Doe’t Anna yn 2021 ferstoar kaam der fan alles foar it ljocht. sa ek in poesiealbum. Se hat in grut part fan har jeugd yn Boazum trochbrocht en sa steane der dus ek hiel wat Boazumers yn har album.
It binne wol hast allegearre ferskes mei in moraal as Christelijke eftergrûn. Mar dat wie doe sa.
Anna waard yn 1930 bêrne yn Britswerd, en yn de 2e wrâldkriich wennen se op de Bongier yn it hûs, dat der no net mear stiet. Se hie doe ek noch in broerke en suske krige, tw Jantje en as lêste in broerke Folkert ( Wa kint him net)
sa as meastal skreaune heit en mem , sus en broer as earste yn it album.
Bedankt familie Lautenbach , oare foto’s Yke van Dijk , Sid Looijenga en Frans
memheit
sus Jantje
broer Folkertmem Tryntje mei Jantje en Folkert. Dit wie noch op Kromwâl
en dan no de buorfamkes, freondinnen ensf.
dit is Janke Koopmans, wenne op de pleats Koopmans, in suster fan Sybren, de pake fan de jonge Sybren ( Easterwierrum)Janke Siderius lettere buorfamke fan it Tsjerkhofsein wenne bij pake Durk en beppe Akke ( no hûs Petie Dijkstra)Janke Siderius 1930Richtsje de Boer, dochter fan Egbert en Tommy de Boer, fan de Hegedyk. no pleats fan pakesizzer Egbert en TryntsjeCatharine de Boer, in sus fan RichtsjeFetsje Siderius in freondinne fan Anna, en nichtsje fan Janke Siderius, se wie in dochter fan Otto en Akke Siderius Jellema. Se ha wenne op Yndyk, der’t no Wim Boelens wennet. Yn de 50er jierren binne se emigrearre nei Canada.Geppie Huitema, ek in skoalfreondinne . de dochter fan Halbe en Mellina Huitema. pleats op de Tanialeane, no Pierkje Postma.Minke Huitema, de sus fan Geppie
Geppie en Minke Huitema , trouwden op de selde dei yn 1955, en harren âlden wie die dei 25 jier trout.Wieke van der Veen. Troude mei Sybren Koopmans, en ha de earste jierren fan har trouwen wenne yn deSkoallestrjitte 1, no Dr.Miedemastrjitte ( Johannes Adema)
Trienke Veenstra freondinne fan Anna, dochter fan Sjoerd en Hiltsje Veenstra. Hja wennen op de Waltawei. ( No Jannie Smit) Se wie in tante fan Sjoerd Blik ( Veenstra)de freondinnen en sus Jantje fan links nei rjochts. Jitske, Anna, Jantje (sus) en Trienke VeenstraWijtske de Jong, dochter fan Wouter de Jong. wie boer op de pleats fan Jan Koopmans ( Herman en Jannie)Rixt Klaassen, dochter fan Jan en Wilhelmina Klaassen, haad fan de Christelijke Emmasskoalle.Trienke de Boer, dochter fan Arjen en Tjettsje de Boer. Wennen op de Tryntsjebuorren. Letter troude se mei Durk Gerlofs en wennen op it Tsjerkhofsein. No Bas en Marja de WitSjoerdje Looyenga, dochter fan Aant en Durkje. wennen op it Altaplein, der’t no de wenningen fan Kruger en Fluitman steane.rjochts boppe oan is Sjoerdje Looyenga . foto 1947Zus Elsinga, dochter fan Jan en Lena Elsinga. wennen oan de Boazumer feart. Achter it hok fan Jacco.