Tryntsjebuorren 2: de pleats

De wenning fan no de famylje van Baarle.

Al mei de komst fan it kadaster yn 1832 wie dizze pleats /wenning al bekend. Jan Westerhuis wie doe al eigner.  Hij hie noch al wat besittingen.  Lan oan de achterkant fan de dr.Miedemastrjitte, o.a.  der’t no it hûs stiet Tryntsjebuorren 1 , oan de Waltawei ta. Der wie doe ek noch gjin bebouwing.  Ek it gêrsfjild bij de Havens, der’t letter wol in wenning bout waard ( letter wer ôfbrutsen) wie yn syn besit. En in diel fan it Amelân.

It hat hiel wat jierren yn de famylje west.

It wie eartiids in pleats,  mar neffens der verkoopakte fan 1872 waard it doe al yn trijen bewenne: perceel E 762, E 763 en E 764.

Dit is een deel van de kadastrale hulpkaart 44 van 6 juni 1876. Rechtsboven is de toekomstige Dr. Miedemastrjitte ingetekend met de huizen 2 en 4 (toen in drieën bewoond!) Verder zie je De Havens naar links en naar beneden lopen. E760 is volgens Breuker het oudste huis van het dorp: nu De Havens 8. Links af loop je de toenmalige reed op (nu: de Tryntsjebuorren), naar de ‘Openbare rijdweg’: die wij Waltawei hebben genoemd. Die straat staat overigens niet ingetekend. 749 is de afgebroken woning, dan ‘staan’ we tenslotte bij de boerderij van dit verhaal, met de kadastrale nummers Baard E 763, 763 en 764. Links daarvan is de ronde tuin van de boerderij en onderin zijn nog enkele huizen getekend aan het steegje tussen It Heech en De Havens: 770 en 771 bij voorbeeld, vormen samen het huidige huis van Jaap en Jetske Nieuwenhuis.

Syn soan  Hendrik Jans Westerhuis is berne yn 1803 yn Boazum en yn 1833 trout mei Jantje Willems van der  Valk  waard doe eigner. Jantsje  wie syn twadde frou. Doe’t Hendrik ferstoar ferkocht syn widdo de hiele boel, en dat wie nochal wat. De verkoop wie yn September 1872 noch yn it eardere café fan Meindert Oosterhout.

De eerste bledside fan de trou-akte fan Hendrik Westerhuis en Jantsje van der Valk, 16 maart 1833
advertinsje fan ‘e ferkeap fan de buorkerij in 1864

 

Hieronder folget in stikje út de ferkeapakte fan 1872. We sille de hiele akte net sjen litte mar dit jout in bield fan de situaasje doedestiids

Tweede onderdeel
Eene woonkamer met een lichtraam van zonneblinden  voorzien aan de westzijde, schoorsteen, waarvan de boazem [rookkanaal] zal mogen blijven bestaan zoals die thans is, een bedstee voorts loods of turfhok, kast en bergplaats of kelder onder het bedstee, schuur met fier lichtramen ten westen, regenwater bak

1, put, vuurplaats, buithuis waarin stalling voor zes hoornbeesten afgeschoten vertrekje en secreet voorts boomgaard hieminge ten noorden en ten westen benevens twee woonkamers waarvan een met lichtraam ten oosten van blinden voorzien, schoorsteen, bedsteed, zolder met ladder en toegangsdeur tot eene kelder met lichtschepping in huur bij de weduwe H. Van den Tempel voor vijf en dertig gulden in het jaar;

in de andere met een portaal met ladder naar de zolder woonvertrek met een lichtraam met buiten blinden, schoorsteen twee bedsteden eene kast en kelder in huur  bij Yme Gerbens de Groot voor veertig gulden in het jaar zijnde het overige  van dit onderdeel in huur bij Gabe Kundersma voor zeventig gulden in het jaar.

Nota De kooper zal de aanwezige bedsdeuren aan de zuidzijde in de woonkamer van Kundersma bij de aaanvaarding moeren digt maken verdigt houden aangezien de ruimte dieer beide bedsteden wordt verkocht bij her vorige onderdeel

De kooper zal de schaafbank in de schuur aanwezig bij de aanvaarding moeten overnemen voor f. 10,- tien gulden, tegelijk met de eersten termijn koopschat te voldoen

De aanwezige stakettingen aan de west- en noordzijde van het hof behooren in onderhoud hierbij, de kooper is verpligt zijne overige grond aan de noordzijde door haag of staketting op zijne kosten bij de aanvaarding af te sluiten en voortdurend te onderhouden.

Op de hieminge bevindt zich nog een hok of loods. Dit onderdeel het welks deel uitmaakt van de kadastrale percelen der gemeente Baard Sectie E nummers 404, 403 en 650 is ter opgemetene grootte van zeven aren vijftig centiares; hetzelve is aan de oostzijde belast met het regt van verleiding, reed, voet en kruipad van het kadastrale perceel Sectie E nummer 675 [Tryntsjebuorren 1] hierna ten tweede omschreven van het vierde onderdeel in en verder als van ouds en daarmede bevoorregt langs den reed aan het volgende onderdeel naar en van den publieke weg, voorts nog bezwaard met het regt van pad naar en van den opslag en het stal & ten behoeve der huurhuizinge van de weduwe en erven van wijlen den heere Anema. Nog zal beide van de weduwe Ruurd Folkerts Cuperus [dat is Waltawei 12!] en van het derde onderdeel langs de bestaande reed.

De Scheidsmaas [?] tussen deze beide onderdeelen aanwezig is in eigendom en onderhoud massaal. Naastlegers zijn: ten oosten de weduwe en erven van wijlen den heer Anema [=Dokter Jouke Anema, die in 1872 overleed. Dit is Waltawei 16] ten zuiden het vorige onderdeel ten westen het publieke pad en ten noorden mede het pad en het vierde onderdeel.

Oan’t safier de akte.

It gong om it hiele perceel: It bliuwt in skofkte yn eigen besit fan de famylje. De hierders koene bliuwe tink ik. Mar der siet dus noch wol in timmerwurkpleats yn.  Earst huurder timmerman Jan  Gabe Kuindersma en yn  1875 komt it yn hannen fan Hendrik Wiegers Wijnia (ek timmerman).  Kuinersma ferstjert yn 1879, en yn 1892 komt it yn hannen fan Trijntje Gerrrits Tjallema. (Ek gjin ûnbekende namme yn Boazum).  Se wie boerinne yn Boazum en giet letter nei Snits. Sy ferkeapet dit gedielte oan de vereniging “De kerkelijke kas” fan de Gerifformearde Tsjerke.

Fierder waard it doe ferhierd oan widdo’s. In sekere widdo H.van den Tempel wenne der en Yme Gerbens de Groot ek, neffers de akte fan 1872. In oar diel fan it hûs wie doe verhierd oan de widdo fan Lammert Faber.

Yn it  linkerpart wurde de tsjinsten hâlden fan de Tsjerke. Letter is der in stik ôfbrutsen en yn 1909 kaam op it plak wat frijkaam de Gerifformearde Tsjerke, en in lyts tussenstik waard konsistoarje.  ( Sjoch op de oare sites oer de Gerifformearde Tsjerke).

it oansicht fanôf it Heech. Hjir waarden de earste tsjinsten hâlden .

 

dit wie it interieur fan de earste tsjinsten.

Ien fan de earste hierders  yn de lettere jierren (we begjinne links) wie Bastiaan de Waart. Hij wie skipper fan berop.  En tafallich wie dat net. Hij wie trout mei ien fan de dochters fan Hendrik Jans Westerhuis.  My in Tryntsje.

geboarteregister fan Bastiaan de Waart. skipper, ek ien fan de hierders.

De Havens  wie doe noch in iepen farwetter. En it measte ferfier gie oer it wetter.

Hja krigen 6 bêrn, mar derfan stoaren der 3 op jonge leeftyd. Yn 1877 troude der foar de twadde kear mei Bieke Jellema en sy krigen trije bêrn. Yn 1886 troude der foar de 3e kear mei Trijntje Lammerts Faber.  Wer’t alle bêrn bedarre binne witte we net.  Allinnich ien fan de soanen wie Hendrik de Waard, dy bleau wol Boazumer en troude mei Yke Wiarda. Hja krigen ien soan en dat wie Jan de waard. Se wennen op de pleats fan no gebroeders de Boer.

trou akte fan Bastiaan de Waart en Bieke Jellema yn 1877.

De beppe fan Ulbe Wijnja: Louwe-Tryntsje hat der ek noch wenne.

Hendrik en Jetske de Vries ha sa om de 50er jierren  der ek wenne, en ferhúzen doe nei Dearsum.

Jentje en Tsjal Westra, wennen yn Dútsklân mei de bêrn.  It foldie harren der net en se kamen werom nei Boazum.  Se moasten ûnderdak ha en kamen hjir doe te wenjen.  Ien fan de jongens is der bleauwn en in pakesizzer hat noch wolris kontakt. Doe’t Jentje en Tsjal derwei gongen, waard it noch in pear jier bewenne troch Andries en Mijntje Dijkstra en de bêrn.

foto om 1950 hinne.

 

sa seach it der yn 2000 út.

 

Jentsje-Tsjal Westra oan de wask. rjochts achter de wask Tryntsjebuorren 1 en it hok fan Nelis.
Jentsje en Tsjal mei de pake- en beppesizzers foar it hok fan Nelis

 

Der njonken wennen Arjen en Tjetsje de Boer. Arjen wenne der earst allinne  en troude op lettere leeftyd met Tjetsje.  Se krigen 2 bêrn Trynke en Jelte. Oan’t syn dea ta hat Arjen der wenne.

Arjen en Tjetsje de Boer. linkerkant Trynke en rjochts Jelte.

Klaas en Hinke Sybesma ha der noch in skoftke de Sparwinkel hân, doe’t harren winkel oan de Havens ôfbaande.

 

Dan de foarkant fan de pleats.

foto ca. 2000, de foardoar is der no net mear. sit oan de kant fan it Heech.

Der wiene ek noch al wat bewenners:

Diedert en Bieke Jellema, Bieke stiet noch op in foto mei de karrider.

Diedert en Bieke Jellema.

 

Otto en Akke Siderius ha der ek wenne,  sy ha ek wenne op Yndyk, en noch yn de buorren. Letter binne se nei Easterlittens ferhuse en begjin 1951 nei Canada gongen mei de hiele húshâlding.

Ek Kobus en Anneke Bijlsma ha der noch wenne, mei 7 bern. Hast alle bern binne der geboren. It wie mei al dy bern in krappe bedoening. Kobus en Anneke ferhúsen letter nei it Amelân, letter nei de Waltawei en Havens.

ferlovingsfoto  Kobus en Anneke Bijlsma

Yn de 50er jierren wennen Tsjerk en Reinskje van der Veen der. Mei harren soannen Sierd en Doekele.  Doekele hie it down syndroom, mar gong yn earsten gewoan nei de legere skoalle yn Boazum.  Mar de learkrêften wiene doe noch net safier dat se hjir mei omgean koene.  Letter gong der yn Snits nei skoalle.  Tsjerk en Reinskje binne doe ferhúse nei de Havens. Se wiene de earste bewenners fan de nije bejaardenwenningen oan de Havens. Neidat de famylje van der Veen ferhúse hat de famylje Ate Bijlsma der ek noch in pear jier wenne. Spitigernoch gjin foto’s fan dizze húshâlding.

Letter is de pleats yn hannen kaam fan Louw Venema út Wiuwert. Die hat der in grutte wenning fan makke, en sa is it no noch. It gong net alhiel goed mei de ferbouwerij, en suster Akke  hat it mei har man ôfmakke. Doe’t ek hja hja hjir weigongen, is it yn hannen kaam fan de famylje De Maar. Sy hawwe der in oantal jierren mei in protte plesier wenne.  Doe’t De Maar der allinich foar kaam te stean, ferhúse der nei Uitwellingergea. Maarten en Leonie de Jong ferhûsen doe fan de Dr.Miedemastrjitte nei de Tryntsjebuorren en ha der noch hiel wat oan ferbout. Mar no, yn 2021, geane ek sy fuort. En we wachtsje op de nije bewenners.

Dan nimme we de oare kant  fan it Heech ek noch efkes mei. It heart fansels ek by dit âlde gebou.  Sa om 1900 moast der in kosterswenning komme njonken de doe noch ynpandige Grifformearde tsjerke.  Dat wiene Geert en Wietske Zijlstra-Siderius.  Dat wie dus rjochts. Oan de linkerkant wennen Jabik en Minke de Vries-Zijlstra.  Minke wie de dochter fan Geert en Wietske.  Nei Geert en Wietske kaam der in pake en beppesizzer te wenjen Tseard en Wietske Rodenhuis-de Vries. En yn it hûs fan Jabik en Minke kamen Jan en Annie de Vries te wenjen.  Ek in pakesizzer fan Geert en Wietske, en letter noch Willem en Lien de Vries.  It bleau dus wol yn de famylje.

Mar doe wiene alle leden fan dizze famylje sa stadich oan út Boazum wei, en is it noch oan oare bewenners ferhiert.

De linkerkant  oan de famylje Kees en Griet Merkus, frou Siderius en famylje Visser.

de pleats kant fan it Heech links. wenne frou Siderius. en de lêste bewenner wie de famylje Visser.

 

En de rjochterkant wie noch altyd bedoeld as kosterswenning . Earst wiene dat Eelke en Hiltsje Faber, en as leste bewenners Arjen en Boukje Faber.

bewenners fan de pleats kant fan it Heech. Eelke en Hiltsje Faber-Ringnalda. Mei de bêrn Wypke, Eke Wipke, en yn de bêrnewein Kathalina. De jongste Arjen wie noch net bêrne.

 

Bronnen: Hessel Fluitman en foto’s Frans Tolsma.

Letter mear.