Oer it hûs dat der net mear stiet.
No allinnich mar mear in grien gêrsfjild.

Earst it lytse paadsje dat der no noch is. Perceel 409. Trochrinnend nei it Heech. En dan de achterkant fan it hûs fan van der Mei. Hendrik van der Mei wie beurtskipper en keapman. Se wennen yn it hûs oan de Boazumerfeart, en neffens de gegevens hierde hij it fan famylje yn Assen. Om 1900 hinne waard it pân ferkocht oan de Kristelijke Skoalle yn oprjochting. Hendrik Jan Westerhuis hie doe al in hûs bouwe litten op it grien njonken de bejaardewenningen op de Havens. Earst it hûs en letter hat fan der Mei der noch in soarte fan loads/pakhûs oan fêst makke. Dat waard de opslachromte. Hij wie ek skipper en hie in motorvlet. Dy lei fansels ek oan de Havens. Simmers gongen de skoalbêrn fan de iepenbiere skoalle wol mei dizze boat nei de Snitsermar en Langwar op skoallereiske.

Op de foto hjirûnder stiet van der Mei sels ek op. Se binne dan mei de bern yn Langwar.

Hendrik hie mei syn earste frou Ruurdtje Jans Boonstra 2 dochters. Romkje en Sjoukje van der Mei.


De âldste dochter Romkje troude en gong nei Canada (Alberta). De jongste Sjoukje hat nea trout west. We tinke dat Van der Mei begjin 40er jierren it hûs mei winkel oerdien hat oan Anna Meindersma. Hja kaam fan Birdaard en wie widdo. Frou Meindersma begûn der in winkel. Hja hie in soan Meindert en hij troude mei Tjitske Stenekes in tante fan Germ. Neffens de kamer van Koophandel gegevens is se mei de saak ophâlden yn 1951
Dossier 13191
- Bron:Kamer van koophandel
- Soort registratie:Kamer van koophandel inschrijving
- (Akte)datum:22-01-1943
- Plaats:Leeuwarden
Bijzonderheden:
Ingeschreven op 22 januari 1943. Opgeheven op 29 september 1951.
- Ingeschreven
wonende te Bozum
Bronvermelding
Dossier 13191, archiefnummer 52-02, Kamer van Koophandel 1922-1977 – Tresoar, inventarisnummer 13191, aktenummer 14498

. En doe kamen Teun en Hiltsje Jellema en de 3 bêrn, Piet, Lolke en Peekje hjir te wenjen. De achterkant wie it pakhûs en oan de foarkant wie de grientewinkel, dy’t oernaam waard fan omke Durk Jellema. It wie altyd in prachtig plakje. As bêrn boarten we hjir faak en diene dan blikspuit om Jellema syn hûs. Teun Jellema sútele mei de auto bûtenút en syn frou die thus de grientewinkel. Ik miende te witten dat se doe ek ien fan de earste wiene dy’t ijsco’s ferkochten.



Mar it waard minder en minder. It gesin ferhúse nei Reduzum. En harren hûs foel in de jierren sechstig ek ûnder de slopershammer, dy’t de gemeente Baarderadiel doe hantearre.

Alles wat der no noch oer is een moai gersfjild njonken de bejaardenwenningen op de Havens. Doe’t dizze wenningen bout binne, wie der dus noch plak oer om der noch ris bouwe te kinnen. Mar it is der nea fan kommen. Der binne beammen plante, parkearplakken oanlein. En yn 2011 is der in nútebeam plante troch Doarpsmienskip. Yn ferbân mei it 65 jierrich bestean.



En oare kear geane we no nei de rjochterkant fan de Tryntsjebuorren.
Peekje Jellema, bedankt voor de fotos.