Tryntsjebuorren it lêste part.
Earst krije we noch de oprit (earder de reed nei it pleatske fan doe Wieringa en Stienstra), op nei de achterkant fan Nelie Veenstra en Lars Hemmes.

It pleatske en de hokkenboel is al earder ôfbrutsen. De skuorre dy’t jimme op de foto sjogge hearde bij de stienhouwerij fan Cuperus (Waltawei 12) en letter yn gebrûk bij leanbedriuw Marten van der Veen en Gatze Boomsma. Op de foto steane Jaap Wieringa en hûntsje Bobby. En Tryntsje van Dijk stiet ek op it paad nei de achterkant fan de húsen fan dr. Miedemastrjitte De bewenners fan de Waltawei 14 en 16 Venema en van Brummelen hawwe oan grûnruil dien en brûke de oprit om achter bij harren hûs te kommen. Want der is no genôch romte foar parkearplakken. De measte oanwenjenden ha it jierren lyn al oernommen fan de gemeente. It sjocht der no tige netsjes út.
It grutte hûs no 11 wat no komt, is eartiijds bout as ien grutte wenning mei Waltawei 16 (no van Brummelen, (Sjoch it item fan Hessel oer dizze wenning). Bout as doktershûs mei apotheek en alles wat der mei gearhong.
Nelis siet al jong yn de hannel. Hij kocht it pân al yn 1908 en ferkocht it yn 1916 troch mei útsûndering fan de winkel en it wenhûs. Doe waard it hûs (no Tryntsjebuorren 11) yn 2-en bewenne. No is it ien wenning wurden. Allinnich is der intern wat in oare ferdieling kommen. Waltawei 16 hat der doe wer in stikje bijkrigen.
En nei dik 100 jier is der oan de bûtenkant noch net safolle feroare. Dat is fansels net hielendal wier want troch de jierren hinne ha de nije bewenners wol wat oanpast. (Hjiroer aanst meer)


Earst wat persoanlike feitsjes. Kornelis (Nelis) waard yn 1882 bêrne as ien fan de soannen fan Jelle Sjoerds Dijkstra en Janke Faber. De húshâlding wenne doe al jierren yn Boazum op it Amelân. Nelis wie ien fan njoggen bêrn, lyts detail: ien fan syn broers wie Tjitse Dijkstra (wenne yn de Dr.Miedemastrjitte) en ien fan syn sussen Antje wie de earste frou fan Keimpe Stienstra en die is al jong ferstoarn.
Nelis troude yn 1908 mei Tryntsje Feenstra, en krige mei har 4 bêrn, wêr fan 1 jong ferstoarn is. De oare bêrn, wiene Tietje, Sjoerd (wenne letter mei Marijke op it Altaplein) en Job (wie slachter op it Tsjerkhofsein mei frou Fokje). Dochter Tiete troude yn 1940 mei Albert Groen (broer fan Lútsen Groen) en sy wennen yn Grou.

Nelis syn earste frou Tryntsje is al jong stoarn oan de Spaanse Griep, en hij troude letter yn 1926 mei Jantsje Veenstra. Doe’t Jantsje ferstoar yn 1952, bliuw der allinnich achter, mar doe kaam dochter Tiete hast alle dagen del om har heit te helpen mei de winkel en de húshâlding. Altyd op de fiets fanút Grou.


Hij hie it goed foar elkoar, hie de winkel en in karridersbedriuw. Yn 1924 hie der ek al in frachtwein. Wij tinke mei Klaversma (it kenteken stiet op namme fan Klaversma). Yn 1928 kocht er in nijer model. Ek hannele der yn brânstof. Hij hie doe de saak tegearre mei Aan Looyenga. Aan wie trout mei Durkje. Aan en Durkje wennen mei de húshâlding bij it Altaplein, dat no allegearre ôfbrutsen is. Plak famylje Kruger/Fluitman. En hjir wie ek in opslach fan de swarte brân. Aant hie ek noch in hynder en wein. Dat kaam yn de oarlochstiid goed út, want de Dútskers namen de frachtwein yn beslach.

Yn 1946 waard de auto weromfûn op de fleanbasis fan Ljouwert. Hij krige de auto werom, en waard der yn duplikaat fan it kenteken makke. Doe koene se har dochs rêde. Ek de hannel yn klompen diene Aan en Nelis tegearre. De famylje Looyenga is yn 1950 mei de hiele húshâlding en ien skoansoan nei Kanada gien, en Sjoerd (soan fan Nelis) en syn frou Marijke namen de frachtriderij en de klompenhannel oer.


de trouadfertinsje fan 1939 en de troufoto mei it hynder fan Aan Looijenga ( mei tank oan fam. Merkus en fam. Looijenga).

Nelis liet ek ansichtkaarten fan Boazum meitsje, en dat die der al yn 1917. Der binne in protte printsjes fan Boazum der’t Dijkstra Bozum op e achterkant stiet. In grut part is yn it besit fan Frans.


Der wie gjin nee te keap yn syn winkel. Potten, pannen, serviesguod, fiskark (syn eigen grutte passie) skriuwark, rookwaren, boartersguod, snobbersguod, en fansels de poesiealbum plaatsjes.
En mei de Sinterklaas hie der altyd in prachtige etalage mei it nijste boartersguod. As bêrn fûnen we dat geweldig en tsjin dy tiid moasten we altyd efkes troch de rúten sjen. En ús fergapje oan al dat prachtige spul. Ek hat er in tiid west dat er platen ferkocht foar de Pathefoon. De foargonger fan de pick-up. En doaskes plofferkes helje. Foar de bêrnepistoaltsjes. Wij hellen it krûd derút, diene it yn in âld kaai, spikertsje deryn en tsjin in muorre knalle litte. Wit ek net as dat ek gefaarlijk wie.
Nelis hie altyd in pet op en der waard wol sein, dat er dy ’s nachts ek op hie, oars krige der in kâlde holle. Ik ha him nea sûnder sjoen. Syn bijnamme wie Nelis kwartsje. (Sjoch it item bijnammen)



de poëzy- album plaatsjes fan 1940-1950 en in faaske út de winkel fan Nelis.
Ek rekkentsjes binne sa bewarre bleaun.



It is in tige markant gebou. Oan de kant fan de Tryntsjebuorren de moaie winkeldoar mei it zandstraalrút, de grutte etalaasje mei de gekleurde rútsjes der boppe en de hege stoepen. En It grutte pakhûs dernjonken en oan de linker side ek in yngong mei in hege stoepe.
It rjochtse gedeelte fan it foarhús waard ynearsten bewenne troch Nelis syn mem Janke, oan’t dy yn 1927 weirekke. Dernei is de rjochterkant altyd ferhierd west. We witte net krekt wa’t der allegearre wenne, mar seker is dat Piet en Ida Plat (bakker) der wenne ha doe’t harren soan Sipke de bakkerij oernaam. En begjin 50er jierren wennen Evert en Aaltsje Pool der, oan’t dy nei Easterwierrum ferhúzen. Ik wit ek dat de famylje Engels der wat jierren wenne hat. Sy wie in dochter fan Jentsje en Tsjal Westra mei harren dochter Karin. Grutte Daan hat der in jier wenne, oan’t er ferkearing krige, troude en nei Snits gong.


Tjitse en Grietsje Piek wiene bliid dat der doe plak foar harren wie, sy trouden op jonge leeftyd en krigen der in soan. Neffens Grietsje ha se der oan’t 1964 wenne, en binne doe nei Enschede fertrokken en der wenje se noch altyd. En it waard in moai startplakje foar Meindert en Akkie de Jong. Harren earste soan Frans is hjir bêrne. Doe’t de hierwenningen op de Waltawei klear wiene binne se der hinne gongen. En de lêste húshâlding dy’t der wenne ha wiene Willem en Durkje Sytema. Ik tink dat se der in pear jier wenne, en binne fia Waltawei 16, De Havens, Waltawei 8 bedarre op de Pôlle. Durkje wennet hjir no noch.
Doe’t Nelis yn 1968 ferstoar, ha soan Sjoerd en Marijke der noch in skoftke wenne en de winkel noch wat oan de gong hâlden.
Se ferkochten it yn 1974 oan Cees en Nel de Wolf, en Sjoerd en Marijke kamen ek op de Pôlle te wenjen (earste bewenners). Letter binnen se nei Wommels ferhúse. Nei in bejaardenwenninkje.

Cees en Nel de Wolf ha it doe kocht en sa njonkelytsen ferbout. It gesin hat hjir oan’t 2008 wenne. Grappig detail, doe’t se hjir foar it earst kamen om it hûs te besjen, hiene se in sn. tolk meinommen. Want Sjoerd Dijkstra koe net sa goed Nederlânsk en sij as Brabanders ferstiene noch gjin wurd Frysk.


Der is doedestiijds in protte ferbout

rjochterkant foargevel foar en nei 80er jierren oanpakt.
foargevel nije kajút


foargevel

sydgevel foar en nei

it âlde hok ôfbrutsen en in nij hok bout 90er jierren.

ek it dak krige doe in opknapbeurt.
Yn 2008 krige Jan Venema it plan om op himsels te wenjen, en tocht: dit is wol wat foar mij. De keap wie rûn en der moast flink ferbout wurde. It soe in hiele klus wurde, want famylje van Brummelen hie wol belang bij it linker gedielte fan de sydgevel, en it meast rjochtse gedielte fan de foargevel. En sadwaande moast der bij de sydgevel in muorre komme
En dan kin it ôfbrekken en opbouwen begjinne

De keuken moast in oar plak hawwe, en der waard in binnenmuorre (brânmuorre) plaatst.





Doe de de grutte ferassing: De skuorre moast wat mear nei foaren: Soe it lukke? En it kaam klear.

En dan it slútstik. Jan kin op himsels. Op de earste foto fan binnenút de foardoar mei de libbensbeam, en de oare foto docht Jan de doar fan it slot.

Dit wie de skiednis fan de Tryntsjebuorren. nr. 11 as lêste.
Mei tank oan Frans Tolsma, Hessel Fluitman, Hielke en Henny Merkus, Jan Venema, Cees en Nel de Wolf, en Sid Looijenga ( Canada).