Boazum, besjoen troch de eagen fan in lyts jonkje

Boazum om 1950 hinne, besjoen fanôf “It Amelân”

Een belangrijk deel van Boazum is in de jaren zestig van de vorige eeuw drastisch op de schop gegaan. Op ’t Amelân is toen een fikse kaalslag gepleegd. Veel huisjes werden met de grond gelijk gemaakt. Daarvoor in de plaats zijn nu de bejaardenhuizen  9 tot en met 17 aan De Havens gekomen en de gezinswoningen 12 en 14.

Dit is een uitsnede van de luchtfoto van Boazum die Henk Kroes in 1969 heeft laten maken. Duidelijk is te zien hoe de sanering hier heeft huis gehouden. Centraal zie je nog het hok van de gebr. De Vries, met de gehoekte kap. Het staat tegen de boerderij van Maarten en Leonie de Jong.  Rechts daarvan, aan het water, staat nog de oude Emmaschool. Daarboven het huis van vroeger de Steenhouwerij van Cuperus en later het huis van de Familie Bijlsma. Het punt waar Jacob met zijn wandeling begint. Het huis dat vroeger vóór het huis van Jan en Janke Scholtanus stond, is hier nog niet afgebroken. Helemaal boven aan de foto zie je de werkplaats van Piet van der Berg de timmerman, nu huize Engelsma. Duidelijk is daar ook te zien dat de Kamp langs de boerderij liep.

De kaartjes hier onder vertellen hoe het omstreeks 1950 uitzag en het tweede kaartje geeft de huidige situatie aan. Op de oude situatie is de route ingetekend die Jacob Bijlsma wandelt door het oude Amelân van 1950.

De plattegrond van Boazum ‘Zuid’ van omstreeks 1950. De route van Jacob Bijlsma staat er in getekend. (te beginnen onder de naam ’t Amelân die in de Boazumer feart staat). De slecht zichtbare cirkel staat om wat vroeger ’t Amelân heette. De huizen en schuren in rood zijn afgebroken. De cirkels in de Waltawei en It Heech, geven aan waar de waterputten zitten voor de Brandweer
De situatie zoals die nu is. Naast De Havens is ook  de Tryntsjebuorren veranderd. Notabene, de schaal van de beide kaartjes is niet gelijk!
Rechts het witte huis waar Johannes Bijlsma op het Amelan woonde. Hier start zijn wandeling.

 

School foto uit 1950. v.l.n.r : onbekend, Lieuwe de Boer, Eise Talsma, Djeuke ……., Willem Reitsma, Juf Wageningen, Jacob Bijlsma, onbekend, Anneke Bijlsma[Coen], Pietsje Bijlsma[johannes], Uilkje v Dijk, Limke Bijlsma en Hinke Huitema

Jaap Bijlsma aan het woord.

Mei dit ferhaal sil ik besykje yn de hûd en it wêzen te krûpen fan it lytse jonkje sa’t ik it my weromhelje kin doe’t ik yn Boazum wenne, nei sa’n santich jier! Jimme kinne my fine op de skoalfoto (Emmaskoalle) mei klasse ien, twa en trije, dy’t doe ûnder lieding stie van Juffrouw fan Wageningen, wer’t ik sawat rjocht foar stean op learzens, yn de koarte broek mei swarte hoazen. Ik siet doe yn de eerste klasse, 1950
Wat is de wrâld grut as je sels noch sa lyts binne. Neffens oare bern hiene wy in grut hûs, in grut hiem, wy wennen oan de grutte feart, je belibben je doarp as hiel grut, kuierje nei de Beatrixbeamkes ( 400 meter bûten it doarp), wie de wrâld út. Gjin wûnder, fierder rikte je wrâldbyld ek noch net.

kennismeitsjen mei de bewenners
Ik begjin op it Amelân, sa’t ús plak neamd waar, want echte strjitnammen binne pas yn de santiger jierren oanskaft.
Ús buorlju wiene oan de iene kant Durke-Jeltsje ( Sybesma), oan de oare kant wennen Everts- Geertsje (Meier) en dêr neist Tsjerke-Jeltsje ( van der Veen). We hiene doe in ferske wer’t ik fan tocht dat it gie om buorman Evert en buorfrou Jeltsje, dat gie sa:
Ik ha in moai ferteltsje, fan Evert en fan Jeltsje. Evert sloeg it knyntsje dea, en Jeltsje ferkoft it feltsje.
As bern wie ik net de grutste held. Ik wit noch dat wannear’t ik allinne de buorren yn moast, dan stinde ik der raar tsjin oan. Earst moast ik oer it hiem fan Evert en Geertsje, en dy hienen in hûn, Mosie neamd, in echte fryske stabij, dy’t oanfjilde dat je bang foar him wiene, en dat wie ik fansels ek. Dan hiest noch de ellinde fan in pear brutale wyte guozzen, dyt je hast wol opfrette woene. It hiem fan Evert en Geertsje wie tagelyk ek ús paed, dus we moasten altyd oer har hiem en dan witte je wol hoe’t in hiemhoun him tjirget, dy pakte je sa by je broek en dat wie hast altiten in koarte broek , mei winterdeis swarte breidene huozzen der ûnder.

Een oud stukje Amelan. Hier begint ik met mijn wandeling.  Op deze foto zie je Hil v/d Wal die de zwanen voert. Met pet Tseard junior en Kobus Bijlsma. Ze staan hier bij het huis van Tjerk en Jeltsje v/d Veen. Rechts zijn hok en daar achter het hok van Evert en Geartsje Meier. foto 1958.

Tsjerk Futter
Wiene je dizze “ramp” foarby dan moasten je stiif ûnder de glêzen fan Tsjerk Futter lâns, oars foelen je hast yn ‘e feart, sa smel wie dat paed. En it wie algemien bekend, dat Tsjerk Futter alle bern út Boazum te pakken naam, omdat die him altiten pleagen. Hy wie ek in hiel aparten ien, oars dan wie ek mar, yn bytsje gestoord. Wy as broers en suskes, dy’t altyd sa flak foar syn rûten lâns moasten, hiene nea lêst mei him, want wy mochten him net pleagje fan heit en mem. Mei yn de achterholle dat we der altyd sa ticht lâns moasten om thús te kommen, hellen wy ús dat ek net yn ‘e plasse. Je soene wol gek wêze! Fan Tsjerk Futter koest fan alles ferwachtsje. Hie Germ mei de molkwein by it molke- of brijtaapjen (sûpengrottenbrij) wat griemt en lei der in flútske op ‘e dyk, wat sa no en dan foarkaam en wie Tsjerk yn ‘e buert, dan gie hy op knibbels lizzen om it op te slikjen. At Tsjerk eineaaien fûn, dan bruts hy dy drekt stikken en slobbere hy de djêrre op. Yn ‘e hjerst foelen fan oerhingjende apelbeammen gauris al wat ûnripe apels of parkes yn é feart. Tsjerk roun altyd mei in stôk, en dan helle hy dy apels út de feart en die hy se yn ‘e bûse, of yn in âlde sek dy’t er faeks by him hie. Om dit sjen te kinnen moasten wy wol wat op’e skûle stean, want hy seach wol goed om him hinne foardat hy san aksje die, want hy hold net fan pottekikers. Ek hie hy in reinwettersbak foar hûs, wer ‘t er op in joun wat ynfalle litten hie, of in elts gefal woe hy der wat útfiskje, mar hy bûgde him wat te fier foaroer en foel op ‘e kop yn de reinwettersbak. Hy bleau gelokkich hingjen yn it lid, mei de fuotten omheech. Op syn geraes kamen in pear buorlju ôf, dy’t him der doe úthelle hawwe. Hy is ek raer oan syn ein kommen. Op syn âlde dei kaam hy teloane yn it rusthûs yn Tsjom. Dêr ha se him dea fûn ûnder in streamjende dûs my gleonhjit wetter. Hoe en wat witte we net presies.
Jimme snappe no wol dat it in hiele toer wie om yn it doarp te kommen, mar úteinlik hie ik niks te frezen en hiene je ek gjin kar, ja, we koene ek noch de kant fan ik Kampke út troch in lyts steegje neist it hûs fan Durke-Jeltsje, mar der hiene we leauw ik gjin rjocht fan paed, mar it mocht fan harren en it wiene ek hiel leave buorlju. As simmerdeis ús reinwettersbak leeg wie mochten we dêr wetter helje, want harren bern wiene de doar al út.
Werom nei myn paed om as lyts jonkje it doarp yn te kommen.

Tseard van der Wal bij de duiven. Rechts het huis van Sjoerd en Hiltsje Veenstra. En links de achterkant het huis van Tjeard en Hil .

Tsearde-Hil
Drekt foarbij Tsjerk, neist it hûs fan Tsearde-Hil wie in lyts stikje groun mei der omhinne fleerbeibeammen. Der sieten altyd in protte húskeslakken yn. Wy stiene sa no en dan as bern allegearre mei in slak yn ‘e hân en songen it lietsje:
“Slakje, slakje, kom uit je huis. Je huis brandt op, van vuur en vlam. ’k Zal je niet vermoren, met je lange oren”. En dan wie it in wedstriid waans slak as earste út syn húske kaem. Wer’t je as bern je al net mei fermeitsje kinne! We hiene gelokkich noch gjin tillefoantsjes.

Barten oer de Boazumer feart
Krekt foarby dit plak , mar dan oan de linker kant hiene je de Boazumer feart. Tsjintwurdich is der no in brêge nei de buert dy’t se no Blauwkeesje neame. Doedestiids wie it oan de oare kant fan de feart gewoan in greide, koest noch oan it spoar ta sjen. Dy greide wie fan Yme (van der Valk) . Om op dy greide te kommen moast hy mei hynder en wein troch it doarp en dan oer de bartens. We neamden it ek Yme’s bartens. It wiene in tal houten balken dy’t oer de feart lein waarden, en moast der in skip lâns, dan moasten de bartens der ôf, want se leine te leeg om der ûnder troch te kinnen. Mei it reedriiden wie it ek o sa lestig, want je moasten of klúne oer de wâl of plat op it liif der ûnder troch. Op mear plakken yn de buert kamen je dit fenomeen tsjin, û.o. by Yme syn lytse buorkerij op ‘e Kamp, flak by Blauwkeesje en by boer Douwe Hoitinga oan de Snitser dyk (No Sikke Bakker oan é Súderdyk). Op dy bartens koene we moai fiskje. Kaem Yme der oan daverjen mei syn hynder en wein, dan moasten we as de bliksem sjen dat we der ôf kamen, want hy hie net safolle geduld mei bern. Eins mochten we ek net op syn lân fiskje, en dat lei der krekt sa moai hinne mei de saneamde “Wiide hoeke” wer ’t de feart in bocht makke rjochting it spoar, en wer ’t dan rjochút earder noch de saneamde “Havens” wiene. Sa’n hynder en wein wie hast like breed as de bartens. It wie dus saek, dat de bestjoerder hynder en wein goed yn ‘e macht hie, oars rekke hy yn ‘e sleat. It wie altyd spannend om der nei te sjen. As bern hopen wy natuerlik stiekum altyd dat it ris mis gean soe, mar dat is nea bard.

De ketlinghoun fan Tsearde-Hil
We geane no wer troch oan de rjochterkant rjochting doarp. Nei Tsjerk haw ik Tsearde-Hil al neamd. Dy hiene achter hûs in great hiem en… ek in hûn. Bello wie syn of har namme en we neamden it in ketlinghoun, want hy siet altyd fêst yn in hûnehok bûtendoar. Ik soarge der foar om bûten de sirkel fan syn ketling te bliuwen en hoegde dus ek net bang te wêzen. Tseard wy neilfiker fan berop, hy gie by de feeboeren del en fersoarge de poaten en dan mear yn it bysûnder de neils fan de kei, der wie in goed stik brea mei te fertsjinjen. Se hiene “mar” fjouwer bern, trije jonges en de âldste wie in famke. De jongste hiet krekt as syn heit ek Tseard, we neamden him Tseardsie, hy wie fan myn leeftiid en ik boarte ek wol mei him, mar hy koe net myn kammeraat wurde, want se wiene “openbaar” Ik wit noch dat sy mei Krystiid in Krystbeam hiene, in hiel wûnder, want dat mocht net as je Griffemeart wiene, einliks fielden je je al in bytsje skuldig as je der nei seagen.
Ofrûne jier (2018) kaem ik Tseard nochris tsjin yn de PKN greate tsjerke, ik koe him earst net thúsbringe, mei omdat je in saneamde “openbare” jonge der ek net as âlderling ferwachtsje soene. Dat kloppe ek wol, want it wie syn pakesizzer, Tseard van der Wal, de directeur fan it Straal en coating bedriuw oan ‘e Trochsnijing.

Sjoerde-Hil
Neist Tsearde-Hil wennen, sa’t ik dat doe fûn, hiele âlde minsken en wol Sjoerde-Hil. Se wennen wat efterôf foar ús gefoel, want oan de foarkant by it paed lâns, ûnder itselde dak, it like hast mar ien hûs, wennen Koen en Romkje (Bylsma, gjin famylje). Sy hiene trije bern, Anneke, Joukje en Siemke (Simon). De nammen fan lytse bern waarden hast altyd ferlytse, dat wie sa wênst op it doarp, krekt like goed as wy de troude minsken better koene by de foarnamme as by de achternamme. Omdat se griffemeard wiene en de bern fan ús leeftiid boarten we hast altyd mei harren. Anneke mei ús Pietsje, Joukje siet by my yn ‘e selde klasse op skoalle, ik boarte ek wol mei har, mar dan wurden je al gau in “famkesgek” neamd. Mei Symke boarte ik ek in soad, al wie dy wat jonger. Der wiene ek net safolle bern fan ús jierren yn it doarp, der foel net in soart te kiezen. Ik wit noch dat ien fan harren readfonk hie, tige besmettlik en der kaem in warskôgingboerd oan har doar mei yn grutte letters “Roodvonk”. We moasten wiken lang út de buert bliuwe. Koen hie wurk yn Snits en der gong hy altyd op de Solex nei ta. Syn frou Romkje ferstoar hiel jong oan zwangerschapsfergiftiging. Se is mei it berntsje yn de kiste begroefen. Ik wit noch dat Koen moannen lang sneins mei in swarte rouwbân om de earm yn tsjerke kaam.

Sjoukje Bijlsma-van Dijk
We gean nei it deroanfolgjende hûs, ek wer ûnder itselde dak. Der wenne in widdofrou, Sjoukje Bijlsma-van Dijk. Jawol: ús Beppe. Se wenne yn in saneamd ienkeammerhúske, neist it keammerke in foardoar mei in gongkje mei in iepen trep, koest it hast net in trep neame, nei de souder en ûnder dat ljedderke in soarte fan oanrjochtsje mei in petroaljestel. Se koe sliepe yn de bedstee yn de keamer, en as se nei it hûske moast dan moast se in aerdich eintsje oer it hiem fan Symen en Oeke van Dijk. Omke Symen en Muoike Oeke seine wy, want Symen wie in broer fan Beppe. We wiene gauris efkes by Beppe, want dan kriigen wy altyd in hartsje mei in spreukje derop. Thús hiene we gjin radio, mar Beppe hie ien fan de distribúsje, sa’t se die doe neamden. Swart bakkeliet mei in skeakelder mei derop in ien, twa en trije. Wij fûnen it in wrâldwûnder dat der samar lud út kaem!

Pake Simon van Dijk met de petroleumwagen “Maatschappij de Automaat” hier op de Waltawei voor het Evangelisatie gebouw, op de hoek van de Tanialeane. In die tijd was er nog geen trottoir! Foto uit 1922. collectie van Akke v Dijk.

petroaljeboer Simen van Dijk
Har broer, Omke Simen, hie in petroaljehannel. Eltsenien sear it iten of die de wask foar in grut part op it petroaljestel, dat Symen gie eltse wike de húzen bylâns om de petroaljebuskes (meastal grien fan kleur) by te foljen. At it in soad opsmiet wit ik net, mar ik tink dat it gjin weelde wie, sa’t se dat doe neamden.

De gebroeders de Vries
As je die kant fierder út rounen kamen je by Jabiks hok. Je wiene dan it frijsteande hûs links fan it paed efter in grutte hage krekt foarby. Yn dat hûs wennen Jabiks-Minke (de Vries). It hok wie fan Jabik en waard no as garage brûkt troch syn soannen Hindrik en Willem, dy’t de karriiderij fan him trochset hiene en no fracht en fee ferfierden mei in reade Austin. Je fûnen it in allemachtig grut hok, mar der koe mar krekt ien auto yn. De gebroeders de Vries riiden ek wol beamstammen en hout foar ús Heit, dy’t doe al mei syn fabriekje oerstapt wie fan skuonklompen op it meitsjen fan biezum- en bjinderhoutsjes. Der ha ik op in oar plak wol wat mear oer ferteld.
By it hok koene je wol trije kanten út. Giene je nei links dan wie der in grientewinkeltsje fan Jellema de grienteman, der’t se soms simmerdeis ek ysko’s ferkochten. Omdat se gjin kuolkasten of wat dan ek hiene, moasten die ysko’s drekt ferkocht wurde foardat se raanden.

De grutte Stjelp oan ‘e Tryntsjebuorren
Giene je rjochtsom, It Heech op, dan hiene je neist omke Symen in timmerman wenjen, dat wie Wieger Wynia. Rjocht der tsjin oer wennen Willems-Lien (de Vries) en Tsearde-Wietske (Rodenhuis). Harren húskes wiene ynboud yn in grutte âlde boerepleats, in stjelp, (de wenbuorkerij fan Maarten  en Leonie de Jong) wer’t oan de foarkant (by Jabiks hok lâns, dus einliks rjocht troch, yn de foarkant Kobus-Anneke (Bijlsma, broer fan ús Heit) wennen. Der neist, oan wat no Tryntsjebuorren hjit, wennen Arjen de Boer en Hindrik-Jetske(de Vries), allegearre yn dyselfde stjelp. Hindrik en de earder neamde Willem en Wietske wiene bruorren en súster. De saneamde sliepkeamers wiene wat ôfskettene romte’s op de eardere heasouder. It wie tige horich, mar dat koe doedestiids allegearre wol. Willem en Hindrik hiene tegearre de frachtriiderij “Gebr.de Vries” en wennen dus ek flak by Jabikshok. Tseard wenne neist de griffemearde tjerke en hy die it kosterjen der by. Omke Kobus wurke op it bûterfabriek yn Wieuwert, wat Arjen de boer die wit ik net, mar wy fûnen him ek al tige âld. Hy sil wol al fan Drees lûkt hawwe, de lettere AOW. De froulje hiene it allegearre drok mei harren húshâlding.

De griffemearde tsjerke
By de griffemearde tsjerke stie in framboazebeamke. Omdat dat eins fan gjinien wie plukten wy, al wiene se ek noch mar heal ryp, as bern de framboaskes en iiten dy drekt op. It tsjerkje wie yn ús belibbing noch aerdich grut, mar doe’t de lêste tsjinst en it ôfskied fan it tsjerkje plak fûn yn 1998 seagen we der mei hiel oare eagen nei. Der siet in moai oargeltsje yn, dat ha se ferkocht mar dernei is der foar keazen it tsjerkje yn syn gehiel ôf te brekken om foar te kommen dat it ien of oar rommelhok wurde soe. Oan de eardere Herfoarme “mûzefalle” (it Evangelisaasje gebou) hiene se sjoen hoe’t it net moast. Jim komme dit eardere rjochtsinnig herfoarmde tsjerkje noch tsjin as we it doarp fierder yn gean, it is letter hiel moai ferbouwd ta wenhûs.

De schoenmakkerij van Albert Schaafsma. Huis links is de achterkant van Gebouw 1880. Het dakpuntje op de voorgrond,is van het toiletgebouw van de bewaarschool en je ziet de schutting met de poort er in.  De haag is van Albert Schaafsma, de Skuonmakker. En het hoge dak is de boerderij achter het cafe van Jaap Wieringa. Nu is het parkeerterrein naast het café , waar de glasbak staat. De foto is genomen vanuit de kajuit van Ate de Vries, nu huize Michel de Jong.

Albert Skuonmakker en it Café
Neist timmerman Wieger, tsjinoer de Grifformearde tsjerke stie flak efter it café noch in húske, der wenne Albert Skuonmakker, ek noch oan it strjitsje “it Heech”. Dit húske annex wurkpleatske/winkel is letter âfbrutsen. It al neamde café stie oan de grutte dyk, sa neamden we doedestiids de haaddyk troch Boazum, tsjinwurdich de Waltawei. Op in protte plakken stiet neist in tsjerke faeks in café. Hjir is de tsjerke nei it café bout, mar hawar. It café is oerbleaun en stiet der no noch en hjit “de Boazumer mjitte”. Dizze namme wie in âlde útdrukking foar Boazum en betsjut dat der yn Boazum royaal thee/koffie skonken waard, tot oan de râne fan it kopke oftewol reauke, sa’t destiids sein waard. Foar ús as Grifformearden wie it café ”streng verboden terrein”. Der waard om jild kaertspile en minsken kamen der soms dronken wei!

Het notulenschrift van de Floralia uit 1935.

Ienris yn it jier mochten wei nei de boppeseal, want der wurden de jierliks troch bern, meast famkes, grutbrochte keamerplanten oan it ein fan de simmer tentoanstelt mei in wedstriid wa at it moaiste plantsje hie. Dit saneamde “Floralia-feest” waard organisearre troch de beide skoallen. Planten hiene gjin geloof en hjiryn koenen de fynen en de grauen meielkoar troch ien door.

De Kamp
Hjir by it café oankommen kinne je twa kanten út oer de Waltawei, nei it noarden nei Ljouwert, nei it súden nei Snits. Neist it café leit in lyts stikje lân, it saneamde Kampke, der meitsje we aenst in rountsje. Tsjinoer it café hiene je in tranformatorhúske, der wer neist richting brêge in stik as trije wat “deftiger”húzen. Ik leauw yn it earste de kappersaek fan Teye-Aal, wer ik as jonkje hinne gie en knipt waar foar in kwartsje! Dat fûnen we omrake djoer. Wa’t der yn dy oare húzen wennen is my net bekend, wol hiel bekend foar my, dat je foar de brêge, nei it lêste hûs links nei ûnderen oer in lyts paed neist de feart by ús Heit syn febrykje kamen en derneist stie dan wer Yme’s hok. Oer it fabrykje ha ik in apart ferhaal skreaun.
Oan ‘a oare kant fan é dyk , dus ek noch oan de doarpskant, mar dan oan de rjochterkant, neist it Kampke, wenne timmerman van der Berg (no Sybolt en Geke Engelsma). Geane je dan by syn hûs lâns en yn in bocht nei rjochts dan wie der de lytse buorkerij fan Yme van der Valk.

Een  foto van de batten bij Yme v/d Valk op e Kamp. Het witte huis is van de fam Bijlsma. Voorheen was het de steenhouwerij van Folkert Cuperus. Met de spoorlijn op de achtergrond

Ljochts, drekt neist syn spultsje, leine ek saneamde bartens oer de feart en kamen je by in lyts hokje yn it lân, wer’t no de stritte Blauwkeesje leit. Werom die aparte namme, dat wit ik net 1).

De Kamp. Vooraan de bouwopslag van Piet van der Berg (Nu de tuin van de Familie Engelsma). Dan het huis van Yme v/d Valk (nu Piet en Afke van der Berg). Daarnaast het huis van frou Swart en op de achterkant woonde Jelle en Aaltsje Ferwerda (nu Wiebe Reen en Ymie Wierstra), dan het huis van Willem en Joukje van Dijk (nu van Wiebe en Joukje Hoitenga). Dan het huis van Albert en Siep Beeksma. de Tonnenman. daarachter woonde Nanne-Sus Hoitenga.  Deze huizen zijn afgebroken om ruimte te maken voor De Havens. De foto is gemaakt op de trouwdag van Reino van Dijk en Jan Capel in 1967.

We geane fierder lâns it kampke, der wennen in elts gefal frou Swart en op it hoekje Jelle-Aeltsje., efter Jelle-Aeltsje wennen Durke-Jeltsje (ús buorlju) en mei in lyts steegje dêrtusken Nanne-Sus Hoitenga. Fanôf ús hiem koene we der krekt tuskentroch fia it kampke by Heit syn fabriekje komme. Neist Nanne-sus wenne Albert tontsjeleger (Beeksma).

Siidstrjitte fan ‘e Havens
Geane je dan wer wat nei rjochts dan kamen je yn in hiel lyts strjitsje, (neist no Jaap Nieuwenhuis syn wente lâns) wer’t drekt links ús Beppe earder wenne hat yn in dûbel wentsje mei neist har Diederts-Bieke Jellema. (Hjir wennet no Siep Wynia). Ik leauw dat hy by it spoar wurke, dat wie in fêste baan mei in goeie beleanning! Hjir neist kamen je wer út by Wieger (no Lolkje Wynia)  en oan de oare kant fan it strjitsje wenne in frijgesel Roel van der Wal, bekend fan Roel syn pôltsje, (Jaap Nieuwenhuis syn hûs) ik kom der letter op werom. Dit húske is no prachtig opknapt en je lêze der op dat dy strjitte by de Havens heart.

By eintsje beslút
Fan wat ik no skreaun ha oer de route it Amelân-Jabikshok is net folle oerbleaun. Al dy húzen binnen ôfbrutsen yn en nei de sechtstiger jierren, ek Jabik’s hok.  De âld stjelp wer’t seis húshaldings wennen is ien moai wenhûs yn stjelpfoarm wurden (Maarten en Leonie de Jong). De Grifformearde tsjerke is yn 1998 ferdwûn en ek oan it Kampke binne de húzen van Nanne-sus en Albert Tontsjeleger ferdwûn en it Kampke is sawat mar de helte fan oerbleaun, it oare diel is by it café lutsen.

Yme v/d Valk zijn kampke lân, mei hynder en folle. Rechts de boerderij achter het café en links het huis van Sake en Jantsje Lanting. (Nu Anne en Elly Kampstra). Daarnaast hun garage. Tenslotte de Hooiberg en het boerderijgedeelte van het café. foto 1952.

Toen ik sa’n fiif jier wie kin ik my herinnerje dat Yme’s hynder dêr op it Kampke in foaltsje kriich. Wy mochten eins net sjen hoe dat der op en ta gie, mar je tochten as bern al in bytsje troch en kamen der efter dat de baby’s (lytse poppen) net troch de earrebarre brocht waarden, mar dat der wat oars foar barre moast en dat it gjin wûnder wie, dat Mem dan in goed wike meast op bêd bliuwe moast. Wer wat wizer, want der waard je net folle bybrocht wat dat oanbelanget.

Troch de “sanering” fan it Amelan is in protte âld karakteristiek doarpsferlyne ferdwûn, gelokkich is in grut stik fan eardere plannen om ek de havens ôf te brekken net troch gien en is der noch in aerdich stik fan it doarp bleaun sa’t it wie.
Tichte by hûs kin je je as bern noch fan alle goeds foar de geest krije nei 70 jier. In oare kear kom ik mei in ferfolch oer oare parten fan Boazum, mar der wit ik safolle net fan.
Jacob Bylsma

P.S. Wat is it moai dat de site fan Ald Boazum sa aktualisearre wurdt troch foaral Frans Tolsma. Hâldt it meielkoar yn eare !

1) Blaukeesje is de naam van een sloot  waar iets gebeurd is met een Blauwe Kees, oftewel een Patriot van voor de Franse tijd. De sloot lag in het weiland tegenover Huize Engelsma richting Roorda. (ten zuiden van het oorspronkelijke Kadastrale nummer 421)