegengehouden door de Duitsers en zij inspecteerden elk pakket dat hij had. Het enige pakket dat de Duitser meenam, was dat van de twee jongens waar hij een slecht gevoel bij had. Kort daarna omsingelden de Duitsers de boerderij waar dit pakket vandaan kwam, maar de eigenaren waren niet thuis. Mijn Heit weet niet wat er met hen is gebeurd.
Op Zaterdag ging Pake Aan de hele dag van deur tot deur en van boerderij tot boerderij, met het verkopen van klompen en laarzen. Vaak verdiende Pake op zaterdag evenveel als op twee andere dagen van de week.
Ze verkochten ook kolen, hetzij per stuk of per zak. De kolen/briketten zouden met de trein komen. Op het treinstation in Bozum moet Nelis en Aan wat extra hulp de trein moeten lossen, op de wagon laden en dan de wagon lossen waar de kolen bij Pake Aan’s huis waren opgeslagen. Zijn huis had drie grote ruimtes waar ze de kolen opsloegen. Als mensen de kolen kochten, werd deze met de bakfiets of met het handkar afgeleverd als deze dicht bij Bozum stond



It sil net altyd fetpot west ha. Aan pakte alles oan om mar troch de tiid te kommen, njonken de koalenhannel, hannelen se ek yn klompen. Der wie altyd wol ferlet fan, al sil dat. yn de oarlochsjierren ek net best west ha. Hij ferve op jûntiid sels de klompen yn de kleuren geel, read as swart. En fersierde se dan mei in hiele tinne kwast. Ek gong er noch yn de wykeinen bij boeren te melken en dan wie Breeuwsma syn favoriet.
It wiene ek trouwe tsjerkegongers fan de Gerifformearde tsjerke, en Aan en soan Jan wiene ek betûfte pûstertrapers.
De famkes wiene letter faam yn de húshâlding ( Dieuwke yn Snits en Sjoerdtje as faam bij de famylje Hibma yn Wiuwert) en Jan kaam as boerefeint bij Durk Schuurmans op de Syl. Lammert de jongste siet noch op skoalle. Yn de oarloch makke Jan ek wol fytsen, der hie der nocht oan. Mar ja it wie oarloch en fytsen wiene roversguod. Msar Jan hie der wat op betocht. Hij ferstoppe ûnderdielen fan fytsen ûnder de grûn. Miskien binne der letter noch wol parten fan fytsen fûn.

Der binne ek wat skoallefoto’s út dy tiid, jammergenôch witte we de nammen net.


Noch in pear famyljefoto’s fan de húshâlding


It rydbewiis fan Aan fan jannewaris 1950. Sa te sjen wie it doe mar 2 jier jildich.

Oan’t se nei Kanada gongen ha se altyd op it selde adres wenne. Yn it twadde part it ferhaal oer de emigraasje fan de famylje Looyenga.
mei tank oan Sid Looyenga, pakesizzer fan Aan. de measte foto’s binne ut hun eigen archief.