Albert Schaafsma skuonmakker

It libben en wenjen fan Albert Schaafsma 1883-1952.

gezinskaart

Albert skuonmakker sa as der yn de folksmûle neamt waard, as Albert schoegje,  is bêrne as it seisde  bêrn fan Pieter Sybrens Schaafsma en Geertje Alberts Smits . Der wiene doe ek al in broerke en suske ferstoarn. Hja wennen mei syn allen yn it lytse húske op it Heech.

de heit en mem fan Albert 25 jier trout 1892.

Doedestiids it âldste hûs fan Boazum.  It hûs stie op it plak, der’t no it parkearterrein is en wer it plak is fan de  flessenbol ensf stiet.  It moat dan mar efkes ta de ferbielding sprekke. Mar it stie op de achterkant fan it hûs fan de famylje Nieuwenhuis oan de Kamp. Der siet it oan fêst.

 

 

it hus oan it Heech, dat ein 50er jierren al ôfbrutsen is. Oan de linkerkant it gedielte der’t Albert syn skuonmakkerij hie. As je goed sjogge, op de foargevel it buordsje fan Erdal skuonpoets.

 

It hûs spriek ek ta de ferbeelding fan  Jac.Lanting. Hij tekende foar de Doarpsskille it nije omslach yn 1994

Pieter de heit wie timmerman, en kaam fan Easterwierrum, der’t de Schaafsma’s weikamen. Hij troude mei Geertsje Smits, sij wie wol in Boazumer, want yn 1823 komme de Smits al foar yn de boeken.

Fan Pieter en Geertsje binne gjin foto’s, útsein dizze foto op it Heech. Makke mei as eftergrûn it âlde hûs fan de famylje Wijnia, dat letter ôfbrutsen is, en wer opnij opbout is troch de pake en beppe fan Siep en Lolkje.

op it Heech de frou mei it earizer is de mem fan Albert.

De nammen binne eartiids achter op de kaart skreaun.

Se wiene tige roomsk en gongen alle sneinen yn Easterwierrum nei tsjerke.

Albert hie in âldere broer Doeke (Doekele) en dy gong as skuonmakkersfeint yn de lear bij de Kamsma’s yn Ljouwert .  Ek Albert hat der letter yn de lear west.  De Kamsma skuonwinkels  besteane noch altyd yn Ljouwert en Snits, en de soan fan Doeke (Siebren) hie letter yn de 60er jierren in skuonnensaak yn Easterwierrum.

De âldste broer Sybren kaam yn de lear bij de smid, syn ynkommen kaam goed fan pas, want it wie in earmoedige tiid.  En hij learde ek it smeiwurk. Letter krige hy in baan as kachelsmid bij de firma Jaarsma.

No fierder oer Albert.

Nei in tiid yn de lear bij de Kamsma’s waard er  selstannich skuonmakker en wol yn Boazum.  Yn it hûs fan syn âlders sette hij útein.  Yn de oanbou fan it hûs wie de skuonmakkerij. It wie net grut, men koe der amper rjochtop stean.  Simmers siet er foar it iepenslaande rút mar winters stookte der in lyts potkacheltsje om it waarm te krijen. De doarpsgenoaten koene Albert wol fine, en altyd stie der in stoel klear foar in praatsje. Ek de bêrn koene  him wol fine foar in stikje swarte pik ( pek).

dizze adfertinsje stie yn de LC  fan 1909

We fûnen ek noch in adfertinsje dat it hûs ferkocht wurde soe, mar dat is skynber nea trochgongen.

adfertinsje LC 1911, giet om nr. 3

It wie meast reparaasjewurk, wat er die. Mar ek makke der sels wol skuon. Foaral foar Nelis  Dijkstra mei syn grutte maat.  En syn leste opdracht wie de trouskuon foar Jappie Lanting yn 1950. Jappie hat se noch lang bewarre, en noch faak droegen bij de Laatste Eer.  Nim mar oan dat it goede degelijke skuon wiene.

rekkentsje fan Schaafsma. f. 3,80 foar reparaasje skuon yn 1939.

 

Nei it ferstjerren fan syn mem Geertsje yn 1921 wurdt Albert eigner fan it hûs, dan keapet hij it pand.

Albert sil grif net ryk west ha, want der wiene yn de earmoedige tiid noch al wat minsken der’t er foar in bytsje sinten de skuon makke.  Albert wie ek tige goed foar de mienskip.

Hij hat ek noch wolris in feint hân, u.o. Evert Pool (wenne yn de Tryntsjebuorren) en letter noch Sjerp Hoitsma

Hij sette him ek bot yn foar de mienskip.  Mocht graach toanielspylje,  De rollen learde  hy ûnder it skuonmeitsjen.  Ek wie der mei oprjochter fan de fiskklub, siet er yn de merkekommisje en siet yn it Doarpsbelang.

Prachtige foto’s fan it toaniel De Harmonie.

fot fan de De Harmonie, hielendal linksûnder is Albert Schaafsma.
dizze foto is makke yn 1930. Toaniel busreiske mei Sypersma úit Easterwierrum.
de merkekommisje jier ûnbekend. Albert stiet yn de midden, en rjochts fan him, Germ Wieringa, molkboer en wennet yn it hûs der’t no Rolf en Lieke Martens wenje.
foto Albert mei Griet Santema ( lettere frou fan Yme van der Valk) foto fan 1930. Foto is makke op de Waltawei.

Albert hat nea trout west, en hie dêrtroch sa no en dan in frommiske dy’t de boel behimmele.  Lies Wijnja o.a. en Akke Jellema.  Foar Akke wie it gau klear, want doe’t se ris gong te swimmen mei de jongens fan Boazum wie it foar Albert dien. Hy fún dat, it net fan pas kaam, en se koe gean.  Letter kaam de dochter fan syn broer Doekle, Geertsje wol ris om de boel skjin te hâLden.

Hij gong ek alle sneinen nei de katholieke tsjerke yn Easterwierrum. Dat wie in fêst patroon, tsjerke, kofjedrinke by syn broer, en dan oanstekke by de herberch fan Easterwierrum.  No ja, 2 herbergen stiene der yn Easterwierrum.  En dan weer op de fiets nei hûs. En dan siet er steil rjochtop de fyts. Ek de Boazumer herberch (tichtbij) mocht er graach efkes sitte  yn it wykein.

dizze foto is net yn ús besit, mar komt út it boekje de Varende timmerman).

Spitigernoch waard er yn de 50er jierren slim siik, en koe der net mear allinnich wêze.  Hij is doe nei syn omkesizzer Geertsje ( troud mei Henk Rave) ferhúze. Sy wennen yn Amsterdam en ha him oan de ein ta fersoarge.

de overlijdensakte fan Albert.

Albert syn hûs kaam leech te stean en de gemeente hat it yn die jierren (hoe koe it ek oars) ôfbrutsen.

Lokkich binne de foto’s der noch. En hat Ate de Vries it ek noch in kear skildere. Dit skilderij is yn Amerika ( tinke we) want is destiids skonken oan Yfke Wieringa en har man, doe se nei de VS gongren.

foto fan 1947 makke út it in bopperút fan Ate Vries, no it wenhûs fan Michel en Elly de Jong.

en dit is it skilderij

prachtig

As ik it goed wit binne der by de ôfbraak noch wol spullen fûn, dy’t letter noch yn de Iepenbiere skoalle yn in vitrine stiene.  En miskien no noch wol  yn de skoalle binne.

Dit wie in ferhaal fan samar in Boazumer yn it begjin fan de 20e ieuw.

Teatske

Tank oan
Foto’s Frans,
skilderij Ate de Vries,
tekening Jac. Lanting en
bron “Een  varende timmerman” fan Pieter Jentje Schaafsma