We begjinne efkes mei in tekening fan Ate de Vries, sjoen fan ôf de wenning fan Engelsma, mei it skûtsje . Eftergrûn pleats fan no Sikke Bakker, doe Hoitenga.

Sa rûn om yn en om Boazum wiene en binne noch altyd brêgen, en we fine it wol aardich om dat allegearre ris op een rychje te setten.
We begjinne op Yndyk, op nei Dearsum ,dan Hegedyk, en fierder


it 1e brechje is der no net mear mar , is een dam wurden , mar der is noch wol in brechje tusken it hûs fan Egbert en Tryntsje en de âlde pleats

dan no nei Boazum


dan de hjoeddeistige Waltawei.
de brechjes fan de wenningen Siebe de Jong, Astrid Schots Folkert en Truus Lautenbach en Hilbrand van der Wal. Se binne der net mear, wie altyd neffens de bewenners fan doe in grutte stjonkerij. Lang om let hat de gemeente de boel tichtsmiten, en der trottoirs makke.



Dan nei de oare kant Waltawei 2. Dit brechje is der noch wol.


dan pakke we no de Singel mei.
Earst komme we noch in lyts brechje tsjin achter de pleats fan gebr. de Boer, je sjogge it hast oer de kop, mar is der wol.

Eartiids wie der achter it hûs Tsjerkebuorren in brechje nei it lân. Der is net in foto fan. Mar der leit no in nij brechje. Allinnich net op it selde plak.

Dan werom nei de buorren, it Tsjerkhofsein. Dit brechje is der al wat jierren net mear. It wie it âlde paad bij it hûs fan Jacco lâns, nei de Singel. Op dizze foto’s wie it hûs fan de famylje Lautenbach. Auke Land hat destijds yn oerliz mei gemeente en doarp dit paadsje ôfslúten en it brechje is ferline tiid.
we litte in pear foto’s sjen:



dan ferlitte we de Tsjerkebuorren en geane nei de Havens- Pôlle, der leit ek al wer jierren in brechje dat de beide strjitten ferbynt oer de Boazumer feart.

No geane we op nei it eardere Amelân, de Kamp en no dan it Oerd.
Earst wat plaatsjes fan de batten, dy’t der leine oer de Boazumer feart, se waarden brûkt troch de boeren, om fan ôf Boazum yn harren lân te kommen. As it sterk iis wie, waarden se fuort helle. Koe elk sa trochride.




Fanôf 1996 leit der in brêge nei de nijbou ( dat sizze we noch altyd. Sil ek wol nea feroarje.


Geane we de Boazumer feart del op nei de Frentsjerter feart, komme we earst de spoarbrêge tsjin.

dan sjogge we wat fierder de brêge oer de Frentsjerter feart tusken de wenningen fan Haije Folkertsma en Flapper. It is it brechje fan it âlde tsjerkepaed. Oer it spoar nei links


Dan rinne we nei Makkum 3, foarby Flapper en dan oan de linkerkant in brechje nei de wenning, sa as dat der eerder wie bij Piet en Ruurdsje. Jammer genoch ferdwûn.

Dan Makkum 2 , 2 foto’s mei in brechje fan doe’t de famylje Piet Bakker der noch wenne, en noch in foto fan no. No wennet Nelia Bakker hjir, en hat Pieter Bakker syn bedriuw yn de achterein.


Op nei Feike en Piety Bakker, eartiids famylje Stenekes.
earst in brechje mei in knik der yn. Dat sil meikoarten feroare wurde.

En as leste de grutte brêge oer de Frentsjerter feart, nei de pleats fan Bakker.

Geane we fan ôf de Slachtedyk oer de Sylsterdyk, der’t de wetterkearing leit foar de Slachte

Werom nei de Suderdyk.
Dan earst de brêge nei de pleats fan no Sikke en Kim Bakker, eartijds famylje Hoitenga. doe lei de brêge noch oan de foarkant fan de pleats, mar letter ferplaatst nei de achterkant. Grutter, heger wen breder.

as lêste op de suderdyk de brêgre, sa as er do hinne leit newi it hûs fan wijlen Sybren Schuurmans. Wol tige yn ferfal rekke

En as lêste ús tagongsbrêge nei it doarp. Der binne in protte foto’s fan doe en no. We pakke der in mear moaie bij.
we begjinne mei 1916 , noch gjin stienen brêge.



bronnen: Frans Tolsma, Teatske, Ljouwerter Krante, Simon van Dijk en Ate de Vries, Sjoerd Punter