Oantinkens oan Leense Wagenaar.

Oantinkens oan de famylje Wagenaar. Drok dwaande mei wer wat nije items foar ús website AldBoazum kom je dan samar wer wat tsjin wat ús nijsgjirrich makket. It stik yn de Ljouwerter Krante fan 23 november fan Minny Eijzenga-Wagenaar, oer harren reis yn de hongerwinter fan 44-45. Dat wie fan Schiedam nei Boazum nei pake … Lees verder

Postkantoren in Boazum.

De postkantoren in Boazum. Nu anno 2019 is het moeilijk meer voor te stellen hoe 135 jaar geleden onze post in Boazum kwam. In deze tijd van sociale media gaan de berichten soms sneller dan het geluid. Een stukje geschiedenis Er werd al in de 18e eeuw post bezorgd, maar niet zo regelmatig. Toen rond … Lees verder

De geschiedenis van de bewaarschool “Gebouw 1880”

Gebouw 1880 oan de Waltawei. Rjochts de Bewaarschool. foto 1911

Dizze tekst komt ut jannewaris 1880: bron LC

De VOORZITTER van het College Kerkvoogden der Herv. Gemeente te Bozum roept bij deze op de Hervormde Floereenplichtingen van dien Dorpe ter Vergadering Zaterdag den 17 januari 1880, ‘s namiddags te drie ure bij M.J.Oosterhout aldaar, ten einde te hooren en te beslissen:
1. een voorstel van kerkvoogden ter stichting van ene Bewaar-Naai- en Breidschool te Bozum c.a., uit de fondsen der kerk aldaar;
2. zulks te doen op Pastoriegrond, tegen billijk te regelen grondpacht:
3. daartoe te sluiten vanwege de kerk eene lening a f. 6000,00 met bepaalde aflossingen, tegen zo laag mogelijke rente, of in te lossen een ten name der Kerk te Bozum op het grootboek der N.S.W. staand kapitaal, groot nominaal f.11.000,00 rentende 2 ½ pct.
4. Bij aanneming van punt 1 of een der voorstellen onder punt 3, wijziging der begrooting voor 1880.

Bozum , 1 januari 1880

Namens het College Kerkvoogden te Bozum

H.S.Wiarda voorzitter.

Dat wie de oanset ta de bewaarskoalle oan de Waltawei. It wie 7 jier nei de bou fan de Iepenbiere skoalle, en men wie fan miening dat der wol ferlet wie fan soks. Foaral de dumny Thoden van Velsen stie der op dat soks nedich wie.
It gebou is doe al frij gau bout troch de fa. Biesma, destiids in grut boubedriuw yn Boazum mei soms wol 30 wurklju.

De earste stien is lein op 27 juli 1880

eerste-steen-gebouw-1880.jpg

De arbeiders ha der hurd oan wurke. Sjoch harren bedankje

De bewaarskoalle is doe yn gebrûk nommen. Yn de oanbou it lytse hûske njonken de bewaarskoalle wenne de juffer Antje Maurer, en Willemke de Jong wie har helpster. Dit út de oantinkens fan Johannes Walinga, dy’t yn 1900 op dizze bewaarskoalle siet. Juffer Maurer koe har taken goed oan, en wie njonken har wurk ek lid fan “De Harmonie”. Dit út de oantekeningen fan Ph.Breuker oer de toanielferiening. Stie yn de Doarpsskille.

We ha in foto ut 1895 fan de bern en de liedsters dy’t der doe wiene. Sels de measte nammen binne noch bekend, en dat is wol bysûnder.
De foto is makke oan de achterkant fan it gebou, de doarren dy’t we sjogge wiene de húskes, Ien foar de jongens en ien foar de famkes. Dizze húskes binne ôfbrutsen doe’t der in kloset kaam yn de 70er jierren.

De nammen: v.l.n.r juffer A.Maurer en Wilemke de Jong, Geartsje en Klaske de Boer, Frieda Haagsma, Trijntje van der Mei, G.v.d.Weide, Trijntje Dijkstra, Geeske Postma, Symen Mollema.   Rij 2: v.l.n.r: Jantsje Kooistra,?, Klaas Reitsma, Jan de Waard ( wite bloeske), Sjouke van de Burg, Willem Koopmans en Dirk Odolphi.   Zittend fan l.n.,r.: W.Mollema, Wiebe Althuisius, Lolke Wieringa, ?, Petrus Noordenbos, Bauke v.d.Burg en ??

Yn 1896 wie der in grut bêrnefeest yn Boazum, op 24 juli, de reden stiet der net bij mar dit ferslach stiet yn de LC van 1896.

Hjirbij noch in pear moaie oantinkens oan juffrou Maurer. Se siet bij de toanielferiening Harmonie en der is in foto fan, der’t  se opstiet:

Toaniel Harmonie juffrou Maurer links

Ek hat se tidens har ferbliuw yn Boazum in nijjierskaart skreaun nei in neef en nicht, sa as jimme leze kinne yn de tekst.

 

It is in prachtige kaart út 1901 fan de no Waltawei, links it hûs fan van Brummelen en rjochts noch krekt it hûs fan A.Lanting.

 

Troch de tiid kamen der minder bêrn op skoalle en juffer Maurer soe trouwe en yn 1905 kaam der in ein oan de bewaarskoalle. De rjochterkant fan it gebou wie doe al as wenhûs ferbout en de earste bewenners en tagelyks ek de behearder fan de linkerkant wiene Johannes Santema mei syn húshâlding. Hij wie de heit fan Yme-Griet van de Valk Santema. Sy wenne letter yn it hûs, der’t no Perry  van der Kerk (Waltawei  43 ) wennet. Hy wie striekeapman en feeferloskundige.

Advertentie uit de LC van augustus 1930 voor een moeder- en bakercursus in Oosterlittens en Bozum

 

Foto 1937.

Nei de famylje Santema wennen der Reinder en Griet Reitsma. Letter wiene ze koster fan de Grutte Tsjerke, en wennen yn it hûs fan no Jacco de Vries (Tsjerkebuorren 10). Yn de 50er jierren kamen der de fam. Jaap Wieringa te wenjen. Ek frou Tsjal Westra hat der noch wenne mei har freon.

Yn 1973 kamen Heske van Asperen der te wenjen mei harren bêrn, doe’t har man Jan sa hastich ferstoar en hja ut de Vivo(Enkabe) winkel giene. Se wennen der oan 1992 ta. Doe kamen Rients en Wietske Plantinga, Ate Boonstra, de famylje van Ommen, en hjoed de dei wenje Heins de Vries  en Annemarie Viersema  der mei harren bêrn.

En altyd wie de linkerkant it fergaderlokaal. Der wie altyd fan alles te rêden. We neame cursussen fan it Griene Krus, al yn de 30er jierren, repetysjes fan it koar W.I.K. ek al yn die jierren. De frouljusferiening, de jeugdclubs, Bernepjuttersplak, Stemlokaal. In protte fergaderingen fan de tsjerken. Rippetysjes fan de Boazumer rammen. Ek wiene der resepsjes en begraffenissen .Neam it mar op.

We kinne ek noch fermelde dat it gebou  yn 1985 tsjinne hat as decor yn de film “De Dream” fan Pieter Verhoeff (+2019)

Moai is dat mei in grutte verfbeurt it boerd fergaderlokaal der ôfhelle is, en de wurden bewaarskoalle stiene der noch ûnder. Dat wie prachtig fansels. En sûnt die tyd sjogge we dat noch altyd stean.

Onderstaand een foto van het gebouw anno 2019: