Biezumfabriekje Johan Bijlsma

Jacobus met witte kiel en Johannes Bijlsma in de klompmakerij op het Amelân. Foto J. Bijlsma

 

De klompmakerij van Joh Bijlsma Op het Amelân in het pand van de steenhouwerij van F Cuperus. Rechts van de woning zien we de achterkant van het cafe, en het huis van Oane Kampstra. Links woonde Evert Meijer. foto fam Bijlsma

 

Ingezonden stuk door Jaap Bijlsma uit Franeker.

‘Fan Frans Tolsma krige ik de fraach om de skiednis fan it boarstelfabrykje yn Boazum op papier te setten.
Ik sil earst efkes fertelle wa’t ik bin. Ik bin Jacob Bijlsma berne yn Boazum november 1943, fiifde in de rij fan bern fan Johannes en Jantsje Bijlsma. Letter binne der noch 4 bern bijkaam, werfan de jongste berne waard yn Frentsjer. It suske nei mij, de earste Lolkje, hat mar in jier libbe. Oan’t 11 maaie 1953 hawwe wij wenne op it saneamde Amelân, Boazum nr.117. Yn dy tiid hie Boazum noch gjin strjitnammen.
Us heit is tegearre mei Kobus, syn broer, noch foar syn trouwen yn 1936, begûn mei it meitsjen fan houten klompen. Dat wie yn Tzjommearum, wer’t in suster fan harren wenne, dy’t in lyts hokje oerhie. As jo as fakman-timmerman begjinne mei sa’n produkt , dan hat dat hiel wat fuotten yn de ierde.

Nei Boazum
Doe’t heit en mem trouden, kochten se yn Boazum it hûs fan Cuperus. Dy wie mei syn stienhouwerij nei it midden fan de buorren ferhúze, sa’n bytsje efter it winkeltsje fan Nelis Dijkstra.
Al aardich gau nei’t se yn Boazum wennen naam omke Kobus ôfskie fan it bedriuwke en gie heit allinnich fierder, mei sa no en dan ris in feint oan it wurk en de grutter wurdende bern waarden ek ynskeakele om te helpen, sa as we dat neamden. Fêste krêft waard Johannes Vleer út Dearsum, dy’t ek noch in foech 2 jier yn Frentsjer by ús wurke hat.

Nei it hokje bei de brêge

Dit is een klepper voor een kind. Het lerenbandje wat over de bovenkant van de voet moet komen word later aangebracht. Foto J. Bijlsma

De klompmakkerij kaam aardich fan é grûn en de romte yn de âld-stjelp waard te lyts. En de húshâlding mei al fiif bern en de 6e op komst koe de frijkommende romte wol brûke. Heit kocht it hokje bij de brêge, neist Yme syn hok, sa om en nabij 1946 hinne. De krekte datum witte we net mear. Ik ha mij fertelle litten dat it hast hielendal út asbest oplutsen loadske fan in sekere Meijer wie, dy’t yn swarte branje hannele.
Heit kaam sûnder kleanskuorren troch de oarloch, en hoegde net nei Dútsklân, omdat hij klompen makke en dat hearde by de Itensfoarsjenning.
Somtiden hie der gjin stroom yn dy oarlochsjierren en dan makke hij de klompen en kleppers (in soarte fan houten sandalen) út de hân.
Verkoop en verbreding van het Assortiment

Toen de ruimte op het Amelân te klein werd, ging hij naar de loods van Andries Meijer { het grijze hok} die hier een brandstofhandel had. Het hok er naast is van Yme v/d Valk. Foto J. Bijlsma

Hij ferkocht wol ris wat oan partikulieren, mar ien fan syn fêste klanten wie Meyer, yn de Tsjerkestrjitte fan Ljouwert. De klompen liet hij meastal fervje troch skilder Ate de Vries fan Boazum.
Der wie in protte konkurrinsje yn dy saneamde gewoane klompen, en der foel net folle oan te fertsjinjen. Heit wie nea benaud foar in nije ynjouwing, en sa skeakele hij oer op skuonklompen. Best in hiele feroaring, want doe moast hij ek lear bewerke. Heit wie net earder tefreden as dat syn produkten der perfekt útseagen. Foar eltse maat klomp hie der wer in aparte leest makke, it lear moast weakje en útsnieen wurde, en yn de goeie foarm waard dat mei spikertsjes op de houten soal fêstmakke, hjoed-de-dei dogge se dat mei de nietmesine. Oer de wreef kaam in moai leren bandsje, der’t moaie figuurkes ynbaarnt waarden. Dat wie meastentiids in putsje foar myn âldste suster Ali.

De Biezemhoutsjes
Tiiden ha tiiden en ek mei de skuonklompen wie it hast net mear te fertsjinjen, en sa om 1947-48 hinne begûn heit mei it meitsjen fan biezemhoutsjes. Hoe as er op dat idé kaam witte we net, mat it wie wol wer in komplete omskeakeling en in nij aventoer. Fanôf dy tiid is it earst in biezemhoutsje fabryk wurden. It is dus nea in boarstelfabryk west, want heit makke meast fan iperenhout en beukenhout allinnich de houtsjes foar de biezems, luiwagens en bjinders. We hawwe der spitigernôch gjin enkele foto fan fine kinnen. Yn dy snuorje hat heit in slim ûngelok yn de wurkpleats hân. By it sliepjen fan in beitel op de amareelstien spatte de stien útelkoar en sloch dwers troch de feiligheitsbril syn rjochtereach kapot. Nei de operaasje moast hij it yn syn fierdere libben mei ien each dwaan.
Ik wit noch klear dat in houtsje mei in stokgat der dwers troch yn it midden en ûngefear 50 gatsjes foar it hier mar 17 sinten opsmiet. En houtsjes mei allinnich in stokgat (dat neamden we masjinale biezems) mar fjirtjen en in heale sint opbringe mochten. waarden faaks in En houtsjes mei allinnich in stokgat (dat neamden we masjinale biezems) mar fjirtjen en in heale sint opbringe mochten. It hout, de toppen, waarden faaks in jier wettere yn de feart njonken de brêge. It wie hiele operaasje om se der mei in lier wer út te takeljen, en dan giene se op in lorrie nei de seachmesine. Hjirnei moasten se oan de lucht droegje op steapels ûnder in ôfdakje mei fansels ek wer platen fan asbest. (wat niet weet, wat niet deert gelokkich) Nei wer hast in jier wiene se droech genôch om fierde bewurke te wurden. Skave op de diktebank. De rûne kanten waarden op in mal op de frees der oan makke en dan moasaen se noch boarre en skjirre wurde. Want de klant moast se faaks ôfflakke. It waard wol echt massaproduksje, it gie soms per tsientûzend tagelyk.

Advertentie uit de krant van 1940.

Ferkeap fan de produkten
Heit kocht de saneamde boppestammen fan de iperen beammen, faaks fan houthandel Zaman út Snits, dy ferkocht de ûnderstammen foar grau jild meast oan Dútslân, der’t se der finear fan makken. As je wat meitsje, moatte je der ek in merk foar ha. Heit syn klanten wiene hast allegearre bûten Fryslân te finen. Ferskate bline-wurkpleatsen, as bygelyks Sonneheerdt, wiene syn klanten. Ek yn Grinslân, Drinte en Oerisel ( Meppel) hie der syn klanten. De houtsjes waarden ferpakt yn jute sekken en faaks ferfierd troch gebr. De Vries út Boazum. It waard wol massawurk, want ek dit wie in sinterske negoasje.

Een klepper voor een volwassene. Het bandje wat over de voet moet, word later aangebracht. foto: J. Bijlsma

Der wie noch gjin ôfsûg installaasje foar de spuonnen en it seachsel. Dat moast allegearre yn sekken ôffiert wurde en de houtkachel waard der winterdeis mei stookt. Ik wit noch fan de earste jierren, sa om 1950-1952 hinne dat mei de spuonnen in diel fan wat wy de terp neamden, achter it hûs fan Stenekes dempt is. Ik sjoch my noch meihelpen om mei man en macht de hânkarre fanút de bedelte by de dyk op te bealgjen.

Nei Frentsjer
It biezemfabrykje waard te lyts, heit hat earst noch omsjoen yn Boazum foar in oare romte, der wie skoftsje sprake fan dat hy it hûs fan Stenekes keapje soe, mar houtseagerij Schotanus en Faber fan Frentsjer, wer’t heit in grutte klant fan wurden wie, helle heit oer om nei Frjentsjer te ferfarren. Tichteby de seagerij kaam in moaie grutte loads frij mei der ek noch ynbout twa moderne wenninkjes. Sadwaande kaam it hokje by de brêge leech te stean yn 1953, en wat in wûnder nei 66 jier stiet it der hast ûnferoare en noch krekt sa by. It is hast net te leauwen!!
Yn de jierren sechtig is yn Frentsjer, doe’t der ek neat mear oan dy houtsjes te fertsjinjen wie, oarskeakele nei meubeldraaiwurk en letter waard it in echte meubel-fabryk. Heit hat noch meimakke dat it in B.V. waard, mar om 1973 hinne waard hy syk en yn 1980 is der ferstoarn. Mem hat de grutte nijbou fabryk noch hielendal meimakke, sy ferstoar yn 1998.

Ik kom noch gauris efkes yn Boazum, spitgernoch ha we de lêste jierren gjin iis mear en ek gjin Baarderadeel-tocht, mar de kearen as er der ien wie, ryd ik die ek en ik hoopje it nochris mei te meitsjen. De earste njoggen jierren fan je libben bliuwt je hast noch it meast fan by. Op de site fan AldBoazum komme in hiel protte bekende nammen foarby en it is altyd werk nijsgjirrich wat der wer oan nijs neamd wurdt’.