Hingplakken
In lytse 25 jier lyn skreau Jappie Lanting oer hingplakken, fan doedestiids yn Boazum. Se neamden it grif net hingplakken ( in wurd fan hjoed de dei) mar is it fansels krekt itselde. Hij hie it oer de jongeren fan hjoed de dei, dy’t bijelkoar op de dyk omhinget, wat roke en oangean mei de froulju dy’t dan krekt ek tafallich yn de buurt wiene.

Hij seit: ”Yn myn jongejierren wiene der in pear plakken, wer’t men as jongens en famkes gearhokke. Op de Waltawei bij it PEB hokje, dat al foar 1999 ferdwûn. Der stiet wol wat oars foar yn it plak, mar dan fierder nei achteren. Bij de trochreedsdoarren fan de herberch. Men kin dat noch sjen oan ferskate nammen dy’t mei in spiker as sa yn de muorren krast binne.

Dan doktershoeke ( al wennet der no al lang gjin dokter mear) , en letter ek it publikaasjeboerd tsjin oer gebou 1880.

Wat der barde? No wat prate en oangean mei de famkes. Ien helle dan in pûde apenúten mei dop. Fan de grutte mannen dy’t der dan ek wolris stiene krige we ek wol in sûkeladereep. Faaks naam Jan van Asperen it mei út de winkel. Der wie genôch. Letter yn de oarloch waard it wat minder. Der wie doe net folle te krijen. Mar it hingjen gong troch. Wij neamden dat doe de beurs. Der waard fan alles bes prutsen troch jong en âld. Sinnige en ûnsinnige dingen. En as wij nei de middelbare skoalle gongen wie de herberchdoar it plak om bijelkoar te kommen, en waard bepraat wa’t foarop fytse moast en de wyn brekke.
Ja, sûnder hingplakken kin in doarp einliks net. Hjoed de dei wol men ek hing-ûnderdak ha, en it leafst mei in kistke bier as sa. Mar dat wie der yn de jierren 30 en 40 net bij.
En op doktershoeke moasten we wol oppasse, want bij dokter Miedema stie de sliepkeamerdoar altyd iepen, en dokter mocht altyd graag hearre wit der bepraat waard.””
En sa is it fansels fan alle tiiden, en yn ús jierren, wie it net oars. Ek wij de no 70ers sochten elkoar op, en faaks op deselde plakken as doe. Ek op de hoeke bij de dokter, en oars op it stek fan Tolsma. Der mochten we ek graach sitte.


Yn de 60er jierren doe’t it keatsen wer yn Boazum kaam, altyd efkes omhingje op it keatsfjild. Wit net as we wol folle fan it keatsen seagen. It café wie gjin plak foar us, dus mar earne oars ús heil sykje. Tsjinoer it café, hie Teije Kooistra syn kapperszaak doe noch, en hij ferkocht ek ijsco’s. Dan gongen we der mei syn allen sitten.

Mar we sochten ek oar ûnderdak. En dat wie op it Amelân, yn in doe al ûnbewenne hûs. We hiene wat âld ark bijelkoar skarrele en wat kearskes oan. Neffens mij brûkte Frans syn broer Andries it as opslag foar de pûdsjes chips. Hij wie der doe fertsjintwurdiger.

Mar dizze húzen waarden plat gooit en wat no. Doe kaam it hok fan Keimpe Stienstra yn beeld. Stie op it plak der’t no de skoalle is. We wiene doe wat âlder en miskien net wizer, mar we soene der wat fan meitsje. In bar timmerje, sitplakken fan strie meitsje, slingers op hingje en fansels moaie feestjes bouwe.

Les hjir ûnder mar hoe as dat gong.




Wat jierren letter wiene der wer oare plakken, wer as de jeugd bijelkoar kaam. It hok fan Keimpe wie ôfbrutsen. ( No stiet de skoalle der), en dokter Heins krige opgroeiende bern. Yn it doktershûs wie in grutte kelder ûnder it hiele hûs troch. En der socht de jeugd harren heil. It wie in kommen en gean, mar spitigernoch binne der gjin foto’s fan.
It spul troude, as ferhúse, en sa wie der in skoftke neat. Mar doe kamen oeral de keten yn it lânskip , ( âlde caravans ensf.) Der wie net in doarp der’t net in keet stie. En fansels moast de jeugd yn Boazum ek yn keet ha. Der hat ek in skoftke in keet bij it spoor stien, mar dat wie fansels gjin goed plak, en moasten se der wei. Ek hat er in skoft wat stien op it parkeerterrein op it sportfjild. Mar dat wie ek net in goede kar. Der wie gauris wat te rêden. Sels de plysje kaam der wolris oan te pas.


de leste jierren ha de boeren jeugd keten, op it hiem hân. Neffens mij ek bij Fokke de Boer, en letter op it hiem fan Feike Bakker, der’t de jongeren har útleve koe. Ek ha we wat jierren de nijjierswinsken ( Dophok)fan harren op de foarside fan de Doarpsskille sjoen. En it kardbidsjitten is ek tradysje fan dizze ploech.


en wat wurdt it no? Freedtejûns sit de kroeg fol mei jongeren, is ek wol gesellich.
Mei tank oan Frans Tolsma, Snitser Krante, Jappie Lanting en Bouwe Jan Bouma.