5 maaie Befrijingsdei 2020

Understeand stik is skreaun troch Jaring de Wolff ta gelegenheid fan it 50 jierrich befrijingsfeest.  Dat wie yn 1995.

Jaring de Wolff is te Ljouwert berne yn 1936 en wie de soan fan Haring de Wolff en Tjitske van Asperen (de dochter fan Nolke en Wietske van Asperen). Jaring de Wolff syn pake Jaring wenne doe op de pleats op Yndyk.  Nei pake Jaring ha syn omke Tjitte en mouike Marie der earst noch buorke. No wennet Beke Cnossen hjir.

Jaring wie karmeliet en pastor yn Zandberg en Terapel.  Hij ferstoar op 31 maart 2016.

de pleats op Yndyk. foto is fan 1936. No Beke Cnossen.

Fyftich jier lyn:

It is al hwat jierren lyn, doe’t ik op in prachtige jûn fan de twadde Pinksterdei, nei de besite oan omke Tjitte en mouike Marie yn Snits oer de strjitwei nei hûs ta ried. Efkes foar Dearsum hie’k in ferskriklik moai sicht op Boazum. Oan beide kanten fan de Swette fé yn it lân en op de eftergrûn de machtige en foarse âlde tsjerke, werfan de toer op dizze moaie simmerjûn de sinne trochmidden snied. En ik fielde my ienienen wer thús. Der leinen ommers safolle fan myn bêrne fuotstappen.

Efkes kamen dy tinzen wer by my boppe, doe’t ik tocht oan fyftich jier werom. Ik herinnerje it my noch krekt. It wie ek sa’n moaie sneintejûn yn april. Der wie wat op til. Der gong praat troch it doarp oer de Kanadezen, dy’t komme soenen. Wy hoegden nei it jûnsiten net daaliks op bêd, en rûnen sa as altyd mei moai waar in ein de dyk út nei it Beatrixboskje. De grutte minsken foarop, Froulju en wat âlderen. De jongkeardels wiene noch ûnderdûkt. Foar harren wie it doe noch tige oppassen.  My tocht dat pake Nolke der by wie en mem (Tjitske de Wolff-van Asperen) ek en miskien buorfrou Tetsje de Jong út Ljouwert, dy’t mei buorman Siemen en de bêrn ek by pake en beppe kommen wienen.  Buorman Siemen en buorfrou Tet wiene út Ljouwert nei Skearnegoutum gongen, want buorfrou wie der stjerrendsbenaud wurden. Wy wennen der doe ticht by it fleanfjild.  Yn Skearnegoutum wennen se by famylje fan buorfrou boppe it café by de brêge.

Doe’t de Dutskers by harren weromlûken it café yn besit driigden te nimmen, hie hja it hielendal net mear. Doe’t buorman der mei it molkeheljen mei yn Boazum oankaam, sei pake Nolke van Asperen: “No dan komme jimme hjir mar”. En sadwaande kaam it lytse winkelhûs fan pake en beppe grôtfol te sitten en sliepten wy mei de hiele brot op de souder, wer’t pake syn tabaksblêden oan de linen te droegjen hongen.

Nolke en Wietske van Asperen-Haarsma. de pake en beppe fan Jaring de Wolff

 

Op dizze jûn, wylst de grutte minsken oer it brêgje gongen en nei it boatsje fan de oerhaal op Dearsum tasetten, wiene wy ûnderwilens drok dwaande yn de bermen by de wylgebeammen te syken nei einenêsten en de aaien.  Mar ja sa jong as wy wiene hiene wy der gau genôch fan, en bliuwden wy by it begjin fan it betonpaadsje wachtsjen.

Om’t it in stille jûn wie hearden wy de minsken yn Dearsum roppen en klappen tusken it ratteljen fan de rupsbannen fan de tanks troch, en koene wy yn de fierte de grutte tanks en auto’s (wy wisten doe neat fan jeeps) oer de strjitwei riden sjen. Dat byld stiet my noch altyd klear foar de eagen. Ut Snits wei gongen se oer de strjitwei op Ljouwert ta.

Letter op dy jûn: en no wit ik net mear as wy de minsken dy’t nei Dearsum west hiene opwachte ha; doe’t wy wer op hûs tasetten, mei pake en beppe dy’t wennen op it Tsjerkhofsein (wer’t no Tiny Manshanden wennet) , seagen wy de earste read-wyt-blauwe flagge oan de flaggemêst. Dat wie by it hûs fan master Sytstra.

2e fan links it hûs fan master Sytstra. der hong de earste flagge út in 1945. Dizze foto is fan 1940.

Mem fertelde my ek noch, dat der dy jûns ek noch guons troch Boazum kommen wiene. As it soldaten wiene, as minsken fan de Binnenlandse Strijdkrachten as guon fan de Undergrûnske, mar se fregen wer’t Jaring de Wolff wenne.  Der op dy pleats op Yndyk wie doe ek hiel wat bard. It siet der soms groatfol mei ûnderdûkers. Derom en omdat ik ek nei skoalle moast ferhúze ik fan de pleats nei it doarp. Fornaamste reden wie lykwols dat der troch bêrn út te hearren, hwat ferrieden wurde koe.  Lokkich is dat nea bart, al hat it op Yndyk wol ris spannend west.

Letter ha wy earst murken hwat it sizze woe dat wy wer frij wiene, alhoewol de bylden fan dizze jûn my nea ferlitten ha.

de flagge op befrijingsdei fan Fryslan . Is skonken troch Douwe Hoitenga yn 1982.