Oantinkens oan Leense Wagenaar.

Oantinkens oan de famylje Wagenaar.

Drok dwaande mei wer wat nije items foar ús website AldBoazum kom je dan samar wer wat tsjin wat ús nijsgjirrich makket.
It stik yn de Ljouwerter Krante fan 23 november fan Minny Eijzenga-Wagenaar, oer harren reis yn de hongerwinter fan 44-45. Dat wie fan Schiedam nei Boazum nei pake en beppe Wagenaar. It wie te nuodlik om yn Schiedam te bliuwen en mei haar âldere sus en jongere broerke wie der grif in better plak yn Boazum.

Leense, Mintsje en de aldste jonges, Sytse en Jelle. foar de winkel op de Havens tsjinoer it hûs fan Foppe en Hetsche Boonstra ( uit de collectie van Durk Posthumus).

Bin op besite west bij Minny Eijzinga yn Berltsum, foar noch wat mear eftergrûn ynformaasje.
Wa wiene pake en beppe Wagenaar?
Pake Leense Jelles Wagenaar waard bêrne op 29 november 1872 te Oldeboarn. Fan berop wie der doe pakhúsfeint. En beppe Mintsje Rollema waard bêrne op 26 jannewaris 1874 yn Boazum. Har heit wie Sijtze Rollema en die hie in winkel yn Boazum. En in grut tsiispakhús. Alles stie op it plak njonken it hûs fan no Hendrik Jonker Havens 7. It is ôfbrutsen yn de 60er jierren. Lettere bewenners wiene noch famylje Groen en famylje van der Wal.
Leense troude mei Mintsje op 26 november 1898, en wie doe tink ik al pakhúsfeint bij skoanheit Sijtze Rollema.

trouwakte fan Leense Wagenaar en Mintsje Rollema

Yn 1903 namen se de saak fan skoanheit oer en waard Leense “winkelier”. Alles wie der te keap, mar foaral leverde hij ek feefoer oan de boeren. En de tsiisen fansels, want it pakhús stie fol. Hij hie ek in protte skiep. Die hie er dan op in stikje lân bij de Flearen. En syn hinnen, net te ferjitten. Hij hie se thús mar ek bij de pleats op de Sylsterdyk fan no Herman en Jannie de Jong. Fan de skiepmolke makke Mintsje skieppetsiis en mei de aaien fan de hinnen wie der ek wer hannel fansels.
Leense en Mintsje Wagenaar krigen trije jongens: de earste wie Sytze, berne op 8 november 1899, de twadde wie Jelle berne op 7 jannewaris 1903. (De heit fan Minny). En de leste Marten, kaam der wat achteroan. Hij is berne op 8 jannewaris 1911.
Alle trije jongens koene tige goed leare, want Sytze gong nei it gymnasium, Jelle via de LTS nei de MTS en Marten nei de kweekskoalle. Sytze gong letter nei Kampen om theologie te studearjen, en waard dumny. Hij hat jierren yn Reitsum stien.
Jelle helle syn diploma burgerlyke boukunde yn 1925 oan de MTS. En Marten waard skoalmaster yn Surhuisterfean, letter yn Andijk

Leense wie yn Boazum in foaroansteand man. Oeral hie der wol in finger yn de pap (sa as men seit). Hij siet yn de tsjerkerie fan de Grifformearde Tsjerke, wie jierrenlang foarsitter fan de Grifformearde jongfeinteferiening ‘Us Heit”, letter earelid.  Fansels wie der lid fan de A.R.P, en siet yn de gemeenterie fan Baarderadiel. Faaks moast er ek de sinteraasje en de begruttingen fan de gemeente kontrolearje. Hij hat ek jierrenlang foarsitter west fan de Kristelijke Emmaskoalle, en hat der mei foar soarge dat der in nij gebou kaam oan de Waltawei. De skoalle is bout yn 1922.

de marmerplaat mei de nammen.

De tinkstien fan swart marmer (mei de nammen fan de bestjoersleden) hat oan de ein ta yn de skoalle hongen. En de marmerplaat is der dus noch.

Der is yn die tiid ek in foto makke fan de bestjoersleden mei fansels Leense Wagenaar yn it midden achter de tafel.

Sicht op de achterkant fan de Emmaskoalle. fan links nei rjochts: Tjitze Bouma (de pake van Swaentsje Kroes) . Swaentsje har heit Sietze hat hjir yn 1915-1925 syn skoallejierren trochbrocht. Se wennen op de pleats fan no Sipke Speerstra op de Suderdyk. Dan ds. F.H.Boersma de grifformearde dûmny. Wenne yn it hûs fan Kroes oan de Tanialeane. Dan foarsitter Leense Wagenaar. Fan de oare trije witte we de nammen wol mar net wa, wa is. It binne K.Algra, C.Piersma, hij wie boer op de plaats fan Beke Cnossen op de Yndyk, en hat letter yn de buorren wenne oan de Waltawei der’t no van Brummelen wennet, en dan noch Tjipke Zijlstra. Hij hat syn hiele libben yn Boazum wenne, en as leste yn it hûs oan de Kamp (No Wibe en Joukje Hoitenga).

Leense Wagenaar ferstoar yn op 9 juli 1950 yn Boazum. Syn frou Mintsje ferhúse doe nei har soan Sytze en syn frou te Zwagerveen en ferstoar yn september 1961.

Noch in foto fan it echtpear op âldere leeftyd en in rekkentsje út 1940.

 

Jelle Wagenaar de twadde soan fan Leense en Mintsje krige wurk yn Hengelo, en troude yn 1929 mei syn buorfamke út Boazum Grietje Plat. Se wie de dochter fan Piet Plat en Ida Plat-Viëtor. Piet Plat wie doe bakker yn Boazum (no it hûs fan Bouwe Jan en Anna Riemersma). Se krigen 3 bern, Ida Minny en Piet.

trouakte fan Jelle Wagenaar en Grietje Plat

In pear jier foar de twadde wrâldkriich krige Jelle wurk yn Schiedam en ferhúse it gesin. Noch net wittend wat harren der te wachtsjen stie. De bombardementen op Rotterdam wiene ferskrikkelijk. (Sjoch it ferhaal fan Minny).  It ferhaal giet oer harren reis nei pake en beppe yn Boazum. Der wiene se as bern ek al faak útfanhûs west. Se koene Boazum dan ek wol.

foto fan 1933 beppe Mintsje Wagenaar mei beppesizzer Minny. Bij harren winkel op de Havens.

 

Foto fan de Havens, de oare pake en beppe Piet Plat en Ida Plat-Viëtor. Mei de 2 âldste pake- en beppesizzers Ida en Minny. 

 

Minny en har jongere broerke ha in heal jier yn Boazum op skoalle sitten. De Emmaskoalle. Herinneringen oan oare honger-evacuees hie se net mar der wiene noch wol in pear yn Boazum. Ik frege har as se ek noch wist, wa’t de eigner wie fan de tilbury. Dat wie Halbe Huitema (wenne op de pleats fan no Pierkje Postma.) Mar hij siet der sels net op. Dat wie Jan de Vries fan Jabiks Minke. Hij wenne doe mei syn frou Alie yn in part fan de pleats fan no Maarten en Leonie de Jong. Oan de kant fan it Heech.

Yn juni gongen se werom nei Schiedam en Minny makke der de skoalle ôf en die letter de ferpleegstersoplieding yn Delft. Der learde se in freondinne kinnen dy’t yn Feanwâlden wenne. Dizze freondinne hie in broer en dat wie Harmen Eijzinga. Hij is mei Minny trout. Harmen wie suveltechnicus bij de suvelfabryk yn Feanwâlden. Letter wie dat yn Wommels, mar doe’t dy fabryk ek slúten waard, kaam er bij de gemeente fan  Hennaarderadiel.

Mintsje Wagenaar mei 2 oerbeppesizzers. se wenne doe al Zwagerveen.
foto út de 60-er jierren.  de Tryntsjebuorren rjochting de Havens. Krekt foar de ôfbraak. Rjochts  noch in part fan de wenning fan de fam. Kampen, earder fam. Vermaat. Op de foto stean Harm Eijzinga mei syn 2 soannen. De oerbeppesizzers fan Mintsje Wagenaar-Rollema.

 

Harmen Eijzinga ferstoar yn 1995, hij wie doe 66 jier. Minny hat noch oan’t 2013 yn Wommels wenne, en moete yn har wurk by Nij Stapert noch ferskate âld Boazumers, sa as Sjoerd en Marijke Dijkstra en frou Huitema. Ek hie se goede kontakten mei Bonne Looijenga (eartiids de Flearen).

No wennet se al wer hast 7 jier nei folle tefredenheit  yn Berlingastate te Berltsum.

Noch in lytse oanfulling op it libben út dy tiid om 1900 hinne:  Minny har oerbeppe wie  Etje Rollema-Okkema. Se stoar op 28 december 1900 oan TBC. Sjoch hjir ûnder de adfertinsje en wat der doe op 9 jannewaris 1901 barde. Se wiene yn die tiid tige bang foar besmetting en alles moast ferbaarnd wurde.

 

 

 

 

 

Notabene:
Hjirûnder folget it ferslach fan Minny Eijzinga-Wagenaar, wêryn se har tocht fan Schiedam nei Boazum beskreaut, sa as dat yn de Ljouwerter Krante stie op 23 november 2019.

Leeuwarder Courant, pagina 75 | zaterdag 23 november 2019

 

Kruiend ijs
In 1940 woonde Minny met haar ouders, kleine broertje en oudere zus in Schiedam. Letterlijk op loopafstand van Rotterdam. ,,Dat wie no krekt net it plak wer’t je doe sitte moasten’’, zegt ze met gevoel voor understatement. Nooit geweten dat Schiedammers zo vloeiend Fries spreken. Terwijl: ook nog eens geboren in Hengelo.
Minny grinnikt. ,,Dat komt om’t ús heit en mem Friezen binne. Heit komt fan Boazum. Se binne nei Hengelo ferhuze en letter nei Schiedam foar it wurk fan heit. Dy wie technysk ambtner.’’ Na een kleine taalstrijd thuis, heit Jelle was voor Fries en mem Griet voor Nederlands, polderden ze een compromis: in huis spraken ze Fries, daarbuiten Nederlands.
Minny: ,,En dat wiene wy sa wend, dat wy ek Hollânsk praten as wy útfanhûs wiene by famylje yn Fryslân. Dan wiene wy ommers net thús.’’
Terug naar 1940, het begin van de Tweede Wereldoorlog in Nederland met het grote bombardement op Rotterdam, om de hoek van Schiedam. ,,Wy rûkten, hearden en seagen de oarloch. Doe’t it dien wie, binne ús heit en mem mei ús nei Rotterdam rûn om te sjen wat der bard wie. It pún smeulde noch.’’
,,Wy sieten altyd yn ’e bombardeminten. Want letter wiene de havens it doel. En dat wie ek tichtby. Us buorlju wiene roomsk. Wy ha sa faak by hun yn ’e kelder sitten, dat ik roomsk bidden leard ha. Heit siet by de burgerwacht. Dy koe net by ús bliuwe. Ik sjoch him noch gean mei syn gasmasker en syn helm. Je fielden je as bern nergens feilich.’’
In 1945 was de nood hoog en de honger groot. Groepen kinderen werden onder begeleiding naar het platteland gestuurd waar nog wel te eten was. Jelle en Griet besloten hun drie kinderen met zo’n konvooi mee te laten gaan naar Friesland. Naar pake en beppe in Boazum. Met ieder een opgerolde deken op de rug en een brood vertrokken ze op 15 januari 1945. Een groep van vijftig kinderen met een paar begeleiders.
Het reisplan was simpel: met een beurtschipper van Schiedam naar Amsterdam. Vandaar met de Lemmerboot over het IJsselmeer naar Lemmer en vervolgens samen met begeleidster Lien door naar Sneek en Boazum. Het liep anders.
Na een dag onder in het ruim kwam de groep aan in Amsterdam. Daar lag de Jan Nieveen aan de kade. Maar de Lemmerboot voer niet uit. Het was stervenskoud en er lag een dik pak ijs.
,,It iis kruide en derom woe de kaptein net farre.’’ De vijftig kinderen belandden in de opvang van het Leger des Heils. Pas vijf dagen later durfde de schipper het aan. ,,Al dy tiid wie der hast gjin iten. Wy namen sa no en dan mar in stikje fan ús bôle.’’ Ze voeren bij nacht en bereikten Urk. Na dagenlang amper eten konden ze bijna niet meer lopen. ,,Hiel Urk rûkte doe nei pankoeken seine se letter.’’
Na twee nachten trokken ze verder. In Lemmer ging de groep uitelkaar. ,,Wy binne doe fan Lemmer nei Joure rûn. Der seine se dat wy nei Snits ta moasten.
Myn broerke wie 7, ik wie 11 en myn suster 14. Ik kin my net mear herinnerje wat foar skuon wy oan hiene.’’
In Sneek troffen ze een bekende. ,,Dat wie Keuning, de karrider fan Boazum. Hy sei: ‘Jimme binne de Schiedammers’. Hy hie gjin plak foar ús mar hat wol ús pake en beppe warskôge dat wy ûnderweis wiene.’’ Na een nachtje in Sneek, waar de gastvrouw niet heel blij was met logees die al elf dagen geen washandje hadden gezien, vertrokken de drie in een sneeuwstorm naar Boazum. Bij Scharnegoutum kwam een boer op een tilbury hen tegemoet. ,,Dy wie troch pake stjoerd. Beppe hie waarme krúkjes meijûn.’’ En zo kwam er op 26 januari een eind aan de barre tocht. In Boazum wachtte een beker warme melk.
Pas op 29 juni zagen de drie hun ouders weer terug. Minny die flink wat school had moeten missen, doorliep in sneltreinvaart klas 7 en 8 en de mulo en koos voor de verpleging. Ze trouwde met Harmen, die zuiveltechnicus was in Veenwouden bij zuivelfabriek De Freia. Na een aantal omzwervingen belandden ze in Wommels, waar Minny toen de kinderen groot genoeg waren, aan het werk ging bij Nij Stapert. Daar is ze twintig jaar gebleven. Harmen overleed in 1995, pas 66 jaar oud.
Sinds een paar jaar woont ze nu in Berlinga State in Berlikum. Minny is nooit hertrouwd. ,,Wy ha it hiel moai hân. It is wol muoilik dat âlder wurde betsjut dat je fan safolle minsken ôfskied nimme moatte.’’ Na enig nadenken: ,,Maar ik ben wel dankbaar hoor. Het is toch nog min of meer leuk.’’