Yme van der Valk : de lêste komelker

Petear mei Yme van der Valk, skreaun troch Jan Zantema yn de Doarpssskille’s fan 1974-1975.

 

De lêste komelker fan Boazum.

foto begjin 70er jaren mei de heaskodder foto (G.Vos)

 

Wy troffen him oan, steande yn de sleatswâl, lynjend op de swylmesine-altyd ré foar in praatsje. Och ja, de gemeente moat dizze wâl dwaan, mar dat giet mar yn bytsje sa-sa. Alles moat tsjintwurdich hurd, moatte jo rekkenje. Op sa’n manier is de sleat nei trije jier wer ticht. Reideguod deryn, de kij der nei rikke en de wâllen útwâldzje. Dan giet it hurd, moatte jo tinke.” Sa komt it praat as fansels op âlde tiden en it ferskil mei no. Van der Valk hat safolle te fertellen, dat wy prate ôf ris in jûn del te kommen; tiid en oere wurde steld; Ik sil it de frou aanst fuort fertelle.” No en in jûn is it wurden: doe’t wy om alve oere hinne de doar efter ús tichtloeken, doe wie der as in film in libben oan ús foarbygongen. In libben fan arbeidzjen, in libben fan hichten en lichten.

Lytsewierrum, it berteplak fan Yme Tiede van der Valk.

 

de geboorte akte

 

In libben begûn yn Lytse Wierrum (“of einliks Rien, mar ik wie noch mar fyftjin wike, doe’t wy der wei gongen”), mar him foar it grutste part ôfspyljend yn Boazum. “Ja, oan’t myn alfte ha ik yn Lytse Wierrum wenne. Dat wie doe noch in libben doarpke, mei in dûmny, in master en twa winkeltsjes. In bakker moat der ek noch west hawwe, mar dy wie der yn myn jonge jierren al net mear. Folle leard ha’k net op skoalle. Master wie gauris siik en dan moast der wer in ynfaller komme. Ienris ha’k spul mei sa’n man hawn. Die stie foar de klas te prûmkjen en dat foun ik sa fiis, dat ik sei fan ba!. De man kûgelsk en hy sloech my op de kop. Ik hie der in tsjûk ear fan.” “Master en dûmny koene min opsjitte. Master wie oargelspiler, mar ûnder de preek gong er altyd nei hûs ta te kofjedrinken- hy woe dûmny net hearre. In jonge fan dûmny-Hein hiet er- naam master ris raar te fiter. Troch de tsjerkedoar klem te setten mei in stik kooks, krekt doe’t master nei hûs wie. De man koe de doar mar net iepen krije en de minsken sieten yn de tsjerke te wachtsjen op it oargel”
“Auto’s hie men doe hast noch net. Dokter Regenbogen kaam mei in auto, mei Sake Lanting as sjauffeur. Fierder gong alles mei hynder en wein as oer it wetter. As der yn Rien ien ferstoar, waard it lyk mei de pream nei it tsjerkhôf yn Lytse Wierrum brocht. Der wie in stalt foar. Ek wol waard it lyk mei hynder en wein ynbrocht. It mei my noch tinke, dat wy as jonges ris om in hoekje stiene- en begjint my die wein net te riden? Ik der hurd hinne en in stien foar it tsjil. It ferjit my nea wer: Ik krige in dûbeltsje as beleanning. De kening te ryk!” “Ek ferhúzjen gong mei de heawein. Ik wie alve doe’t wy nei Kubaerd ferfearen, en de deis fan te foaren gong ik mei ús heit en in wein fol guod nei it nije hûs. De wein wie ôfladen en ûnderweis rekke in widze fol mei diggelguod, stelten, skilderijen en sa fan de wein ôf. De hiele boel stikken en dat wie net bêst, want it kaam al net rom om foar in boere arbeider en it wie ek noch oarloch, dat alles wie krap”. “Moast it mar net tsjin mem sizze hja sjocht it moarn wol, sei heit”. “Yn Kubaerd ha’k noch in foech jier nei skoalle gien en der ha ik in protte leard. Dy master koe der hwat fan. Hy holp ek in soad arbeidersjonges dy’t leare koene. De wille duorre lykwols net lang: der moast hwat fertsjinne wurde en ik kaam by de boer. Moarns wie ik kouwehoeder op de Slachtedyk. Op in kear foel ik yn é sliep en de kij rekken yn in stik healân. Dy boer lilk fansels.“
“As feint pakte ik fan alles oan der’t mar wat mei te fertsijnjen wie. Sa ha ik ek noch in skoft by van der Mei west, dy hie in fouragesaak en die oan féferfier. Alles gong oer it wetter. Freeds nei Ljouwert fansels en dan wie ik moarns om twa oere al yn de baan: fé ophelje by de boeren. Om trije oere fearen wy dan fuort en moasten de barten der ôf. Om fjouwer oere wiene wy dan by it Dearsumer húske en hearden de Boazumer klok slaan. Dan wiene we twa oeren yn de baan en noch flak by hûs…. By de Dille wie it belje foar de brêge, en foar Ljouwert faak wachtsje foar de spoarbrêge- de trein moast der earst troch. Dêr leine dan gâns boaten te wachtsjen. Yn Ljouwert leine de boaten faak mei, trije, fjouwer njonken elkoar. Jo moasten dan mei it fé oer de boaten nei de wâl. Myn earste freed rekke der fuort al in ko yn de feart. By de Wilhelminabaan krigen we him der wer út. Doe’t ik werom kaam, wie van der Mei in keallebolle kwyt. Dy hie oan in stek festbûn sitten en wie troch in oar meinaam. Ik sei “giet dat hjir altyd sa?” Nou dat foel in bytsje ta. De oare wike wie de bolle der wer; it hie in fersin west. Stellen waard der net. It foldie my goed by van der Mei mar ik ha it der net lang folhâlden”.

1958

Der wiene trije bakkers te Boazum en de sekken moal moasten nei de souder tôge wurde.Dat wie my te swier.”
“ Sa’t ik sei: ik ha fan alles by de ein hawn om troch de tiid te kommen. Mar yn de minne tritiger jierren waard it in toer om oan wurk te kommen. It wie yn 1932 doe’t ik al yn augustus omrûn en doe besleat ik foar my sels te begjinnen. Ik kocht seis kij foar f. 770,00 en fûn der dy winters plak foar yn it lyts bûthús fan de pleats der’t letter Halbe Huitema buorke. It oare jier ha ik in nij hok bouwe litten, der’t ik no noch fé ha. It hok dernjonken koe ik fansels ek mâlle skoan brûke, mar it hat noch in skoft duorre, foardat ik it mines neame koe. Yn de oarloch wie der in klompefebrykje yn. Der wurken doe noch al in man of hwat.
“Yn 1940 moast ik ûnder tsjinst. Dat wie in spul fansels. Lokkich kaam ik in skoft yn Ljouwert te lizzzen, sadat ik nei hûs koe te melken. Fierder rêdde ús heit der wol mei. In pear bisten melke, de oaren droch, sa rêdde dat him ek wer. “ “Yn de oarloch binne wy troud, Gryt en ik. Halbe Huitema hie in moai hapke, in hurddraver en die soe foar de tilbury nei it gemeentehûs. Dat betearde mis: in skoftke foar de tiid wie ik mei it hynder yn Snits, it bist waard kel, rekke oer de side troch de stokken- It gong mâl. Dat koene wy net mear aventoerje fansels, mar Halbe hie noch wol in oar hynder. Myn eigen koe net, dy wie oan it smiten ta. Wy rieden mei trije weinen nei it gemeentehûs: Gryt en ik yn de foarste, dêrefter Tjitse Dykstra yn in brik fan Hibma en Pieter Cnossen ried de tredde. Fan Mantgum ôf moasten wy noch nei Snits, nei de fotograaf.” “Ja hynders ha ik myn hiele libben mei omslein. As jonge smieten se my der al op, ik koe der sels noch net opkomme. Loslitten ha ik in hynder nea, al gong it wolris mâl. Sa moast ik yn de oarloch in wein fol hea leverje oan de Dútskers. Bij de reed by van der Berg gong it noch goed, mar op de dyk wie it mis. Jonge hwat gong it mâl, de wein rekke op de kop yn de Kamp, mei de tsjillen omheech. It hynder koe letter allinne mar mear foar de tilbury as de kap der ôf wie.”

trou akte 21  maaie 1941
op de Kamp oane de kuier mei de hynders Yme en Griet van der Valk 1979

 

“Doe’t wy trouden, kamen wy te wenjen op it spul, der’t no Odinga wennet. ( No Piet van der Berg, pakesizzer). Wij koene der in stik as tsien kij hâlde, de oaren wiene yn it hok. Gryt gong der moarns earst hinne, ik molk wylst thús. Sa ha wy de saken altyd tegearre berêdden. Simmerdeis hie ik der wolris in arbeider by. In gelok wie dat wy nea mei sykte te krijen hawn ha. Trije kear ha ik troch ûngemak in skoftke net melke kinnen, dan die Sytema it almeast foar my. Dy iene kear ferjit my net wer; wy kamen út it it lân mei in duenske ko. Ik skode it molkkarke mei ien hân en hie mei de oare it hoarntou beet. Wy wiene krekt yn de buorren, doe’t de ko op my sprong. Ik rekke plat op de dyk, mei it gesicht op de grûn. Bink syn frou kaam der by , en dat wie nei dokter ta. It like mâlder as at it wie, myn gesicht waard hielendal swart fan it stjurre bloed. Doe’t ik in pear dagen letter my it hynder, dat ûnder de hynst moast, nei Akkrum rûn, seagen de minsken my wol frjemd oan. “

yn it hea 1979 mei de folle der by

 

Ik ha ek noch ris in reis fan in bolle hawn. Dat wie by Halbe Huitema. It bist smiet my meters fuort. “Halbe, help my”, raasde ik, want de bolle kaam wer op my ôf. Nou, dy rêdde him der wol mei, Mar de oare moarns wie ik sa stiif as in doar…..”
“De tredde kear besearde ik oan in porsleinen potsje fan it skriktrie. It wie allegearre bloed. De hannen yn it ferbân en net melke fansels. Mar oars, ne, sykte ha wy nea hawn. “
‘Foar in pear jier bin ik opholden mei melken. Ik hie it doe 40 jier dien, dat it wie ek moai genôch. No ha wy de tiid oans ús sels, Gryt en ik. Moarns hwat langer lizze en as wy ris fuort wolle, is der neat hwat ús bynt. Mar alles oan é kant, ne, der bin ik noch lang net oan ta .Aanst foar bedtiid noch efkes by it fé lâns, it hynder in topke hea- der is my gjin moaijer. Né as ik nochris begjinne moast waard ik wer boer. “

Mei tank oan Jan Zantema.

 

 

harren earste hûs op de Kamp. Foto is fan 1962 No Piet van der Berg.
it hûs oan de Waltawei harren twadde en lêste wenplak yn Boazum.  foto fan in jiskebakje.